Kollum: "Wa wol myn aaistokken?"

26 okt 2015 - 08:33
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"Ja of nee? Ha jo ‘m al beäntwurde? De fraach oft jo donor wurde wolle? Dizze moanne waard der wer in grutte aksje holden foar nije donoaren. De Nederlandse Transplantatie Stichting wie bliid mei it resultaat, want mar leafst 24-tûzen minsken melden har oan as nije donor. Oan de oare kant, 24-tûzen op de 16 miljoen minsken, sa folle binne dat der eins ek wer net.

Doe’t ik 18 jier waard, bin ik ek fuort donor wurden. Gewoan omdat ik fyn dat soks sa heart. Ik pas goed op mysels, smook net, drink net al te folle, dus neffens my binne myn organen fan prima kwaliteit. Ik ha in pear skjinne lonkjes, in lever dy’t allinnich op tiisdeitejûn oeroeren draait, mar fierder hat alles yn my wol in chill libben. Mei oare wurden: prima foar recycling.

Elkenien docht tsjintwurdich oan recycljen. Glês smite wy kreas yn de glêsbak, it âld papier wurdt skieden en yn Smellingerlân dogge wy sels braaf it plestik in yn aparte pûde. Mar as it dan om ús eigen organen giet, dan binne in soad minsken dochs ynienen wat skiteriger. En dat is dochs eins nuver.

Sis no sels, as jo by de garaazje steane mei in stikkene útlaat en de monteur hat tafallich noch in twaddehânske lizzen, dan sizze jo gjin nee. Sterker noch, dat skeelt wer yn ‘e beurs, dus wa soe sa gek wêze en bestel in nijen ien? Mar as wy it oer ús eigen longen of lever ha, dan sjogge wy dêr krekt wat oars tsjinoan. Wylst it eins om itselde giet. Ja dochs?

Fan my meie se dêrom alles wol brûke. Mar, no komt it. Der binne ek in oantal organen dy’t mar beheind hâldber binne. Myn eierstokken bygelyks, of aaistokken, sa’t se sa moai yn it Frysk hjitte. Dy bliuwe goed oant ik in jier as 40 bin en dêrnei takelet it boeltsje dêr binnen stadichoan ôf. No bin ik der wis fan dat ik sels gjin bern hoech, dus yn prinsipe binne myn aaistokken oer. Dy dingen sitte by my mar wat om te dangeljen, soarchje alle moannen wer foar in soad gesoademiter, wylst ik der neat mei doch. Dus ik sis: hupsakee, der út dy hannel. Skeelt my in bulte ellinde en wa wit hat in oar der noch wat wille fan.

Mar fuort jaan no’t myn stokken noch goed binne, dat mei net. Dat hiet orgaanhannel en dat is strang ferbean. Wannear'tst jild foar dyn organen krigest, bist yllegaal dwaande. Mar ruilje, soe miskien wol kinne. Dêrom pleitsje ik foar in legale marktplaats yn organen. Ruilhannel om samar te sizzen. Ik bin der wis fan dat elk wol wat hat dat er ruilje wol. Ik soe nammentlik hiel graach yn ruil foar myn stokken in prachtich bosk mei brune krollen ha wolle.

Yn plak fan mei dit suterige prûkje wyt hûnehier, draaf ik dan ynkoarten om mei fan dy swierige Schwarzkopf-lokken. By elke stap dy’t ik nim, golvet it hier my op ‘e holle. Elkenien dy’t ik tsjinkom ropt: “Hé Nynke, je haar danst!” En ik laitsje allinnich mar sa’t se dat yn de reklame ek dogge, mei myn nije wite blinkende tosken dy’t ik ek besteld ha op de organenmarktplaats.

Men oh men, wat in hearlike wrâld soe dat wêze kinne. Mochten se dêr yn Den Haach nei dit pleit beslute de wet oan te passen, dan set ik hjoed noch myn aaistokken op marktplaats. Ik ha de tekst al klear. “Aangeboden: één paar Friese eierstokken.” En dan, gewoan omdat ik sa fan flauwe, skunnige grapkes hâld, de sin: “Zo goed als nieuw. Ze zitten nog in de doos.”

Noflike moandei!"

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nlTiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)