Kollum: Wêr is dat terras?

23 jan 2016 - 12:39
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oare bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side <a href="https://eelkesweblok.wordpress.com/" target="_blank">Eelke’s Weblok.</a></b>

"Potfisken en dolfinen spiele regelmjittich oan op de strannen fan de waadeilannen. Singeliere bisten bin dat. At wy in eilân sjogge dêr’t we net hinne wolle, (bygelyks sa’n eilân dêr’t de kommersjele omroppen fan dy filmkes meitsje mei idioate minsken dy’t twa stokjes tsjin elkoar wriuwe om fjoer te krijen, wylst de kameraman wol in oanstekker yn de bûse  hat om syn pilskes iepen te meitsjen), dan keare we om en swimme we gewoan de oare kant út. En dizze bisten swimme eigenwiis troch en komme op it sân telâne en dan binne je dus foar de jutters. Mar it jout wol oan dat dy strannen oantrekkelik binne. No ja, dan moatte we der in bytsje om tinke. Sju, eartiids wiene de waadeilannen fier foar op de rest fan it lân. Wy namen de boat nei It Amelân, diene de broek boppe de knibbels en strúnden efkes yn see om. Yn it tintsje oan de kant in beker ranja en dan sjouden we wer nei hûs. Mar dat tintsje stie der al. Yn in tiid dat de Hollânske en Fryske kusten noch beset wiene troch de fiskers. Dy dienen ien kear yn it jier de flagge yn de mêst en fierder ferkochten se foar in soad sinten hjerrinkjes oan ús, dy’t wy opfrieten op de pier fan Skeveningen en dan seine we: “We ha in dei oan see west”.

Mar de eilannen tochten hieltiid fierder en hiene al knappe akkommodaasjes stean, doe’t se op it fêste lân noch tochten fan kin soks ea wol út. Ja, it koe dik út. En as je wat by de tiid bleaun binne, dan kin it no noch út. Op de eilannen lieten se de eilannen de eilannen. Ik bedoel der is strân, dër kin je swimme, fiskje, surfe, kofjedrinke, mei jeeps omskuorre, rinne, je neaken sjen litte, jutte en wat al net. De hotels en akkommodaasjes stean wat efter de dunerige, net ien hat lêst fan Peal 8 of Westcord hotel Flylân, ek al binne it ûnhandige dingen yn it lânskip. No ja, it fêste lân hat ek wat op dy wize dwaande west. Mar ja no komme der hieltyd mear bylden fan Max Verstappen, dy’t rontsjes rydt lâns geweldich ymposante en dus lillike, mar wol effektive akkommodaasjes, dêr't it jild dat eins nei de belesting moatten hie dumpt wurdt. Ek ynvestearders yn Nederlân krije wer wat mear lucht it lêste jier en dy wolle no lâns ús kust ek ditsoarte dingen bouwe. Soks moat jild opsmite. Foarbyld, de bûlevaar by Vlissingen. Lillik, like goed toeristysk oantreklik. Dus tocht minister Schulz: bouwe mar jonges. Mar ik hearde lêsten in romtolooch dy’t sei dat dêrmei sels kultuer en byld fan Nederlân feroare wurdt, wy brûke it strân oars as yn de rest fan de wrâld.

Oerdreaun. Bouwe jonges. Tagelyk binne der op de eilannen, want dêr ha se fan âlds noch folle mear jild as op de fêste wâl, no ek fan dy lûden. Bouwe. Heech bouwe. Hoe heech? Heech. Te heech. Dat fynsto, mar ik net. Wat mei wol en wat mei net en wa bepaalt dat it âlde wat ferdwynt sa goed wie dat it net te ferfangen is. Ik wit net. En as we it net witte dan gean we nei de Twadde Keamer. Dêr sit Lutz Jacobi ek yn. Lutz is fan de Sosjalistyske Partij mar se sit yn de PvdA-fraksje, want doe’t Lutz oer de politiyk begûn nei te tinken wiene de sosjalistyske partijlju noch heale kommunisten. Lutz skreau fan 'e wike in moasje, neidat 100.000 lju al foto’s fan moai lânskiplik duneguod nei Twitter en Facebook stjoerden. Dus doe koe se wol efkes tsjin de VVD yn en dy wol de PvdA en Lutz net kwyt, dus foar de diskusje hie minister Schulz har al wer dellein by dat ynâlde gefoel dat we der net oankomme moatte. Dat betsjut dat ik myn fantasij feroarje moat. Dy wie op in geweldich moai terras sitte, yn it sintsje ûnder in parasoltsje, heal oer de see hinne op Skylge en dan bringt sa’n moai frommiske my in iiskâld pilske. Yn stee derfan hat Lutz besluten dat ik wer oeren troch dat stomme sân wâldzje moat."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)