Kollum: "Waad"

16 apr 2016 - 09:17
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Fryslân bestiet yn de marketing út trije parten. Fryslân, it Waad en Kulturele Haadstêd. Dat lêste begripe we pas yn 2018. Fryslân kinne wy wol, neat oars as wettersport. En it Waad kinne we ek wol, mar dat is yn beweging. De lêste twa wiken kamen 17 kopkes yn de appkes:

By peal 22 op Skylge ha se in âlde myn fûn. In echte, se ha him by Flylân loslitten en doe wie ’t boem. Wat frjemd dat se de rotsoai fan de oarloch dêr net oprêden ha. Rotsoai bliuwt der likegoed. It Wereld Natuurfonds hat teminsten sein dat gasboarringen in bende fan it Waad meitsje sille. Rapporten bewize dat de stive grûn fan Twellingea yn beweging komt as se dêr oan it gasboarjen gean. No dan ferskoot it hiele Waad aanst wis. Dan bliuw je oan it prutsen. Bygelyks, it eilantsje Gryn bestiet aanst net mear, it sakket fuort. Mar no komt Gryn op in postsegel en hoewol't der nimmen mear postsegels plakt, kin je Gryn net mear fuortdonderje. It wurdt dus wer ophege. De minske makket de nije natuer fan it Waad.

Hinderet neat. Toeristen sjogge wy ommers amper op it Waad, dy wolle sa gau mooglik nei de eilannen. Dêr bliuwt alles gelyk. In âlde fize walfiskkaak waard skjinmakke en wer nei Skier werom brocht. Op It Amelân woene ynvestearders oan de slach, mar de ried wol gjin nije húskes en strânkroegen. It strân is foar lizzende Dútsers, mar sels dy binne aanst wol útlein. En wolle wolris wat oars. De oerheid net. Dus minister Blok ek net.

Wy sitte yn oer hege grûnprizen op Skylge, mar Blok tinkt dat elkenien foldwaande jild hat. En de rinte is dochs leech? Op Skylge feroaret dus ek neat. En as der wat feroaret doocht it net. Hûnen moat oan de line, mar as je dat op Flylân dogge krije je in kopke kofje. Skier krijt trochstreamwenten, meie je twa jier yn wenje as je dêr in wenning sykje. Mar dy binne dêr te djoer, dus kin je trochstream wer skrasse. Se begjinne no ek al te âldehoeren oer it nachts mei flugge taksyboatsjes lju nei de wâl en nei de eilannen te bringen. Dat moat ophâlde. Sadat aanst inkeld, tink ik, hiele rike lju noch snel ferfierd wurde meie yn it tsjuster. Nei Panama.

Der feroaret dus neat op de eilannen. Dus nimt de fêste Fryske wâl it logo fan de Wadden oer. De brune float hat syn floatdagen yn Harns alwer hân. En as se dêr dan roppe dat de Willemshaven dêr wer better iepen moat, krije se samar gelyk. De hiele fêste wâl profitearret dat se oan it Waad lizze. Je kinne no al Waadkuiers meitsje en dan hoech je net fierder as Peazens, Holwert, Ie en Moddergat. Watte, sels by it waadrinnen hoech je net mear oant de nekke ta yn de Waadsee om te blabberjen. By Holwert kinne je no waadrinne by de fêste wâl.

Wol de Fryske marketing elk noch wol nei de eilannen ha? Ik betwivelje dat. De Ofslútdykgoarre is no sels al yn it Sineesk oerset, want Sinezen moatte nei de Ofslútdyk. Bygelyks nei it Kazemattemuseum. Dêr binne de oarlochbunkers wer opboud. Mei 3 miljoen oan subsydzje. Ut it Waadfûns. No ja, Skier hat der ek wer ien krigen, dy moatte har Dútske ôfkomst fansels ek efkes sjen litte. It Waadfûns is der aanst ek foar in nije farrûte nei It Amelân. Want dat is inkeld noch it hiele Waadgedoch, lju nei de eilannen bringe. Rederij Doeksen wol nije fearboaten ha. Foar 600 passazjiers en 64 auto's, kosten: goed 4 miljoen. En wat krije sy dan: 1,2 miljoen subsydzje út it Waadfûns.

Sil ik jim noch wat idioaters fertelle? Mei de ypsykte binne der nije ipen plante, rûnom yn de provinsje. As ik no in yp ha wol, krij ’k him fergees. Soks wurdt ek betelle út it Waadfûns, al wenje dy yp en ik echt net yn it Waadgebiet. Se witte dus net mear wêr’t se mei it Waadfûnsjild hinne moatte. Lis alles ris op in rychje, betink in nij Waadbelied. Jou dêr it Waadfûnsjild oan. Je hingje Waadjild dochs net oan de beammen?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)