Kollum: ''Sander''

14 nov 2015 - 10:19
  • De Toan fan Eelke Lok

Eltse sneon komt Eelke Lok fan De Gaastmar mei syn radiokollum. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

''It barde tongersdeitemoarn. De radio stie oan, bol fan de kommisje Stiekem. Hymjend wiene de ferslachjouwers dwaande safolle mooglik lju de skuld te jaan en alfêst nei hûs te stjoeren, want dat is de wichtichste funksje fan sjoernalisten tsjintwurdich. It wie tsjin healwei alven. Ik siet wat sleau oan de tafel, harke en beseach yntusken de twitters fan de lju dy’t ik folgje. En dêr wie ynienen in twitterke fan @sanderderouwe. Us grut-deputearre. Dus weardefol. Ik wie nijsgjirrich. Ik sitear de tekst fan Sander de Rouwe yn twitter. Het verlagen van de Friese autobelasting (provinciale opcenten) is een goede zaak. En dêrûnder twa hokjes dêr’t je in krúske yn sette koenen. Eens of oneens. En dan werom stjoere. Ik heakke. Wat wie dat? In Fryske politikus, watte, in grutte Fryske toppolitikus, yntusken ferklaaid as topbestjoerder, freget ús it iens of ûniens te wêzen mei in belestingferleging, sûnder derby oan te jaan wêr’t soks ten koste fan gean moatte soe. Sûnder te fertellen wat foar- en neidielen wêze kinne soene. Sander de Rouwe syn eigen rjochtingoanjaand-referindum. Inkel bedoeld foar lju dy’t twitter ha, en ek noch mei him ferbûn binne fia dy twitter. Om dan miskien nije wike te sizzen: it mearendiel fan de Fryske befolking is it mei ús iens dat dy belesting ferlege wurde moat. Sûnder derby dan ek te sizzen wat de gefolgen dêrfan wêze sille.

It is noch slimmer, en dan slimmer bedoeld yn de betsjutting fan erger, as de saak mei it hiele belestingplan foar Nederlân. Derby ropt steatsiktaris Wiebes ek elke kear, “maar belastingverlaging van 5 miljard, daar kan toch niemand tegen zijn”. Mar sels Wiebes fynt as je as Sander de Rouwe soks inkel befêstigje litte troch wat twittergedoch, dat it de Fryske polityk net leauwensweardich makket.

Ja, ik wit wol dat it yn it provinsjale CDA programma stie. Ik wit ek dat se de ferkiezings wûn ha. En miskien is it ek hartstikkene goed dat we minder opsinten betelje. Mar dêr giet it hielendal net om. Elkenien moat altyd oeral de konsekwinsjes fan witte kinne, oars kin je net mei syn allen, of lit ik sizze demokratysk, beslute. Tagelyk stiet der nammentlik bygelyks yn de krante dat de gemeente Smellingerlân hartstikkene lulk is op de provinsje, op Sander de Rouwe dus, want dy smyt miljoenen fuort dy’t tasein wiene foar in bettere ferbining Hearrenfean/Drachten/Grins, skamtejild fan de sweeftrein. Ja Hearrenfean slokt dat no fan de provinsje, mar de provinsje is finansjeel dan ek baas dêr yn Hearrenfean, dus dêr hâlde se har de mûle. Mar dat doch je dochs net. Tasein jild samar wer ynlûke, en ik sis fuortsmite, mar se gean der gewoan wer op sitten. Okee, okee dat is CDA belied, mar it is dochs krûm dat je oeral yngreven op besunigje, om mar sa goed mooglik sjen te litten dat it foarige provinsjale bestjoer tefolle jild útjoech (it CDA siet dêr foar it oare ek sels yn) en dat je tagelyk tsjin de minsken sizze jim hoege minder belesting te beteljen. En der net efter oan sizze dat alles wat goed is foar de minsken, foar de provinsje en benammen foar it krijen fan wurk, dat soks net trochgiet. Miskien sizze de minsken wol: leaver myn buorman oan it wurk as sels dy opsinten foar in part net mear betelje. Want dêr wienen we ek al wer jierren oan wend.

Mar dy redenearring kinne we net iens meitsje. Sander de Rouwe komt oer in pear wike mei it ferhaal fan syn eens/oneens twitter. Hy seit dan: it Fryske folk wol minder opsinten betelje. Want ik kin no wol hoopje dat de measte minsken it ûniens binne mei dy ferleging, mar dat is fansels net sa. Boppedat krij we dan ynienen gjin ferhaaltsje fan Sander. Dy’t sels ek sjoemelje kin mei de sifers, want hy neamde yn in oare twitter dat in royale mearderheid akkoart gien wie mei de begrutting fan de provinsje.

De fraach fan Sander de Rouwe op twitter stiet lyk oan: Iedereen die wil werken heeft recht op werk. Eens of oneens. Ik bin hiel benijd wat Sander de Rouwe dwaan soe mei de útslach fan sa’n twitter.''

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Eelke’s Weblok. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)