Kollum: ''Powernap''

25 sep 2015 - 10:42
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, sjoernaliste en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn Fryslân, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer fan alles en noch wat: oer superfoods, har lytse poppe, har iPhone en in grut ferskaat oan oare ûnderwerpen.

''Ofrûne wike haw ik eefkes field hoe’t it is om in topmanager te wêzen. No ja. Ik bedoel, in bytsje dan. Ik wit no hoe’t it is as je alle dagen alve, tolve oeren yn tou binne. Dat foaral. Fan liedingjaan haw ik noch hieltiid mar in bytsje ferstân.

De hiele wike krige ik lêzings en kursussen oer sjoernalistyk, yn Amsterdam. Wy sliepten yn in hotel. Nei it jûnsiten moasten wy dan ek noch sels oan de slach.

Wy rûnen de hiele wike om in oere as kertier oer sânen de hotelkeamer út om ús dêr pas om in oere as tolve op bêd te stoarten. Wy hienen op syn minst oant in oere as alve jûns ús harsens brûkt. Echt neitocht bedoel ik dan hè. It docht bliken dat in minsk dat gewoan kin. Gjin probleem.

It klinkt miskien wat nuver, mar ik moast oan de Dútkse bûnskanselier Angela Merkel tinke. Se neame har wol ris Marathon-Merkel. In oerlis mei Europeeske lieders oer de Grykske Eurozone duorre bygelyks santjin oeren. Santjin oeren! Ek Jeroen Dijsselbleom die mei oan dit maratonoerlis. Moandeitemoarn, nei it superpetear, seagen de minsken der hielendal net krukkerich út. Hoe kin dat?

Frijwol gjin alkohol, miskien ien heal glês by it iten en in protte haffelje op appels, bananen, sinaasappels, mango's en ananassen. Dat is Angela Merkel har geheim. En se kin mei seis oeren sliep ta, hat se alris ferklearre. En as it moat, ek wol mei minder.

Merkel, de East-Dútske dûmnysdochter, stiet bekend om har enoarme dossierkennis. Se hat natoerkunde studearre, hat dêr yn trochleard en hâldt fan sifers en feiten. Se kin nachts goed trochfergaderje. En set har tsjinstanners dan ek wolris klem. As dy net mear 100% konsintreard binne. It skynt dat har konsintraasjefermogen just tanimt as de oaren wat swakjes wurde. Ek in wize om fit te bliuwen.

Sûn libje, dat is har advys. Simpel, dochs? Se lit foargerjochten by steatsdiners stean, en hoecht it dessert en it snobbersguod ek net. En, 'powernaps'. Dy binne hiel wichtich. Mar it grutste geheim om lang troch te gean: wille hawwe yn je wurk. En dat hat Merkel. Bûnskanselier wêze is wat se it leafst docht. Dat seit har biograaf, dy't trije boeken oer har skreaun hat. Se bedriuwt polityk as in eksakte wittenskipper. Sa bliuwt se by harsels. En se hat in sinnich karakter, seit se sels. Dat sil ek wol helpe, dan kinne je fêst goed sliepe.

Wa't in protte ûnderfining hat yn nachts wurkjen, is âld-minister fan Bûtenlânske Saken, Ben Bot. Dus hjir komme syn tips foar nachtbrakers.

Hy seit dat je by in maratonoerlis, of wat soartgelyk, benammen fris oan de start ferskine moatte. Wêr't it kin, sliepe dus. Hy seit dat hy meimakke hat dat in hiele slûge minister nachts ôfspraken makke wêrfan’t hy de moarns net mear wist dat er se makke hie.

Neffens Ben Bot helpt it as je net folle ite as je lang trochhelje moatte, foaral gjin waarm iten, want dat makket slieperich. En krekt as Angela Merkel: nim gjin alcohol. Dat makket ek min.

Alle oardel oeren eefkes in blokje om helpt ek. Dat jout wat soerstof. En ek hy seit dat in knipperke dwaan, twintich minútsjes ûngefear, helpt. Hy hat minsken as âld-minister Zalm geregeldwei eefkes sliepen sjoen. Mar by in ûnderhanneling moat je dan foaral net sizze dat je sliept ha. It is wichtich dat je krêft útstrielje. Sa fan: my krije je der net ûnder.

Dat is myn mantra dizze wike. In wurkjende mem bin ik. En sa no en dan is dat bêst drok. Mar my krije se der net ûnder. Ik begjin mar ris mei in powernap.''

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)