Kollum: "Tinderje, blinder"

21 aug 2015 - 09:27
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert.

"Nei links. Nei links. No foarút. Nei rjochts. Mwoah, noch mar in kear nei links...

As ik no frijgesel wêze soe, dan soe ik seker en fêst alle datingapps op myn tillefoan hawwe. Lykas Tinder. En my hielendal 'leip' swipe.
By Tinder moatte je mei de smartphone nei links swipe - feie - as der in foto yn byld komt fan ien dy't je net befalt.

Nei rjochts feie is sis mar 'leuk. En as dejinge op 'e foto dan ek op rjochts klikt hat, dan kinne je mei mekoar chatte. En miskien rint it dan út op in ôfspraakje. Hartstikkene maklik!

Ik wit it fansels net presys. Ik haw gjin Tinder want ik bin al 174 jier beset. Mar ik lês der wolris wat oer no. Dus wa't ien siket: oan it wurk mei Tinder, blinder!

Je wurde wol wat loai, liket my. Fan dat daten mei je smartphone. Je hoege net iens nei de kroech of nei it doarpsfeest. It kostet je gjin drankje of itentsje. Je kinne gewoan de datingmerke op wylst je op de bank lizze. De knoop fan de broek los om't je wat te folle iten hawwe. Of op it toilet, eefeks swipe, wêrom net?

Tinder is ferskuorrend populêr. Yn Nederlân hat yn alle gefallen al mear as in miljoen brûkers. Mar sûnt in tiid is der in konkurrint: The Inner Circle. It is opset troch Nederlânske jonges.

Der is in ferskil: dizze datingapp is allinnich foar 'suksesfolle' en 'oantreklike' minsken.

Je kinne allinnich mar lid wurde fan de klup as je útnoege wurde, en dêrnei moatte je dus sis mar troch in fleiskeuring fan de betinkers fan The Inner Circle. Dy bepale oft je knap en ynteresaant genôch binne. Ien fan de oprjochters hat sein: "je zal bij ons niet snel een vuilnisman tegenkomen".

No ja sis. Myn earste gedachte wie: wat is dit foar a-sosjaals? Seker betocht troch in omheech fallen jonkje dat wraak nimme wol om't er de leukste famkes fan skoalle net krije koe. Kin er no de leukste famkes fan doe wegerje.

Letter tocht ik: wat tûk! It wurket psychologysk perfekt. Wa wol der net by in ekslusyf klupke hearre? Dat woenen wy eartiids op de basisskoalle al. Wie hartstikkene gemien trouwens. Gongen wy mei in pear famkes by ien har pake op 'e pleats boartsjen en dan seinen wy tsjin de oaren: it is geheim, do meist der net by.

Dat fielde opppermachtich. Sa wurket it mei dizze eksklusive datingsite fansels ek. Wa't by it klupke talitten is, hat dus in soarte fan karmerk 'for love' krigen. Hartstikkene goed foar je ego en in lekker machtich gefoel.

Dochs fyn ik it betinklik. It sit 'm yn it 'oantreklike'. Wa bepaalt dat? Dy oprjochter? Wat foar de ien oantreklik is, is foar de oar net oantreklik. Wat ik persoanlik moai fyn oan in man, falt net te fangen yn in plaatsje. It giet om de wize hoe't ien rint, hoe't er laket, hoet syn stim klinkt.

Mar myn ergernis sit 'm yn dat ophemeljen fan it perfekte plaatsje. Dat it libben better is as je mar in oantreklik plaatsje binne op in smartphone. En suksesfol binne. En tagelyk mar autentyk wêze wolle seker. En der ûndertusken allegear itselde útsjogge.

En it idee dat je de leafde fine kinne, as je mar dat perfekte plaatsje binne.

Och, hâld doch ris op. It seit dochs neat. Suksesfol, suksesfol. Wat is dat eins? Dat ien in protte jild op de bank stean hat? Ik fal al hast om fan ferfeling. Dat ien tachtich oeren wurket? No, dan hat er dus gjin tiid foar my. En oantreklik seit net safolle. In oantreklike frou kin sa saai as in apenútsje wêze. Of as in deade fisk út de eagen sjen. En perfekt is saai.

It skept trouwens ek noch al wat ferwachtingen, dat perfekte plaatsje. Want stel dat je minder suksesfol wurden binne. Binne je it dan net mear wurdich om te daten? Ik krij al faaleangst as ik der oan tink. 

Ik pleit no foar in spesjale Fryske Tinder-app. Frinder. We hâlde it wol in bytsje eksklusyf. Je moatte wol Frysk prate of ferstean kinne om talitten te wurden. Mar alle Friezen meie lekker meidwaan. Suksesfol of net. Oantreklik of net. Dat makket de leafde hielendal net út."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)