Kollum: "Pensjoen"

02 sep 2015 - 09:48
  • De Toan fan Eelke Lok

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurket al jierren foar Omrop Fryslân en waard ûnder oare bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio. Op dit stuit presintearret er op televyzje it programma ‘Gewest Fryslân’. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Pensjoen

Justerjûn ha ik ôfskied naam fan Omrop Fryslân. Fanwege sa’t dat offisjeel hjit “het bereiken van de pensioengerechtigde leeftijd”. Mar lokkich ha we ôfpraat dat de kollumkes ynearsten noch net oan pensjoen ta binne. Normaal rjochtstreeks, no efkes opnaam, want it waard fansels let justerjûn. We moasten stilstean by de fjirtich jier dat ik hjir yn tsjinst west ha, fan earst de RONO, letter Radio Fryslân en no Omrop Fryslân. En yn 40 jier kin der in soad barre.

No hie dat om my ek net hoegd hear. Ik fyn it ûnsin om dingen te roppen. Of roppe te litten: "Do hast fjirtich jier de befolking fan Fryslân tsjinne". Of: "Do wiest in úthingboerd foar ús." Unsin. Ik wie yn tsjinst fan in bedriuw dat my tagelyk moai de gelegenheid joech ien fan de moaiste beroppen yn de wrâld út te oefenjen. En omdat dat sa wie, koe ’k wol fjirtich jier fierder. En ik hie ’t om it wurk noch wol in pear jier dwaan wollen, mar de oerheden stjoere ús aanst wer werom yn it RONO-harnas sa liket it, no ja dat hie ’k alris meimakke en it iennige wat we doe woenen, wie sa gau mooglik selsstannich wurde en doe’t we dat wienen ha we in ekstra borrel naam, we wiene goudgelokkich. Dat gefoel wolle je net mear kwyt.

As ik noch trochwurke hie, hie ’k ek ûnwis west oer de sjoernalistike opstelling. Dy fan tsjintwurdich is sa oars as hoe't wy opfieden en oplieden binne. En ik wol my bêst oanpasse as de nije tiid nije dingen freget. Mar oanpasse betsjut net mei opsetsin saken ferkeard of net goed behannelje. Dat ferdom ik. Nee, ik hâld net fan dy eigenwize minsken dy’t sizze: "Ik fyn dat kwaliteit foarop stean moat." Mar de oare kant fan it ferhaal is dat myn kollega’s der no op útstjoerd wurde mei in kamera, ynterviewe mei twa mikrofoans en tagelyk lûd en byld regelje, it dan yn de studio sels ynelkoar sette, en eins moat alles earst op kompjûter, Ipad, apps en twitter smiten wurde, leafst foardat dingen bard binne. Inkeld mar om't steatssekretaris Dekker soks de útfining fan de ieu fynt. Dan sis ik dat myn kollega's dus net de resultaten helje sa as wol kinne soe. En dêrfan bin jim as harkers dan wer it slachtoffer.

Mar dêr wol ik my no net drok mear om meitsje. Ik fersink efkes yn in geweldige herinnering oan 40 jier. Oan jim dus. Want jim wiene sa tefreden doe’t we yn de sniewinter fan 1979 der foar soargje koene dat de âlderen in pûdsje oan de doarskruk hongen as se graach woene dat immen foar har boadskipje soe.
Dy frou yn it sikehûs yn It Hearrenfean dy’t fia har bern witte liet: "Hearlik sa’t jim my op de hichte hâlden ha fan hoe’t SC Hearrenfean justerjûn fuotballe."
Of de mem fan reedrider Ids Postma dy’t ik tref midden yn in hiel drok Holland House by de Olympyske Winterspullen yn it foar ús fiere Japan: "O, wat bin ik bliid dat dy sjoch. Kin ik teminsten efkes wer Frysk prate."

Of de âlden fan de ferstoarne jonge reedrider Willem Poelstra, doe’t we op syn begraffenis wiene: "O, wat hâlde Willem fan jim."
Of Hayo Apotheker dy’t opstapte as minister en nimmen te wurd stie, mar de jûns gewoan yn it politike programma 'It Wapen fan Fryslân' kaam.
Of Cees Roozemond, waarnimmend boargemaster fan Smellingerlân, dy’t eins út namme fan al dy nije ynkommelingen sei: "Jonge, ik ha it Frysk by en fan jim leard."
It entûsjasme wêrmei't jim altyd harken en seagen, mar ek meidienen oan ús programma’s, jim opbouwende krityk, jim meilibjen. It wie in genot om dêrmei te wurkjen.

Of der is in man yn de katakomben fan SC Hearrenfean dy’t seit: "Ik bin it net altyd mei dy iens, mar ik mei der graach nei hearre." Hy hat it dan oer de kollums.
Sjoch, en dan stap ik in supermerk yn en komt der in folslein ûnbekend âld froutsje op my ta skeuveljen en dy seit ynienen: "Ik bin it hielendal mei jo iens. Pak se mar oan. Trochgean."

Ja frou. Ik bin der sneon gewoan wer."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Eelke’s Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)