Kollum: "Schepschotel"

26 jun 2015 - 08:54
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert.

“Ik moast dizze wyke sa gnize om de Twadde Keamer. Der stie moandei nammentlik wat allemachtich wichtichs op de aginda: bitter lemon. Helma Neppérus is in Twadde Keamerlid fan de VVD. Har suster wie op besite, siet yn it restaurant fan de Twadde Keamer en woe graach in bitter lemon drinke. Koe net. Is fan it menu skrast omdat in diel fan it menu biologysk wêze moat. De frisdrank is dêrby sneuvele. Flau, fûn Neppérus. Har suster moast oan in gleske gemeentepils.

Se hold dêrom moandei in pleit - yn de jierlikse fergadering oer it hanneljen fan de Keamer - foar it weromheljen fan bitter lemons en tonics. Twitter en Facebook en sels meiwurkers fan serieuze nijsbedriuwen as de NOS en RTL wiene slop fan it laitsjen. Neppérus waard pleage mei har frisdranklobby. Se moast der achterôf sels ek wol om laitsje en neamde it in stoarm yn in glês gin-tonic.

It gie har foaral om 'het doorschieten van duurzaamheid', ferklearre se. Het doorschieten van duurzaamheid. Dêr moest ik efkes oer neitinke. Soene se yn de Twadde Keamer dan ja-wier sa ferskuorrende grien en ekologysk wêze? Poepe se dêr op houtsnippers? Ik ha der efkes oer neitocht en ik wie it hast fergetten mar ik moast yn it ramt fan de 'doorgeschoten duurzaamheid' ynienen wer tinke oan de schepschotel. Ek al sa lollich.

De schepschotel is it buffetmenu yn de Twadde Keamer. Ut betroubare bron ha ik heard dat je mei de schotel bygelyks in heal hoantsje krije kinne, mei patat. En fan 'e wike wie der pasta, dy't sa slop wie, dat je it hast opsûgje koene. Yn elts gefal, no wiene der fretsekken dy't wol trije kear fan de schepschotel opskepten, foaral as der fleis yn siet. En dêr woe Esther Ouwehand fan de Partij van de Dieren efkes in stokje foar stekke. Je skeppe net trije kear op. En hielendal gjin fleis. It is miljeu-ûnfreonlik en yn tiden fan besunigings ek asosjaal.

Ik sjoch it al hielendal foar my. Politisy yn djoere glêde pakken en mei sierlike gespen op de skuon dy't foar de tredde kear yn de rige stean om mei skrokkerige eagen in heal hoantsje en in flink stel patatten yn in board te skeppen. Mar goed, alle schepschotels en gin-tonics op in stokje, ik ha in 'doorgeschoten-duurzaamheid-top-tsien' makke foar de Twadde Keamer.

Hjir komme myn tips. Se binne fergees.

Ien: Der komme twa bargen op it Binnenhof. Dy frette al it iten op dat oer is. Ek de restjes schepschotels. Uteinlik komme de bargen sels wer yn de schepschotel.

Twa: Der komt in wynmûne yn de Hofvijfer. Der is no in fontein, mar dy kin wol fuort. Mei de wynmûne kinne politisy harren kompjûters oan it wurk sette en de printers rattelje litte.

Trije: Ut de printers komt papier fan oaljefantepoep. It printsjen wurdt fansels dien op twa siden.

Fjouwer: Der komme sinnepanielen op it Torentje. Dêr kin Mark Rutte al syn liberale apparaten mei oplade. As de apparaten leech begjinne te reitsjen, sizze se automatysk 'toedeledoky'.

Fiif: Der komt in grientetûn op it Binnenhof. De ministers moatte de grienten en krûden sels rispje, dat is goed foar de ferdivedaasje.

Seis: Keamerleden en harren meiwurkers moatte mei de trein nei Den Haach komme, en it leafst op de fyts. As se beswit binne nei it fytsen, mei se wol dûse, mar se moatte it wetter dan opheine en dat kinne se brûke foar de wc.

Sân: As se pisje moatte as se harren swit ûnder de dûs ôfspiele, moat dat yn' e dûs.

Acht: Eltsenien krijt syn eigen kofjemok, mei syn eigen namme derop en werbrûkt de mok foar it kofjedrinken. ôfwaskjen hoecht dan net.

Njoggen: In datacenter, foar al it mailferkeer fan anonime klokkelieders, sa as dy oer de Fred Teeven-deal, ferwaarmet de Twadde Keamer. As it winter is, en it datacenter wurdt net hyt genôch, dan dogge amtners en ministers mar in Mart Smeets-trui oan.

En last but not least, tsien: Eltse kear at Mark Rutte wer ris ontploft, wurdt de energy fan syn lilkens ôf-tappe, dat wurdt yn in potsje dien en dat kin dan brûkt wurde foar stroomstootsjes om Keamerleden dy't lizze te sliepen by in debat wekker te skrikken.

Skouders derûnder. Hatseflats."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)