Kollum: "Undersyk"

13 feb 2016 - 11:09
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"De gemeente Súdwest-Fryslân wol mear romte foar bedriuwen ha. Se hiene earst wat yn Ysbrechtum ornearre, mar dat ferklearre de oarloch. No ûndersykje se Hemmen III, tichtby besteande yndustry en moai by de A7. Yn de tiid dat der oer Ysbrechtum oardiele waard, sei men: mar we ha dochs ek yn plakken as Boalsert, Warkum, Heech en sa noch romte genôch. Mar de bedriuwen wolle nei Snits. Seit it gemeentebestjoer. Dat kin bêst sa wêze, mar der is ek wolris ien dy’t seit: as ik no op Hemmen sit of yn Boalsert dat makket my neat út. We hearre dy ûndernimmers net. We witte net oft de wierheid sprutsen wurdt. We twivelje, want earlik, de oerheid is soms net te betrouwen.

Krekt as de baarlike nonsens dat de provinsje útlizze moatte soe oan de bewenners fan Ljouwert-Súd hoe’t it sit mei dy Drachtster brêge. Bêst, mar ik wit it ek net. Net ien wit it. Ik ha in pear wike lyn foarsein dat provinsje en bouwer spul krije soene, dat ha se dan no. Mar hoe as wat, wa’t wat wol en wa net, dat hearre we net. Al hielendal net fan in provinsjaal bestjoer dat alles sa stikum mooglik dwaan wol. Dat sis ík net, dat seit de provinsjale polityk sels. Dy’t foar it oare yn it ferhef komt. Dy’t in dizinige ekonomyske nota ûnderút skopt, omdat der neat yn stiet. Dy’t net mear yn dy efterkeammerkes komme wol. Prima. Mar as ik dan lês dat GrienLinks leaver net wol dat der konkurrinsje is yn bedriuweterreinen tusken Ljouwert, It Hearrenfean, Snits en Drachten, dat se derby trouwens net iens sjogge nei hoefolle skea dy gemeenten harren eigen lytsere plakken oandogge, mar dat se dan earst freegje om ûndersyk. Flauwekul. 

De gemeenten sizze aanst dat it net sa is, dat skriuwe guon minsken op foar in soad jild, dan binne we in jier fierder en GrienLinks is wer tefreden. En dan hat de provinsje itselde andert dus op de fragen fan GrienLinks. Oer de ôffalûne yn Harns. It is krekt as by in kearnsintrale. As dy komt binne de minsken yn dat gebiet ûngerêst. Dat blykt faak net terjochte. Mar somtiden ek wol, Tsjernobyl, Fukushima. Se hiene yn Harns yn oktober in misser. Mar it REC mei 60 stoaringsoeren ha. As jimme it dêr net mei iens binne, moatte jimme de gemeente, provinsje en it ryk op de donder jaan. Want dy bin dêr mei akkoart gien. Mar goed, stoaring, we bin dus ûngerêst, al hielendal as de húsdokters har der mei bemuoie en ynienen sizze dat de befolking fan Harns al lang in gasmasker ha moatten hie. No dat hiene se ek wol efkes earder sizze kinnen. Boppedat seit Omrin no ynienen, wêrom komme de dokters net efkes lâns. No Omrin, it PR-belied fan Omrin wie om soks altyd sa fier mooglik fuort te hâlden. En dat makket minsken sa erchtinkend dat se no raze om gasmaskers. Mar goed, GrienLinks skoddet fansels ek provinsjaal oan dy beam.

En wat docht de provinsje no? O geweldich. Dy lit in ûndersyk ynstelle. Hoefolle ûndersiken ha we dêr no al net hân. Boppedat wit jimme wa’t dit docht? In Jörn Wandschneider. Ut Hamburg. Hy is in ynternasjonaal erkend ôffalûnesaakkundige. Djoer betelle. Mar as ik rapporten fan him lês oer oare ûnes, dan hat hy nearne roppen fan 'gasmaskers op' en binne dy ûnen allegear noch oan it draaien.

En it is moai dat de oandielhâlders, de oare gemeenten, no ek begjinne te wrotten, en o wûnder in oandielhâldersgearkomste fan april nei nije wike ferskood ha. Mar no pas lûdop fraachtekens ha is fiersten- en fierstente let. Ik bedoel: dan liket it o sa demokratysk dat de provinsje in ûndersyk dwaan lit, mar as de útkomst al fantefoaren fêststiet, omdat de provinsje dêr belang by hat, want je wolle net in twadde Harns sykje moatte en gjin jild fergrieme, dan is sa’n ûndersyk franje. Ik wit net dat soks sa is, kin it nea bewize, mar as je hieltyd nei alles sjogge, ûndersykje hjirre en ûndersykje dêr en hieltyd kriget de oerheid wer syn sin, ja dan bliuwt der wat by je kribeljen. Dokter moat der mar ris in ûndersyk nei dwaan."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)