Kollum: "Trochleare"

26 aug 2015 - 08:45
  • De Toan fan Eelke Lok

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurket al jierren foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio. Op dit stuit presintearret hy op televyzje it programma ‘Gewest Fryslân’. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Ik wie in bytsje mislik fan de reaksjes op de gedachte fan de deputearre des heitelâns Sander de Rouwe, dat der miskien dochs mar ynset wurde moat op in universiteit yn Fryslân. De hiele Fryske befolking, stiif fan de ûnderwiisdrang, wie yn jannewaris goudgelokkich mei de ynset fan it foarige kolleezje fan deputearre steaten om te kommen ta it wer opsetten fan in universiteit. Dy wie yn 1843 ferdwûn yn Frjentsjer, en dat hat ús altyd min smakke, it wie wittenskiplik in heechsteande universiteit benammen yn de 17e ieu. Dat woenen we wol wer.

Dêr ha we no sa’n tritich, fjirtich jier inkel mar mei langstme oer praat, mar eardere deputearre Jannewietske hat wat dien. Se beneamde de bestjoerskundige Jouke de Vries as baas, se sei in kwak jild ta en se frege oan de universiteit fan Grins kin we jim alfde fakulteit hjir net yn Fryslân krije. No, Grinzer wittenskippers bin krekt wat wizer as gewoane Grinzers. Dy sizze “wij redd’n wel met alles”, de wittenskippers seine ja Jannewietske. Doe’t it jild op tafel lei, it bliuwe Grinzers.

Fryslân krige lykwols in nij grien/blauw kolleezje en de nije deputearre Sander de Rouwe woe de PvdA noch djipper de grûn yntraapje en sei “we moat earst marris sjen at dat allegear wol kin”. Hy beneamde de âld Fries Gerrit de Jong as ûndersiker, dan wienen we wer trije jier fierder. Mar doe bin der al wat lju stean gien. En dy wienen net read mar hâlde wol fan in universiteit. Ik ha’t mist, mar Sander de Rouwe sil wol wat preuvele ha, sa fan we moat der dochs daliks mar mei los. En doe kamen de reaksjes, benammen út de PvdA hoeke en dy wiene allegear sa fan “no we binne bliid dat De Rouwe op de ynsleine wei trochgiet, wat leaf”. Net ien wie sarkastysk. En dat hienen se wol wêze moatten. De man dy’t de mienskip yn Fryslân foar de gek hâlde mei syn smile wertroch hy net útsprekke koe dat hy ivich de hân op’e ponge hâlde sil, dy man dy’t dus echt begrypt hoe’t de publike miening is, dat dy net yn ’e gaten hie dat er mei it ôfblazen fan de universiteit krekt de ferkearde kant útgie.

No ha ik noait nei in universiteit west, mar ik bin wol sa wiis dat je dan de skouders mar ophelje moatte en sizze, ach dan giet it dus goed, Jouke is der en kin oan de slach. Mar der siet my dochs wat dwers. En wol mear lju tink ik.
Lokkich hat Sander de Rouwe as útgongspunt dat er yn it mulpunt fan de belangstelling stean moat, dus wy bliuwe allegeduerigen fan him hearren. Hy sei bygelyks de direkteuren fan Alliander it mannewaar op. Dy fertsjinje tefolle. Alliander? Ja dat bin dy lju dy’t de buiskes en triedsjes oanlizze foar enerzjy of sa, wit ik it. Je witte net iens dat se de âlde PEB hielendal útelkoar skuord ha om der safolle mooglik direkteuren oan fertsjinje te litten dat jim stroom keapje. No ja, dy lju fertsjinje dus tefolle en dat mei net seit Sander. Semyoerheid. Prima, al is it parseberjocht wol sa opsteld, dat Fryslân Alliander de wacht oanseit. Fryslân? Sander dochs allinnich, wy ha neat sein. Aanst bin wy de stroom kwyt as dy lju lulk wurde. Dat bin se al. Se ha sein dat se út konkurrinsjeoerwagings tefolle fertsjinje, oars kin se gjin goede direkteuren mear krije. Dy gean dan allegear nei konkurrinten dy’t wol alles betelje meie en dan komme jim allegear yn Ljouwert telâne want dêr wie ek al gjin stroom fan 'e wike.

Mar it wie noch net dien. Sander tocht dêrnei no kin ik moai profyt lûke fan dat universiteitsferhaal en fertelde dat hy prate sil mei NHL en Stenden oer dat universitêre ferhaal. We hiene allegear gjin erch. Moai toch? Dy man praat der sels al oer. En twa wike lyn woe hy der noch neat fan witte, en no….prima. Oant ik in twitterke seach. Mei de fraach “wêrom praat Sander de Rouwe oer de universiteit wol mei NHL en Stenden en net mei Wetsus en Van Hall Larenstein”. Ja safier hat Sander no ek wer net trochleard."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Eelke’s Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)