Kollum wol Huntelaar haadpriis

17 des 2013 - 10:04
  • v.v. Kollum nimt it op tsjin OSC út Oosterhout

Fuotbalferiening Kollum is op dit stuit mei OSC út Oosterhout by Nijmegen yn de striid om de haadpriis fan 18.750 euro fan de Klaas-Jan Huntelaar Foundation. Acht fuotbalferienings dogge mei oan de wedstriid om de haadpriis binnen te heljen. v.v. Kollum en OSC ha oant no ta fierwei de measte stimmen. Der kin noch oant freed 12.00 oere stimd wurde.

Dat kin op www.klaasjanhuntelaarfoundation.nl/projecten. Kollum wol it jild brûke foar twa klaaiboksen foar de froulju en famkes. Fuotbalferiening Kollum ropt de Friezen op om op har te stimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)