Kollum: "Unfatsoenlike taal"

01 mrt 2016 - 08:34
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Der binne tiden dat de taal jin om de earen fljocht. No docht it dat altyd as minsken mei-inoar kommunisearje, mar foarige wike wie it echt fan batsum. It begûn mei de besite fan sjoernalist Patrick Cox oan Fryslân. Dy makket foar BBC America reportaazjes oer lytse en minderheidstalen, en no wie it Frysk oan ’e beurt. De man wie hartstikke entûsjast, fernuvere him oer it fenomeen trijetalige skoallen, en wie slim ûnder de yndruk fan hoe’t der yn it algemien mei de taal omgien waard. Om fan in bûtensteander te hearren hoe belangryk en weardefol sa’n lytsere taal is, docht jin goed.

It befêstiget it idee dat ús ynspannings de muoite wurdich binne, en net allinne út nostalgysk eachpunt. Ik ha him trouwens mar net fertelt dat it iepenloftspul oer Grutte Pier yn it Hollânsk spile wurdt. De regisseur fan Grutte Pier –een klassieke Friese tragedie, sa’t it omskreaun wurdt- hat it oer: ‘Nederlands, doorspekt met een paar Friese woorden.’ Om te besluten mei: ‘who cares?’ No ja, ik, dus. Men kin der allegear teoryen op loslitte, mar dat binne ferlechjes om mar net sizze te moatten dat it in gotspe is, fan in bespotlikens dy’t sa oan de protters raast dat dy der dôf fan wurde. It wurd ‘tragedy’ is hjir mei rjocht en reden fan tapassing.

Fuortdêrnei kaam it berjocht dat âlderen Frysk prate wolle mei jonge fersoargers. Frou Grytsje Bouma, 82 jier, út de Westereen, sei dat se it hiel belangryk fûn dat dy har goed ferstean, omdat se har it bêst yn it Frysk uteret. Se fynt it ferfelend dat jonge fersoargers Hollânsk prate, want se wol graach dat dy har goed begripe. Ferskillende Fryske MBU-ynstellings spylje ûndertusken yn op dy fraach. Se biede mear Frysk oan foar opliedings dy’t dêr in soad mei te krijen ha. Sa stiet fan septimber ôf by Soarch en Wolwêzen it karfak Frysk op de list. En krekt dat, it feit dat it in karfak is, smiet diskusje op. Der wie in kategory dy’t der foar pleite om it ferplicht te stellen. In oare kategory fûn dat drammerich en sjauvinistysk. En, sa’t it faak giet yn sokke diskusjes, op in stuit kaam de ‘fatsoenskwestje’ oan de oarder.

Tsjinstanners fan de Fryske taal fine it ûnfatsoenlik om it Frysk bûten de eigen húskeamer te brûken. Hja sizze dat wy yn Nederlân libje, en dus Nederlânsk prate moatte. It hat derfan dat fatsoen dus keppele wurdt oan de grutte en de dominânsje fan in taal. Hoe lytser de taal, hoe minder as men dy brûke mei omdat soks ûnfatsoenlik is. Opfallend yn dy hiele diskusje wie dat de foarstanners mei echte arguminten kamen en dy beskaafd oer it fuotljocht brochten, dêr’t de tsjinstanners al rillegau op de man of frou begûnen te spyljen, alles mei de gek besloegen en it op skellerij útrinne lieten. Dat binne dingen dy’t Patrick Cox fan de BBC net meikrigen hat. It hie oars ynteressant west om te hearren wat hy dêrfan fûn hie. Wa en wat fatsoenlik is, en wat krekt kulturele rykdom."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)