Kollum: "Thialf terroristen"

14 des 2015 - 08:37
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Sieten jo dit wykein ek foar de telefyzje om it reedriden te folgjen yn it fernijde Thialf? It foel my op dat der dit wykein noch net sa’n soad minsken op de wedstriden ôf kamen. En dat wie foarhinne dochs wol oars. Ik wit noch goed dat ik as famke fan in jier as tsien foar it earst nei Thialf mocht. It wie in hiel aventoer, dêr yn dat grutte iisstadion, dat bomfol siet. In dei dy’t djippe yndruk makke hat.

As bern mochten wy hielendal foaroan stean om de reedriders goed te sjen. It sil de winter fan 1997 west ha, want Bart Veldkamp ried krekt foar België. En fan de Belgen krige er in prachtich wyt pak mei dêrop griene klaverkes fjouwer. Elke kear as Bart lâns ús supportersfak ried, songen de fanatike fans efter ús: ‘Weet je wat ik wel zou willen zijn? Een bloemetjesgordijn’. De Blauhúster Dakkapel naam it deuntsje oer en binnen de koartste kearen song it hiele stadion it ferske foar Bart. Ik hie gjin idee wêr’t it oer gong, mar wy ha as bern fanatyk meisong.

Mar sjongen hear ik de fans no hast net mear. En ek de toeteraars fan Blauhúster Dakkapel moatte harren tsjintwurdich oan strange regels hâlde. En dat is neffens my presys it probleem. Al dy regeltsjes.

In pear jier lyn soene wy mei de freoneploech nei Thialf. Om de sfear der wat yn te bringen, hiene wy thús grutte spandoeken makke. Op it spandoek fan de froulju stie de kreaze oneliner en ús mannen hiene in spandoek makke mei in dûbeldsinnige tekst foar Annette Gerritsen. Der stie op: ‘Annette Gerritsen út de klean? Dêr giet elke Fries fan stean’. Ja, hiel poëtysk.

Mei ús spandoeken, ús luchthoorns en in grutte trommel stiene wy foar de yngong fan Thialf. En doe begûn it. Wy waarden behannele as wiere hooligans. Noch foardat wy ek mar in stap binnen set hiene, waarden we tsjinholden troch in strange mynhear yn it swart.

Alderearst moasten wy de stokken fan ús spandoeken helje. Dy stokken koene wy nammentlik as wapen brûke, wie de útlis. Tsjinsprekke hie gjin sin, want de man wie ûnferbidlik. Dus ter plekke moasten wy de spandoeken fan de stokken skuorre. Wat oerbleau wiene twa suterige wite lekkens, mei raffels oan ‘e sydkant. Ek ús luchthoorns kamen net troch de Thialf-dûane. Wy soene ommers dwers troch it startskot toeterje kinne. Ta beslút waarden de blikjes bier en cola-beerenburg sûnder ‘blikken of blozen’ yn de jiske-amer dondere. Want ek dat wiene potinsjele wapens.

Mei ús suterige wite lekkens en allinnich noch pakjes Appelsientje yn de tas, mochten wy dan einliks nei binnen. Earst mar in plakje sykje dêr’t wy mei ús allen de wedstriid sjen koene. Ik hie goed teld fjouwer kear op myn grutte trommel slein, of dêr stie dyselde man yn it swart al wer njonken my. Hy wie by de dûane fergetten om ek myn trommel yn beslach te nimmen, sei er. ‘Dat mienst net!’, rôp ik. ‘Meie wy dan ek al net mear trommelje?’ Hy skodde stram mei syn holle fan nee. Ik soe nammentlik troch de muzyk fan de Blauhúster Dakkappel trommelje kinne.

No sit ik sels ek op toeterjen, dus ik beloofde de man dat ik absolút net trommelje soe as de muzikanten oan it spyljen wiene. Hy seach my oan as soe er my yn de Jostiband noch net iens in triangel tafertrouwe. Dus jo begripe wol: ynleverje dy trommel. En sa stiene wy neaken en bleat op de tribune. Gjin spandoeken, gjin luchthoorns, gjin trommel en gjin drankjes. No, sjoch it dan noch mar ris gesellich te krijen.

Wy ha úteinlik in moaie middei hân, mar ik wie nei ôfrin wol teloarsteld oer hoe’t se dêr op It Hearrenfean mei harren gasten omgean. As wiene wy allegearre potinsjele Thialf-terroristen. Dat strange belied giet neffens my ten koste fan de gesellige sfear dy’t der altyd wie. Dus heech tiid om dêr yn Thialf ris goed hurd oan de belle te lûken. Maaaar… net te lûd en al hielendal net by de start of wannear’t de Blauhúster Dakkapel spilet. Want dan wurdst der ûnferbidlik útset.

Noflike moandei!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)