Kollum: "Unwennich"

18 sep 2015 - 09:05
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, sjoernaliste en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn Fryslân, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer fan alles en noch wat: oer superfoods, har lytse poppe, har iPhone en in grut ferskaat oan oare ûnderwerpen.

Unwennich

"Ik sit op dit momint yn in hotel. Yn it Lloyd hotel yn Amsterdam. It wie ea it measte lúkse lânferhuzershotel fan Europa. Scheepvaartmaatschappij Koninklijke Hollandsche Lloyd boude it hotel yn 1918 oan de IJ-wâl, dêr't de grutte emigraasjeskippen fuort farden. Yn it hotel koene 900 lânferhuzers sliepe. Tusken 1921 en 1936 emigrearren tûzenen minsken nei Súd-Amearika, ek Friezen.

De lânferhuzers kamen oan yn it karantênegebou, dat neist it hotel stie. Dêr krigen se dan in medyske keuring en mochten se ûnder de dûs. Dêrnei sliepten de emigranten in pear dagen yn it Lloyd hotel foardat se de grutte reis makken. It gebou hat letter tsjinne as flechtlinge-opfang, finzenis en keunstnersromte.

En no is it dus wer in hotel. Ik sliep der al de hiele wike. Net omdat ik fuort bin by myn feint of sa, of omdat ik efkes 'me time' ha moat, nee. Ik doch mei oan in ekspedysje. De Expeditie Bladenmaken. It binne in soart fan super-masterclasses oer de tydskriftesjoernalistyk.

Ik ha dizze wike útjouwers praten heard, haadredakteuren fan glossy's en manljusblêden, de kommersjele topfrou fan de Libelle en dat soart minsken. Nei alle lêzingen, moasten wy as kursisten sels oan de bak: wurkje oan ús eigen tydskrift. Fan 'e middei moatte we ús blêd presintearje foar in profesjonele sjuery.

Us blêd, it is eins noch geheim, mar ik doar it wol oan jim te fertellen, hjit 'Adam'. It is in blêd fan froulju, foar froulju, oer manlju. Want wy reitsje net útpraat oer jim mannen. Wy wolle jim noch altiten graach goed begripe, mar snappe bytiden gjin snars fan jim mannen.

Ik ha ûndertusken ek al fantasearre oer in Fryske glossy. In moai blêd mei ynterviews, foto's, reportaazjes. Allegear oer en yn Fryslân. Miskien moat it de 'Doutzen' hjitte.

Mar goed. It programma siet dizze wike knoertfol. We begûnen moarns om 09:00 earne op in lokaasje yn Amsterdan en einigen elke jûn om alve of tolve oere. Juster wie it sels ien oere nachts foardat ik nei myn keamer gong.

Dat klinkt dreech mar it hat ien foardiel. Ik hie gjin tiid om myn lytse famke te missen. Dat ha ik fansels wol freeslik dien, dat ik tel de oeren ôf. Se is no sân moanne en ik ha noch gjin nacht sûnder har west. En no bin ik dat ynienen in hiele wike. Dat wie best wol efkes muoilik. Ik ha der tink ik mear lêst fan as sy dat ik fuort bin.

Mar goed, dêr lei ik dan yn it hotel, neist in wyldfrjemd famke, want ik diel de hotelkeamer, te tinken oan thús.

Wat ik grappich fyn en wat my wol faker opfallen is: as je út je 'comfortzone' binne omdat je in bytsje ûnwennich binne bygelyks, is it moai om eat eigens om je hinne te hawwen. En dus sykje minsken faak oare minsken op dy't út deselde regio komme. Ik ek. De minsken dêr't ik it meast mei omgean dizze wike, komme hast allegear út it Noarden. It is ien mei in Fryske mem, ien mei in Fryske pake en beppe en in pear froulju út Grins.

En ik ûntduts in Frysk tintsje hjir yn it hotel. Ik seach eat fan wol sitten op de dingen dy't foar de ruten hingje. 'Shutters' hjitte dat. Ik werkende it wurk fan Claudy Jongstra. De tekstylkeunstneres út Spannum. Se hat in keppel skiep en fan de wol fan it skiep makket se filt en dêr makket se keunstwurken mei. Har wurk hinget yn musea yn New York, Londen en hjir yn it Stedelijk Museum yn Amsterdam.

Moai dat ik it seach. Want it wie krekt op it momint dat ik echt ûnwennich waard. En keunst jout treast. En as it dan ek noch keunst is út Fryslân, is it hielendal geweldich. Bin ik dochs noch in bytsje thús."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)