Kollum: "Probeer om te draaien"

12 okt 2015 - 08:45
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

“Probeer om te draaien”

Do hast it fêst wol sjoen, ôfrûne wike rûn ik hjir as in beppe troch it Omrop gebou. Sa stiif as in doar en spierpine fan kop oant kont. Letterlik oant kont, want ik ha noait witten dat yn myn lyts beskeiden poepertsje sa’n soad spieren húsmanje. En bliksum, wat sil ik oer in pear wiken in gespierd gat krije. Dat sit nammentlik sa, sûnt ôfrûne woansdei bin ik oan it fitnessjen. Dat is trouwens in grut wurd foar wat ik oant no ta dien ha. Ik bin no twa kear west en folle fierder as wat rollebolje bin ik noch net kaam. Ik ha wat mei de heupen wibele, wat mei de knibbels draait en op in nuver apparaat stien om de reedridersslach te oefenjen en doe wie it oerke al wer foarby. En toch levere dat lytse bytsje spinfuotsjen my dus in stik spierpine op dêr’st fersteld fan stiest. It wie sels sa slim dat ik my oan de doarkruk wer ophiisje moast as ik op de wc siet. It looprek kaam der noch krekt net oan te pas, mar it skeelde net folle.

No moat ik ek earlik tajaan dat ik de ôfrûne jierren ek net sa folle bydein hân ha op sportgebiet. No ja, op it hurdrinnen dizze simmer fan Fit mei Femke nei dan. Net dat ik anti-sport bin hear, want doe’t ik lyts wie, wie ik in fanatyk kuorbalfamke. Hiel fanatyk sels, want ik fleach in wedstriid lang it fjild op en del en hie nei ôfrin noch oerenlang in kop as in readebyt. En by gymnastyk op de basisskoalle wie ik gek op sealfuotbal, apekooi en kasti. Lekker omrouse yn stee fan yn de klasse sitte. Sjoch, fluch wie’k wol, mar linich krekt wat minder. En echt handich ha’k ek noait west. Ik herinnerje my noch in oefening yn de ringen, wêrby’t wy sa heech mooglik swaaie moasten en dan presys op it deadepunt loslitte. Dan tsjoepst rjocht nei ûnderen en landst kreas as Epke wer op beide fuotten. Mar yn stee fan op it deade punt los te litten, die ik dat healwei de swaai en klettere as in famke fan in jier as tsien knoeperhurd nei ûnderen. Mei it sturtbonkje stuitere ik oer de gymflier. Trije dagen koe’k net mear sitte en myn polske wie brutsen. Op de middelbere skoalle moesten we mei gymnastyk de handstand dwaan. As ik ergens in hekel oan hie dan wie it wol de handstand. Dus thús op de heasouder mei myn suske earst mar ris oefenje. Ik swipere myn lange puberskonken omheech en dan soe sus my fêstpakke. Soe, yndied. Want al hoe goed it plan yn elkoar siet, de útfiering liet te winskjen oer. Sus wie de helte lytser as my en koe sa rap noait myn lange stelten pakke. Dus ynstee fan de handstand waard it in kammikaze aksje. In handstand overslach, dy’t einige mei in perfekte landing op ‘e dûbele nekke. Fansels moast ik yn de twadde en tredde klasse ek meidwaan oan it saltospringen op de grutte trampoline en dy ferplichte tipsalto oer de hege kast. Yn ien wurd ferskriklik. Mei it swit dûbeldik yn ‘e hannen draafde ik op dy kast ôf. En ik wit noch dat ik yn oanloop myn natuerlike navigaasje roppen hearde: ‘Probeer om te draaien, probeer om te draaien!’ Hjir bin ik net foar makke. Dat blykte ek wol, want ik smakte nuver mei de knibbels tsjin de boppekant fan de kast en waard sa torpedeard as in libbene kanonskûgel.

Hichtepunt fan myn sportive karriêre wie fansels wol de fierljepsprong dy’t ik yn de simmer fan 2013 makke. Hoe’t dy sprong krekt gong is, gjin idee. Ik herinnerje my allinnich noch it sikehûsbêd dêr’t ik myn ferstân wer in bytsje werom krige. Sûnt dy tiid ha ik besletten dat ik hoe dan ek mei beide fuotten op ‘e grûn stean bliuw as it om sport giet. Ik tink dat myn spieren gewoan net makke binne foar linigens. Fan ‘e jûn sil ik trouwens wer yn aksje op de backpress, de crosstrainer en de speekbike. Dus set de rollator foar moarn alfêst mar klear. Noflike moandei!!

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)