Kollum: "Off season"

05 aug 2015 - 10:31
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Yn de simmer ha wy in pear gast-kollumnisten. Ien fan harren is skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum. Hy publisearre oant no ta fjouwer romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012) en Bedoarne hannel (2014). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan SC Hearrenfean.

"Omdat it tige hip is om oeral Ingelske termen foar te brûken, smyt ik der hjoed ek ien yn. Off season.

Guon minske sille by dy wurden tinke oan de horrorroman dy't yn 1980 ferskynde. It troch auteur Jack Ketchum eksplisyt beskreaune groffe geweld die destiids nochal wat stof opwaaien. It ferhaal giet oer in kreaze editor út New York dy't allinnich yn in fakânsjehûs op in heuvel sit te wachtsjen op har suster. Flak by wennet in famylje mei in foarkar foar fleis. It is noch betiid op de dei, dus woe ik it hjir mar by litte. Mochten jim belangstelling foar it ferfolch ha, kinne jim it wol googelje. Net te fluch nei it iten dwaan, soe ik der by sizze wolle.

Der is ek in film makke mei de titel Off season. Net as boekferfilming, hoe spitich ek, mar yn dy film rekket in tsien-jierrich jonkje syn âlden kwyt en komt by syn tante yn te wenjen. Dan rekket er befreone mei in wat âldere man en nei ferrin fan tiid fertinkt it jonkje de man derfan dat er stikem de echte krystman is. Dizze film is geskikt foar alle leeftiden. Hy sil grif earne te keap wêze.

Foar de measte sportleafhawwers is de titel off season ek in bekende útdrukking. It is dy tiid tusken de ôfrûne kompetysje en de nije dy't der oan sit te kommen. In tiid om efkes ôfstân te nimmen fan alles dêr't je hiel drok mei dwaande west ha. Net dat je dan hielendal neat hoege te dwaan, mar de fokus mei ek wolris op wat oars as allinnich dy sport, dat wurk, dy drokke funksje.

Off season barre der soms moaie, nije en net yn it foar betochte dingen. Je ha tiid om oan fan alles te wurkjen. Oan je relaasje, mocht dat nedich wêze, oan je kondysje, as je dat mar min mei it wurk kombinearje kinne, oan de tún, as it ûnkrûd oan de finsterbanken ta stiet, oan it hûs, as de ferrotte daksgoaten je temjitte komme, of,sa as yn myn ideale off season, oan it skriuwen fan in boek. De tiid fan it jier wêryn't dat bart is foar eltsenien ferskillend. It kin winterdeis wêze, foaral foar minsken dy't it hiele jier troch bûtendoar wurkje is de wintertiid faaks harren off season omdat it gers net mear groeit, de natuer yn de rêst rekket en dêrmei sy ek foar in part.
Foar oaren is de simmer harren ideale tiidrek om oan wat oars tinken as de gewoane saken fan alle dagen. Op it strân of wêr dan ek mar.

Minsken dy't yn de hoareka harren brea fertsjinje, geane faak flak nei de heechsimmer mei fakânsje, omdat de minsken dy't yn de simmer harren off season ha dan wer thús en yn it gewoane binne. En dan ha je noch de minsken dy't mei pinsjoen binne. Dy kinne yn 'e regel sels bepale wannear't se wat dogge.

Myn ideale tiid om wat oars te dwaan wie altyd winterdeis. Mar troch feroarjende wurkomstannichheden en aktiviteiten liket it dat it ferskood nei de iere simmer. It soe dus samar sa wêze kinne dat, eh... no ja, je kinne yn it foar neat útslute, om samar te sizzen. Ik hâld jim op de hichte. Oant nije wike. En foar minsken dy't no harren fertsjinne off season fiere: genietsje der fan, it is samar wer tiid om de kompetysje oan te gean."

Folgje Ferdinand de Jong op Twitter. Moarn wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)