Kollum: "Wjûlpsk"

02 feb 2016 - 08:27
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"As skriuwer rint men soms tsjin dingen oan. Dat kin in doar wêze (as men foar de needsaaklike ynspiraasje krekt in slokje tefolle hân hat), tsjin in muorre fan ûnbegryp (as men wat skreaun hat dêr’t de lêzers hielendal neat mei wurde kin), of tsjin in hiaat yn kennis oer in bepaald ûnderwerp.

Neist al dy dingen rint men soms ek tsjin de taal sels oan. Dat oerkaam my in dei as wat lyn. Ik wie dwaande in sitewaasje te beskriuwen dêr’t it wurd ‘wulps’ by fan tapassing wie. Wulps is ien fan de moaiere Hollânske wurden. No is dat net sa dreech, fansels, mei in taal dy’t klinkt as in guos dy’t fuorre wurdt om ta foie gras omtovere te wurden. Mar goed, wulps, dus.

It Frysk hat dêr nei myn betinken net in goed ekwifalint foar. It wurdboek hat it oer gleon, hjit en geil. Mar dat is it allegear net. De assosjaasje dy’t ik mei wulps ha is minder plat, mear fynsinnich, sa’t in facebookfreon terjochte nei foaren brocht. Dat plak, facebook, smiet trouwens in hiele protte suggestjes en ideeën op. Ik neam: sinlik, oepsk, golglei, deunsk, lustfol, kwier, rûzich, wrodzich, glandich, dertlik, tylsk en willich. Prachtige wurden, dy’t it allegear krekt net wiene.

It meast yngenieus wie in folslein nij wurd, betocht troch in ynwenner fan Feanwâlden, en dat wie ‘wjûlps’. Wjûlps klinkt ‘zwoel’. En zwoel is alwer sa’n wurd dat him net oersette lit. Broeierich, seit it wurdboek, en hoewol’t it yn de buert komt, is it it net. Ien konklúzje dy’t nei it foargeande as in peal boppe wetter stiet is dizze: de Fryske taal is net seksy. Blomryk en wielderich en muzikaal, ja, mar net seksy. En hoe soe dat no kinne?

Dy fraach waard beäntwurde troch in freon fan de Fryske Akademy. Neffens him komt dat om’t it Frysk fan in rjochtstaal nei in boeretaal gien is. Dat klinkt sa plausibel dat it wol wier wêze moat. It skreaune Frysk hat in boere-idioom. Dat ferklearret wêrom’t wy mei wulps net fierder komme as deunsk en tylsk. In ko is deunsk, in hûn, geit of knyn is tylsk. Fandêr dat it eigenaardich klinkt as men sizze soe: myn nije freondinne is deunsk, of ik bin fan ’e jûns sa tylsk as in knyn. It moaie is dat wy dêr allegear, alle dagen, oan wurkje kinne. Oan de taal, bedoel ik.

De taal is like libben as de minsken dy’t har brûke. Jo en ik dogge dat, en ek de Omrop dêr’t jim no nei harkje en jûn nei sjogge. Dat gegeven is op himsels al wjûlps, woe ’k mar sizze. En ek al wurdt der in protte lekskoaid oer it taalgebrûk by de Omrop, it belang fan in eigen stjoerder is net te ûnderskatten.

Oer de posysje fan Omrop Fryslân sil hjoed beslist wurde. De provinsje hat tasein om in substansjeel part fan de finânsearring foar de rekken te nimmen. Lit ús hoopje dat soks de trochslach jout, en de Omrop dus selsstannich bliuwe kin. Want lit de taal dan net seksy wêze, se is wol like ûnmisber as seks. En jildt dat ek net in bytsje foar de Omrop?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)