Kollum: "Taal út byld"

19 jan 2016 - 08:32
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Ein foarige wike poste Doutzen Kroes in filmke op har Twitter-account. Yn dat filmke slingeret har soantsje Phyllon oan in tou boppe in rivier, ergens yn in eksoatysk lân. Bûten byld heart men Doutzen sizzen: ‘Goed fêsthâlde, hin? Der sitte krokodillen dêr, Phyllon, whoehoehoe…’ In mem dy’t har soantsje sabeare bang makket, want hy wit wol better. In moai tafrieltsje, mar op himsels neat bysûnders.

Toch trof it my. Want Doutzen praat yn har memmetaal tsjin it jonkje. No is dat wol bekend, mar foar in kosmopolyt as Doutzen hie dat ek hiel maklik oars wêze kinnen. Boppedat hat se in Nederlânske man mei in Surinaamske/Portugeeske/
Sineeske/Yndiaanske/Creoolske achtergrûn, dat ja… Omdat ik myn petsje djip ôfnim foar de konsekwintens fan Doutzen, pleatste ik in link fan it filmke op Facebook, mei de tekst: Foar alle âlden dy’t de bern Hollânsktalich grutbringe: sa kin it ek. Dy status-update waard sa’n 40 kear dield en krige mear as 850 likes. Wat sizze dy ûnhuerich grutte oantallen? Yn alle gefallen net dat de manlju it fanwegen Doutzen har lichem diene; dat wie ommers net yn byld. Nee, it waard sa oppikt omdat Doutzen Frysk prate. Dêr gie it om. Der wiene sels froulju dy’t inoar oansprutsen en seine, as Doutzen it al docht, wat is der dan by ús misgien?

En ja, dat kin men jin ôffreegje. Doutzen lit op in ûntspannen, entûsjaste wize sjen dat meartaligens in pree foar weareldboargers is. In meartaligens dêr’t it Frysk likefolle status en plak yn hat as it Nederlânsk en it Ingelsk. Sy is, wat dat oangiet, it alderbêste foarbyld dat men krije kin. Dy opstelling en dy hâlding stiet yn skril kontrast ta dy fan Ultsje Hosper, de foarsitter fan de FNP. Om Hosper mei de taal út byld ferdwine. Hy wol ek de regel, dat FNP’ers yn it iepenbier safolle mooglik Frysk prate moatte, ôfskaffe. Dat is ‘te benepen’. Syn formulearring. Letterlik sei er: ‘it Frysk mei om my nei de achtergrûn. De taal mear op de foargrûn krije fyn ik in achterhoedegevecht. Mar fanselssprekkend komme wy wol foar it Frysk op.’ Behalve tsjinstridich, klinkt it ek ûnnoazel. Afijn, hy wol fan de FNP in brede folkspartij meitsje dy’t iepenstiet foar nije ynsichten, lykas ekonomyske fersterking fan Fryslân en opfang fan flechtlingen. Even tuskentroch: as dat nije ynsichten binne, wat hat de partij dan al dy jierren sitten te dwaan? Mar klear, in folkspartij dus, dêr’t de taal gjin rol mear by spilet. Taal is op himsels ek gjin doel foar in politike partij. Mar yn it gefal fan de FNP betsjut it loslitten dêrfan ek it loslitten fan de identiteit, omdat de taal dêr no ienris in substânsjeel part fan is.

Wat bliuwt is dus in politike klup mei de namme Partij. As it net sa treurich wie, soe men jin de bûsen útskuorre, of yn de strúkjes lizzen gean en it wetter rinne litte. Mei freonen as Ultsje Hosper hat de taal gjin fijannen nedich, woe ’k mar sizze. Mar gelokkich binne der ek minsken as Doutzen Kroes. Minsken dy’t witte dat de memmetaal de kaai ta it ferline is, en dêrmei belangryk foar de identiteit. Dy’t beseffe dat it kulturele rykdom is, en dat sjen litte troch it te brûken. Dy’t dêrmei in takomst skeppe dy’t ek Frysktalich is. Oer alle boegen. En dat is hartstikkene moai.

Ta beslút noch in oprop oan alle FNP’ers: jou dy foarsitter fan jim sa rap mooglik dien. Jim ha driuwend ferlet fan in progressyf en oprjocht lieder, ien dy’t net de kearnwearden ferkwânselet en dêrmei de partij yn it himd set.

Tot die tijd zeg ik, op z’n Hosperiaans, graag tot volgende week en hasta la vista!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)