Kollum: "(Te) koarte noazen"

20 jan 2016 - 08:37
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Haachske lju op de fuotbaltribune makken snein oerwâldlûden. Och heden, de hiele wrâld oer de reade. Moatte no de spilers of de trainers of de skiedsrjochters óf de KNVB wat dwaan tidens in wedstriid as soks bart. Geâldehoer. It is sa simpel. As je no as taskôger op sa’n tribune sitte en jo steure jo (terjochte) oan sokke of oare lûden, dan gean je dochs gewoan fuort mei syn allen.

Je kin noch ien kear fatsoenlik freegje om der mei op te hâlden, mar de ûnderfining hat leard dat soks neat jout. Gean allegear gewoan mar fuort. Dan bliuwe de razers oer en dy kin dan rêstich ôfsketten wurde. Of sa. Simpel. Fierder sjen as jo noas.

Sa is it ek mei Makkum. Moai plan makke. “Kosta del Makkum”. Ferfelende wynmûnen wurde no de ratteljende einder. Sa ûntstiet de Makkumermar yn de Iselmar. En sûnt de 70-er jierren lizze we yn elke mar trije eilantsjes oan, hjir ek, dan kin der moai noch folle mear boaten lizze. Neat mis mei. Mar……. op it kaartsje op de foarside fan de Ljouwerter dêr stean de trije besteande stikjes Makkumerwaard, ferneamd natuergebiet fan it Fryske Gea, net op. In lytse 500 bunder echt moai natuergebiet. Ja, as alle fûgels dêr in briefke krije wêryn’t stiet dat se sûnder kosten ferhúzje kinne nei de Warkumerwaard, fyn ik it bêst, mar dan moatte se yn Warkum net sokke plannen ha. Alles bart op pleatslik nivo en it wurket foar gjin meter.

As it dan allegear feroaret oan de kust en we moatte oeral dêr in soarte fan Monako fan meitsje, oerlis soks dan mei syn allen. Lis alle, mar dan ek álle belangen njonken elkoar. Sterker, der hienen we al klear mei wêze moatten. Net inkeld Skylge yn aksje. Net inkeld yn Holwert en Makkum wat dwaan. Alles mei elkoar ta ien provinsjaal belied meitsje, ek rekken hâldend wat der mei oare kustgebieten yn it lân barre sil. Breder sjen as jo noas.

Moaiste foarbyld, tsjinbyld eins, is it rapport dat fan 'e wike útkaam oer de mûzepleagen dy’t we de lêste jierren hân ha. Dat rapport sei dat dy mûzen hjir benammen kamen troch FrieslandCampina en Albert Heijn. Oerheden ha der 73 miljoen oan útjûn. Ach soks is ek in ekonomyske aksje. Mar ik lies yn dat rapport dat we der net wer safolle mûzen ha moatte, want dy oerheden jouwe dat jild no earne oars oan út.

Dus moatte we dêr wat oan dwaan. Ik wit ek wol dat we net elke mûs in kondoom ta krije en we kinne se ek net sterilisearje, want dat slagget by de guozzen net iens. We moatte wat oars betinke. Minder drûch lân, wetterpeil omheech, gers wat heger en dat gers moat de ko noch wol smeitsje, en miskien de subsidiearre goes ek noch wol, mar de mûs net. Oftewol: we moat oars buorkje.

No dat past ús eins wol, want dêrmei soene we de ljip ek temjitte komme. Mar sizze de ljippebeskermers Altenburg en Wymenga: we moatte alle predatoaren dy’t mûzen frette mear op de greide loslitte. Mûzebiters dus. Mar Altenburg, of Wymenga, jim ha ek faak skreaun dat dy rôffûgels krekt al dy lytse ljipkes opfrette. Mar dat stiet net yn dat mûzerapport. Op dit stuit lulle we oer de ljip, dan sizze we dus dat we eins wat minder rôffûgels ha moatte, en aanst beprate we it mûzerapport en dan sizze we mei syn allen dat we eins wat mear rôffûgels nedich ha.

It wie dan ek folslein logysk dat it kolleezje fan deputearre steaten juster noch gjin beslissing naam oer it aaisykjen, al tink ik dat se earder deabenaud wiene foar de reaksjes, as dat se fierder as de lingte fan harren noas sjoen ha nei in tige algemien provinsjaal belied. En al is dat laf en skiterich, it komt no goed út. Want algemien belied oer alles, dat ha we nedich. GrienLinks en de FNP freegje dêr al nei. We moatte nei in mienskip wêryn’t plak is foar ljippen, mûzen, rôffûgels, mar ek foar boeren, ûndernimmers, rekreanten en natuerleafhawwers, foar razers en net-razers. Dus ha we ferlet fan beliedsmakkers dy’t fierder sjogge as de eigen noas."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)