Kollum: "Opromje falt net ta"

12 jun 2015 - 09:43
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert.

"Yn myn holle is ús hûs in Japanse zentún. Leech. Sereen. Romtlik. Ljocht. Skjin. Gjin flekken en fingers op 'e ruten. Gjin steapeltsjes mei kranten. Gjin steapeltsjes mei rekkens en toskedokter-útnoegings. Gjin steapeltsjes mei papierkes mei hiele belangryke notysjes derop. Gewoan hielendal nergens in steapeltsje.

Yn dat Japanse zen-hûs binne de kasten oersichtlik yndield. It bestek leit glimmend en fredich elkoar te omhelzjen yn de lade. Boeken stean keurig neist inoar yn de hâlding, kearsrjocht, as wiene it wachters fan de maresjaussee.

Klean lizze strutsen yn de kast, ek de dekbêdoertrekken en de kessenslopen. It rûkt yn de kast ek altyd nei blomkes. Nei reade rôzen. Handdoeken binne sêft as side en net sa hurd as skuurpapier. Poppekleantsjes hingje as haute couture oan in rekje.

En it balkon is fleurich, grien en weelderich. Flinterkes flapperje langs de blomkes yn de bakken en swartkopkes en protterkes boartsje mei elkoar.
Der lizze noait lege flessen yn de gong of âld papier. En je brekke er noait je bonken oer in pear skuon. Rûch waard ik justermoarn wekker skodde troch myn freon dy’t ferwúndere om him hinne seach en útrôp: 'wat is het hier vol! Overal ligt wat!!'

We sieten oan ûs moarnsbrochje en ik moast ynderdaad fêststelle: it is hjir bepaald gjin Japanse, serene zen-tún. Oerol in ûs hûs lizze steapeltsjes. Steapels mei boeken dy’t we noch oan it lêzen binne, boeken dêr't myn freon oan meiwurke hat en dy't krekt mei de post meikaam binne, tiidskriften dêr’t ik sels oan meiwurke ha, steapels mei papierkes dêr't ik oait noch wat mei sil, in racefyts op de gong.

Mar foaral leit ûs keamer fol mei dinkjes dy’t je deistich brûke mar dêr't ik gjin plak foar wyt.

Oerol leit wat. Sels yn it loophek fan de poppe. Dêr leine juster wol sân pear frijgeselle sokjes. Wêr’t de oare rotsakken bleun binne, gjin idee. Misskien yn de stofsûger.

“Ik smyt álles fuort”, sei ik lilk. Ik wie foaral lilk op mysels. Ik ergerde my oan myn slordichheid. “We belje de Kringloop en se helje al ûs guod mar op.”
“We moeten het losliggende spul bundelen!”, sei myn freon optein. Dat hie er leard fan in wenprogramma. “Bundel het zelf”, rôp ik werom.
Prullaria moat je neffens de woonstylisten by inoar sette.

As symboalyske aksje sette ik dêrom trije suterige plantsjes by inoar op it balkon. Myn freon seach al oankommen dat ik aanst as in twirrewyn troch it hûs gean soe. Dat doch ik sa no en dan as ik myn nocht ha fan alles yn ’e hûs.

De kat begûn al senuweftich te sjen. Hy giet altyd fan ellende yn it gongpaad lizzen as ik wer ris as in raket mei in doekje troch it hûs flean. Ik soal alle troepkes op in hoop. De poppe begun fan de drokte heuge toanen yn te setten. De kat wurde noch senuweftiger. Ik waard gjin twirrewyn. Ik bin hurd fuortflechte. Ik ha de stapels as in smokende púnheap achter my litten. Ik bin nammentlik nei it sintrum fytst om it boek te keapjen fan de Japanse oprom-goeroe Marie Kondo.

Kondo hat in rigoreuze oprom-methoade ûntwikkele en de effekten skine oerweldigjend te wêzen. En soms wat ûnferwachts. In kursist skreau har: 'je cursus heeft me geleerd in te zien wat ik echt nodig heb. Dus ben ik gescheiden'.

Kondo skriuwt yn it foarwurd: 'als je klaar bent met het opruimen van je huis, zal je leven drastisch veranderen. Je zult het gevoel hebben dat de hele wereld lichter wordt.'

Dus minsken. As jim fan it wykein yn de sinne sitte, bin ik drok dwaande myn libben op de kop te setten en it ljochter te meitsjen. Ik bin no besich yn it boek en sil nije wike freed fertelle oft ik ús hiele hûsried by de Kringloop brocht ha en myn freon, poppe en kat dêrneist. Nije wike diel twa."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)