Kollum: ''Te min wodka''

03 mrt 2016 - 08:26
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.

''Der stie in alarmearjend stikje yn de Volkskrant fan ôfrûne tiisdei. Yn de rubryk Import Export koppe it blêd: ‘Voor de liefhebber is er hier te weinig Russische wodka.' Dat is foar in Fryske skriuwer fansels reden om it stik goed troch te lêzen, want ja, Fryske skriuwers ha datoangeande in tradysje heech te hâlden. Ik kin de ferhalen oer dranksuchtige skriuwerswykeinen allinnich út oerlevering, want ik bin mei myn krekt 47 jier in jonge Fryske skriuwer, sa’t se dat sizze. Mar ik pas der tige goed by, want ik mei graach in goed glês wodka. En eins is dat de skuld fan myn sus. Sy hat it grif net troch hân, dat doe’t sy nei Hillemastate yn Burgum gie, myn leafde foar wodka sa’n flecht nimme soe.

Dat sit sa: myn leave sus gie al jong de oplieding foar sikefersoarchster yn. En yn dy tiid gong je dan yntern by bygelyks Hillemastate. Yn in susterflat. Mar ja, myn sus waard fansels thús tige mist, want se wie en is in echte fleurbringer. Dêr ha heit en mem doe it folgjende op útfûn. Se binne begûn mei bêd en brochje. Wy hienen dochs in keamer oer en dy koe moai foar dat doel brûkt wurde. Boppedat wie it doe al tige hip, útfanhúzje op in buorkerij. Prachtich moai allegearre.

Op in dei gie de telefoan en it die bliken dat de firma Holwerda út It Feen tydlik plak socht foar in befrachter. Holwerda fart mei skippen oeral hinne en de befrachter soarget derfoar dat dy boaten net leech fan it iene nei in oare plak geane. Want dat kostet jild. Sa kaam der troch de wike in nije bewenner by ús yn hûs. In tige bereizgje man, dêr’t wy it prima mei fine koenen. Hy wenne gewoanwei flak njonken Freddy Heineken yn Noordwijk aan Zee en hy fertelde ús de moaiste ferhalen oer wat er allegearre meimakke. Syn spesjaliteit wie fracht bemachtigje yn it doe noch tige kommunistyske Ruslân. Leonid Brezjev hie dêr doe noch de lieding, dat wie echt noch ien fan de gestampte pot. Mei in soad wodka der troch.  

Doe’t ús bêd en brochje gast op in dei út Ruslân wei by ús kaam om de wike op de buorkerij yn Oranjewâld troch te bringen, joech er heit en mem in kadootsje. In flesse wodka. Dat wie nij foar ús, want it wie de tiid fan resepsjes mei sigaren en sigaretten op tafel, wylst de manlju jenever mei sûker en of bearenburch dronken. Wodka wie en is net Frysk eigen. No kom ik út in tige fatsoenlik nêst, eerlijk zullen wij alles delen. Sa ek mei de wodka. Sels al wie ik doe noch jong. Tsjintwurdich eamelje se oer Niks 18 of sa, mar ik sei it niis al, dit wie krekt wat in oare tiid. Wy krigen jûns in Pikeurtje en in hânfol sâlte pinda’s foardat wy op bêd gongen. En earlik sein hie ik oant in pear jier lyn nea fan komasûpers heard. Yn ús tiid wienen de ekstremen neffens my folle lytser. Elkenien naam wolris in pilske of twa, mar dat se safolle sûpten dat se yn it sikehûs wer bywosken wurde moasten, heucht my net.

Ik ha dêroer ek nea ferslaggen lêzen oangeande Fryske skriuwerswykeinen. Net dat ik preekje wol om dy grins foar alkohol mar ôf te skaffen hear, mar as je alles mei wetten opkeare, is de kâns grutter dat op it momint dat it wol mei, der misstannen barre sille. Ien fan dy misstannen is trouwens dat se dy skoandere wodka troch sinesapelsop of Red Bull miterje. Of dat se der iis by dogge. Dat soe echt ferbean wurde moatte.

Noch efkes oer dat artikel: De reden dat der minder Russyske wodka yn Nederlân te keap is, leit him oan it feit dat de Russen harren produkt beskermje wolle. Krekt sa as de Frânsen dat mei sjampanje dogge, de Italjanen mei de mozzarella en de Griken mei harren feta. Wodka is Russysk eigen en dat wolle se graach sa hâlde. Sa as wy hjir grutsk op ús Fryske streekprodukten binne, ha de Russen dat mei harren nasjonale drankje. Nastrovje!''            

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)