Kollum: "Simmer"

19 mrt 2016 - 09:47
  • Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Ofrûne tongersdeitemiddei, in oere as twa. De skrouske wyn is lizzen gien, ynienen hearlik waar. Ik kwakte de kompjûter yn ’e hoeke. It lân yn. It like deastil, je hearden inkel fûgels. De mûzebiters sieten op de hikke en knikten my freonlik ta, se wachtsje noch efkes op ljippebern. Yn de feart wienen de einen en de merkels lekker oan it giisgobjen. Yn ’e fierte in boer oan it jarjen, mar de fûgels steurden har der net oan. Ljippen draaiden om elkoar hinne yn de loft, roeken mochten noch rêstich op it lân sitte. Guozzen fleagen heech oer, foarop de mantsjes en dêr efter in grutte kliber almar jeuzeljend, as kaam de feriening fan húsfroulju oerfleanen. Der is noch neat oan de hân, sa te sjen, mar oars soe ik noch net fierder it lân yngean. Ik wol leaver net meidwaan oan dat idioate gedoch fan dizze wike, aaike fine, allegear lju der omhinne, lotterje en wat al net. De mûzebiters sloegen har op ’e knibbeltsjes fan it laitsjen, se witte no al wêr’t dy bekroande aaikes lizze, dy bin al opfretten.

Mar ynienen krige ik juster dochs wer wat sympaty foar it Bûn fan Fryske Fûgelwachten, it BFVW. En foar de rest fan Fryslân. Dat wie doe’t blykte dat it regear ynienen yngreven en inkel harke hat nei dy fanaat fan Faunabehear, dy Harm Niesen. Dy mei foar it oare fan alles betinke, dat mei Wilders op it lêst ek, mar as regear moat je dat net oernimme en sa mar sizze sizze dat it BFVW in twangsom betelje moat as ien fan ús noch wat yn it lân omstrúnt. Unskuldich geâldehoer oer aaisykjen is útrûn op in wiere oarloch. Want as se sa wolle en har sa bemuoie wolle mei alles wat wy ta ús kultuer rekkenje, no dan leverje we dy kulturele haadpet ek mar wer yn. Jorritsma moat noch dit wykein it hiele regear by de nekke gripe en yn in ljippenêst donderje. Neisoargje is witte wêr’t it spul leit. En hoe as we dat dogge dat bepale we sels. Niesen en de steatssiktaris witte dêr hielendal neat fan. En as dy mei twangsommen bepale wolle dat we net mear yn it lân komme meie, en moatte we op de knibbels as we tinke dat it hiel nedich is, dan ha se it klear krigen dat de ljip en de skries mei gauwens ferdwûn binne yn Fryslân. It BFVW gie te fier nei de âlde kant, mar dat wie begryplik. Mar Faunabehear mei it meitsjen fan foto’s as de boer yn syn eigen lân omrint, en it regear dat dêr dan in twangsom opleit foar in dêroan totaal ûnskuldich BFVW, dat giet fiersten en fierstente fier. As de provinsje Fryslân hjir hjoed noch net in ein oan makket, dan sykje we wol nijen.

It oare dêr’t ik ek lulk fan waard justerjûn is, realisearre ik my letter gewoan in sjoernalistyk misserke. Der kaam nei bûten dat de skûtsjes net langer as 20 meter lang wêze meie soenen. No hat dat gjin inkele ynfloed op de skûtsjes, want dy bin foar it meast 19 meter 50. Ja fan de SKS bin Langwar en De Jouwer in pear sintimeter langer. Mar dat jout noch neat, want ynienen tocht ik, dit is in ûnsinferhaal. Fryske sjoernalisten fertale, sjoen ek wat ik sakrekt sei, alles negatyf nei ús kultuer ta. It giet allegear om de Europeeske binnenfeartwet fan 2018. Plezierskippen meie dan net langer as 20 meter wêze, en dat wie 22 meter, oars bin se binnenfeart en moat se registrearre wêze mei in gps-systeem. No dat binne de measte skippen boppe de 15 meter al. En it soe foar skûtsjes ek noch wol kinne. Dit alles is dus wierskynlik in 1 april grap fan Klaas Jansma, mar hy is wat mei de data yn de war.

Sju as Europa en Hollân it no oer ús kultuer ha lit se dan nei Harns reizgje. Dêr wolle se de Willemshaven en it gebiet dêr omhinne wat mear toeristysk meitsje. Kin. Mar sa moai, se ha in monumintale âlde treinwagon oankocht en dêr meitsje se in pishokje en skythús fan. We bepale dus sels oft we al of net skite wolle op ús eigen kultuer."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)