Kollum: "Suertsjes"

16 feb 2016 - 08:20
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"It kaam net mei in ûnhuerige klap, mar earder mei in sêft skowen. De generaasjekleau. Op in dei wie er der. Ik die de radio net mear op 3FM, mar op Radio 2. Soks allegearre neist de útstjoeringen fan de Omrop, dat begripe jim wol. Mar goed, dy kleau, dus. Hy wie breed en djip en ik hie der frede mei. Foar my gjin Bieber en hip-hop, mar gewoan goeie muzyk mei sa no en dan in nijsgjirrich item.

Sa hie Ekdom foarige wike in jonkje fan tsien oan de telefoan. Dy soe in sprekbeurt oer tatoeaazjes hâlde. En om ien en oar te yllustrearjen hie Lars syn pake útnûge. Dy sit nammentlik fan ûnderen oant boppe ûnder de tattoos. En ja, dus ek yn it gesicht. Alles wie regele. Pake wie in dei fantefoaren al ôfstutsen, want hy wenne yn Schiedam en moast nei Enschede, toch sa’n 200 kilometer riden: hy woe beslist net yn de file reitsje en te let komme. Mar doe’t it safier wie, mocht Lars syn pake net meinimme. It skoalhaad, Maja Baede, hie har betocht. Se woe it net lije dat pake yn skoalle kaam. Want: ‘Er kon een situatie ontstaan waar kinderen van zouden kunnen schrikken. Het gevoel van veiligheid kon in het geding komen.’

No soe men soks ôfdwaan kinne mei te sizzen dat it dom praat is. Want dat is it. Hiel dom praat. Mar it is ek symptomatysk. De bern meie net de kâns krije om kjel te wurden. Dêr moatte se tsjin beskerme wurde.  Sa’t se foar en tsjin alles beskerme wurde moatte. Hieltyd faker wurde bern bygelyks net meinaam nei begraffenissen. Omdat se bang wurde kinne fan it oansjen fan de dea. Sels it wurd ‘dea’ wurdt mei in bôge om hinne rûn. Der wurdt earder sein dat beppe of omke ‘sliept’, dat se in ‘stjerke yn de himel’ wurde. Mei fan gefolgen dat de bern bang binne om yn ’e sliep te fallen, of nachts net it rút út doare te sjen fanwegen alle deaden oan de loft. Troch sa te hanneljen wurde it net allinne suertsjes, mar krije se ek in folslein ûnrealistysk byld fan de weareld.

Ik sis mei opsetsin ‘wurde it suertsjes’. Want se wurde sa makke. Sjoch ris nei de filefoarming, moarns en jûns, by de skoallen. Sels bern dy’t twa of trije strjitten fierderop wenje wurde mei de auto brocht. En as it reint kin de ANWB hielendal útrukke mei ekstra filenijs.

Der binne âlden dy’t de bern gjin aaklike mearkes foarlêze. Of ferhaaltsjes dêr’t bisten yn dea gean. Dy’t net iepenlik lilk op harren wurde, allinne komplimintsjes jouwe en net korrizjearje. Dy’t net wolle dat se yn beammen klimme, hutten bouwe of sleatsjespringe. It lullige is dat soks mei de bêste bedoelingen giet. Mar de bern wurde op dy wize net allinne suertsjes, mar se krije ek de kâns net om fan harren eigen fouten te learen. Om selsstannich en ferantwurdlik te wurden. Oan it ein fan de rit binne it folwoeksenen dy’t of miene dat se neat kinne, of dat se ûnoantaastber binne. En beide is in tryste saak.

Dat, skoalhaad Maja Baede, lit Lars syn pake lekker op skoalle komme. Ut namme fan de maatskippij: tige tank."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)