Kollum: Virginia, teletubbielân

31 mrt 2016 - 08:28
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Fierder skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels.

Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Amearika is it lân fan utersten. Yn de Volkskrant fan ôfrûne sneon stie dêr wer in moai foarbyld fan. Blake Murphy is ien fan de ynwenners fan de grutske naasje de United States of America. Hy wie yn 2012 learling yn de heechste klasse fan in middelbere skoalle yn it plak Fairfax, dat yn de steat Virginia leit. In steat dêr’t de slavernij yn de tabaks- en katoenproduksje frijwat gewoan wie. Us Blake moast foar skoalle boeken lêze, sa as de bern dat hjir ek dogge. Lezen voor de lijst, ek foar it Frysk bestiet dat fenomeen.

Blake, de held út dizze kollum, keas it boek Beloved, dat yn 1987 troch Toni Morrison skreaun is. En dat hie Blake better net dwaan kinnen. Beloved beskriuwt nammentlik de wrede skiednis en it libbensferhaal fan in slavinne, dy’t op de flecht sloech en werom helle waard. Dy frou fermoarde har eigen bern om te foarkommen dat dy ek as slaaf harren libben slite moasten. Boppedat sit der in ferkrêftingssêne yn it boek en ek gewoane seks komt der yn foar, as der al sokssawat as gewoane seks is teminsten. In boek dat yn in steat as Virginia omearme wurde moatte soe as in pynlik weromsjen op in stikje skiednis fan de mienskip dêr. Mienskip... hmmm...

Blake koe der net fan sliepe, it boek soarge foar sliepeleaze nachten en dat fertelde er oan syn mem, Laura Murphy. Dat is it prototype fan de typyske bewuste mem, dy’t oeral doel oer hat, alles wit en dit op in tige rêstige en sadanich twingende wize bringe kin dat je der horendol en freeslik agressyf fan wurde, en sels dan bliuwt Laura ûnfersteurber har eigen eintsje fan it gelyk fêsthâlden. It kwealike oan âlders sa as Laura Murphy is dat se harren eigen gelyk sa bot fêsthâlde dat se sels begjinne te leauwen yn harren eigen kolder. En noch slimmer is, dat se ek noch folgers krije.

Mem Laura fûn dat har teare soantsje tsjin soksoarte literatuer beskerme wurde moast. De bern hoege net te witten dat der slimme dingen barre, dat der dea, kwea en mear aaklike saken yn de wrâld binne. Dat gedrach komt hjir ek foar. Bern sa beskerme opfiede dat as se einliks op eigen fuotten komme te stean, se dêr hielendal net klear foar binne omdat se net witte wat der te keap is en dus gierend út de bocht fleane. Dat ferjitte memmen as Laura foar it gemak. Want se fine dat sy gelyk ha. Laura is in fêsthâldend puriteinsk typke. Dat docht wol bliken út it feit dat yn de steat Virginia sûnt koart in wet op priemmen stiet dy’t âlders it rjocht jout om sensuer yn de Lezen voor de lijst oan te bringen. Dit, nettsjinsteande it feit dat de skoalle fan Blake him der bot tsjin fersetten hat.

‘Het lezen van boeken die ons, fictief en veilig, blootstellen aan ellende, hardt onze ziel en helpt ons door moelijke tijden en leidt tot meer empathie voor het worstelen van onze medemens,’ wie it argumint fan de skoalle om de idioate plannen fan supermem Laura Murphy op te kearen. Folslein terjochte fansels, dit argumint. Hoe mear je bern leare oer wat se letter tsjinkomme kinne, des te better kinne se harren der op tariede. En mei de hjoeddeistige mobile apparaten wit ien fan tolve echt wol dat de bern net ûnder in hunebêd weikomme. De ferstikkende puriteinske moraal fan frou Murphy is sa wiid ferspraat, dat allinnich de gûverneur fan de steat Virginia, Terry McAuliffe hjit de bêste man, de wet noch mei in feto keare kin. Litte wy hoopje dat hy wol syn ferstân brûkt, mar ik ha der in hurde holle yn. De wet fan Murphy seit it al, If there’s any way they can do it wrong, they will. As der ek mar ien wize is wêrop’t se it ferkeard dwaan kinne, sille se dat dwaan. Virginia wurdt in teletubbielân, mei griene gersfjilden en gjin kwea. Mei tank oan Laura Murphy. De überteletubbie."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)