Kollum: "Wetter"

18 nov 2015 - 11:43
  • De Toan fan Eelke Lok

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Je kin guon gemeenten tsjintwurdich al appe, at je in fraach ha. Eartiids kuieren je efkes nei it gemeentehûs en seine dan: hee boargemaster, hoe krij je it yn ’e plasse om dy reed fan Goaitzen dy’t oan stront is no op kosten fan de gemeente op te knappen? Hy hat ommers sels alles stikken riden. Dêrnei dienen je dat yn in bryfke, mar dan krigen je in bryfke werom, dêr't yn stie dat se it bryfke ûntfongen hienen en dêrnei hearden je nea wer wat. Dêrnei waard it in tillefoantsje, mar dêr bin we ek mei ophâlden, ik tink dat ik noch wol op fyftjin plakken yn de wacht stean sûnt de tachtiger jierren fan de foarige ieu.

No is it dus in appke. Mar ús teksten bin noch presies gelyk. Dat ik kin no bygelyks appe nei de gemeente Achtkarspelen: hee boargemaster, is dat no opkomme foar jo befolking, dat jo fyftich euro per hûs ha wolle foar dat flutsje wetter wat út de kraan komt. En dan moat Gerbrandy dat útlizze, mar dan is hy wol fiif kertier oan it appen, want wy hâlde ús ek net stil. It is dochs te dwaas dat de Twadde Keamer net iens wit hoe’t se fiif miljard oer ús ferdiele moatte, mar dat se tagelyk wol beslute sille dat de gemeenten ek it drinkwetter as prekariorjocht opfiere meie. Prekariorjochten bin rioelheffings en sa. Mar jim hearden it goed, de gemeenten soene it dan dwaan meie at de Twadde Keamer it allegear goed fynt, mar it hoecht net. No wie’t mei de opsinten op de autobelêsting ek sa, jo mochten dat provinsiaal heffe. En dat dienen se echt allegear wol, al siet der wol ferskil yn de hichte. At ik myn auto yn Grins registrear betelje ik wat oars as hjirre. Rekkenje mar foar it oare dat de gemeenten dat wetter ek wol heffe sille. Acht gemeenten yn Fryslân stean al hongerich mei in ponkje klear. En dan komme de oaren ek wol, want hoe idioat soe it wêze dat ik yn Súdwest-Fryslân, want dat stiet der fansels ek by, fytfich euro betelje moatte soe, en yn Fryske Marren neat. Dan seit Fryske Marren echt wol guodlik, ach dan moat wy ek mar.

Oarsom wurket net. Mar Vitens, wat we eartiids yn dy tiid fan de persoanlike fraach oan de boargemaster noch de wetterlieding neamden, Vitens hat sein: lit it wetter no mar foar rekken foar de oerheid, dat is in sa essentieel nedich middel, dêr moat we gjin idioate hannel yn krije. Want ferjit net, Vitens soe eartiids ek oergean nei kommersieel of semikommersieel mar dat is doe net trochgien omt earst in pear gelearden en letter dus ek politisi seine dat moat mar net, want wetter is o sa essentieel yn en foar ús mienskip, dat moat yn oerheidshannen bliuwe. Dus eins seit Vitens no, jim ha ferdomme eartiids by ús de stekker der útlutsen om in kwak jild te fertsjinjen, dan no ek net mear. Want dan giet it jild nei in oerheid, de gemeente. En dy hannelet der dus mei. Jo it wetter, dan wy in nij gemeentehûs It is wol logysk dat dy gemeente seit dat jild wol ik wol ha, dat kin ik wol brûke,. Want earlik is earlik, de gemeenten ha saffole sinten ferlern, guon kin eins net iens mear bestean. Dy wolle noch wol efkes krekt as te dikke lju op wetter trochlibje. En dêrom seit de Twadde Keamer fansels ek dat dit wol goed is, want sûnder dat sy dat hoege te beteljen wurdt wat sy de gemeenten ôfnaam ha wer werom jûn. En dus sil Gerbrandy dan úteinlik tsjin my sizze: miskien hast wol gelyk, mar ik ha leaver sinten as gelyk.

De les dy’t we fannewike krigen by it krimpdebat fan de Ljouwerter Krante is miskien wol de wiiste. De oprop oan de gemeenten om fan ûnderen op wat te betinken tsjin de earmoed, tsjin krimp of tsjin wat dan ek, en net inkel mar de hân ophâlde. En hâld ris op sei senator Engels mei it oefenjen yn weryndielings, kostet inkel mar jild en amtners. Ik ha de app nûmers fan guon gemeenten al efkes oan him maild."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Eelke’s Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)