Kollum: "Undernimmers ûndernimme"

03 feb 2016 - 09:31
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok. 

"92 fan de 102 winkellju yn Drachten wolle ek wol op snein iepen. Dat wie in tal jierren noch wol oars. Der is dus wat feroare yn Drachten. Mar miskien kin je ek gewoan sizze dat se der no mei syn allen ta kaam binne om it sintrum fan Drachten wat mear leefberens te jaan. Miskien ek wol troch de need twongen. It sil trouwens noch wol swier wurde hear, want it kolleezjeprogramma fan de gemeente seit yn dizze fjouwer jier gjin keapsnein te wollen. Ja, se woene frou Kranz fan de ChristenUnie der fanwegen de stimmen wol graach yn ha en hiene net yn ‘e gaten dat as ûndernimmers einlik in kear yngreven mei mekoar prate dat der dan samar in oar stânpunt út rûgelje kin. No ja, SP wethâlder Jos van der Horst sit al wer op de wip.

Fan 'e wike kamen de ûndernimmers fan Noardeast-Fryslân yn in kongres bymekoar. Yn Burdaard. Dy ha al in lekkere federaasje, de ONOF, ondernemers Noord Oost Fryslân. De sintrale as bynt harren, ik seach der sels Harkemasters. Mar alle boargemasters wiene der ek. Want as je wat dwaan wolle tsjin de krimp dan sil je it mei syn allen dwaan moatte. Der is reeëns foar yn dat gebiet, mar der is noch gjin echt oanfalsplan. Wa lûkt de karre, da’s de fraach. 

Sa binne no lang om let ek de ûndernimmers yn it súdwesten fan Fryslân bymekoar kaam. Watte, it is de earste kear dat Marrelân en Súdwest-Fryslân foarsichtich wat oan mekoar sitte. De ûndernimmers ha dêr no mei syn allen begrepen dat it gebiet fan de beide Fryske gemeenten de úteinlike súdwesthoeke fan Fryslân is. Je kin dochs aanst moai én op De Lemmer én yn Makkum nei wyld draaiende wynmûnen sjen (wat ha dy fan 'e wike wat opbrocht).

Ik bedoel it is in gebiet mei in eigen mienskiplike útstrieling. Dus klapten de beide gemeenten elk 150.000 euro op it kleed, kaam der fan de provinsje ek nochris 40.000 en hupsakee, dêr wie it toeristysk hûs fan de beide Súdwesthoekegemeenten. De ûndernimmers stappe der yn fia de belangeferiening foar rekreaasje en toerisme fan De Fryske Marren en de wurkgroep frije tiid van de ûndernimmersfederaasje Súdwest-Fryslân. Ik hie noch nea fan dy ynstellingen heard, mar se wiene al jierren oan it wrotten om der in bytsje in line yn te krijen.

No hoopje ik dat elkenien begrypt wat se wolle. Want as foarsitter Hakbijl fan dy belangeferiening seit dat it giet om “het bouwen van een entrepeneursnetwerk voor de sector” dan wurd ik der net echt lokkich fan. Barber de Vries fan de werkgroep seit dat besteande organisaasjes ynpast wurde moatte. Dat is dus noch net bard. Dan wit je al dat ek dit in soad swierrichheden mei him mei bringt.

Want wat dogge we no mei dy VVV’s, dy’t krekt yn de súdwesthoeke noch folop libje hjir en dêr, ôfhinklik fan de ynset fan, krekt, de ûndernimmers yn sa’n regio. En wat frjemd dat in gemeentebestjoer fan Súdwest-Fryslân, dat it VVV yn Snits oerbringt nei it Skipfeartmuseum om't it gjin plak en sinten mear hie, dat se dan tagelyk 150.000 euro útjouwe foar oaren dy’t itselde wurk dogge. En nee, dy VVV’s ha we noch net heard, dat komt noch.

Mar as je in hûs ha, wol je ek in húsmerk ha, en dus kaam de provinsje in dei letter mei de beneaming fan Martin Cnossen as baas fan Merk Fryslân. Hy komt fan de mienskiplike doarpsbelangen yn Fryslân, dat is net mear in âldehoerstasjon, nee echt in non profit organisaasje dy’t projekten op it mêd fan leefberens, toerisme en ekonomy entamearret, begeliedt en organisearret. Hy giet no dus nei Merk Fryslân, dat him dwaande hâld mei strategy en realisaasje fan de doelstelings op it mêd fan marketing, sûne bedriuwsfiering, netwurk en stakeholders. Mar it moat fansels benammen yn 2018 hjir genôch lju hinne helje. Fryslân is moai, "houen zo".

Mar it is jim wol dúdlik. Allegearre prachtige wurden. Mar net ien wit wat de oar allegearre docht. Undernimmers yn Fryslân fine hiel linkendewei út dat je inkeld troch gear te wurkjen en te fertellen hoe’t je it mei syn allen ha wolle, dúdlikheid krije yn de bedriuwsfiering fan al dy ynstellingen. Want it is dochs de bedoeling dat it jild wat der yn soksoarte dingen stoppe wurdt ek wat opsmyt?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)