Kollum: "Oprom-goeroe, diel twa"

19 jun 2015 - 09:59
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert.

“Us libben stiet net op de kop, en ik ha myn wurk, de kat en myn freon noch, mar se makke dochs flink wat los: de Japanske oprom-goeroe Marie Kondo. Se skreau de bestseller Opgeruimd!

It skynt dat er minsken binne, dy't nei it lêzen fan har boek wol hûndert jiskepûden fuortsmiten ha. Sa mâl is it hjir net gien, mar it wiene der yn ien wykein wol in stik as fiif, seis. Foar dyjingen dy’t foarige wyke myn kollum net heard ha, ik soe graach wolle dat myn hûs sa sereen is as in Japansle zen-tún en dêrom bin ik oan it kondoën: oan it opromjen neffens de Marie Kondo-technyk.

Har metoade is ienfâldich: Lit al je guod troch je hannen gean en freegje je dan ôf: wurdt ik hjir bliid fan? Of sa as sy seit: does it spark joy? No, en at it gjin joy sparkt, dan dogge je it yn it jiskefet. Sa simpel is it. Sels begûn se al op har fiifde mei opromjen, dus je kinne har mei rjocht in ekspert neame. Of in dwangneuroot, dat kin ek.

Har gedachten binne bytiden frijwat out of the box. Yn Japan leauwe se dat ek libbenloaze dingen in siel ha. Je betanke guod bygelyks foar har tsjinsten en geane der leaflik mei om.

"Maak nooit, maar dan ook nooit, bolletjes van je sokken", skriuwt se. Want, seit se, je sokken en panty's binne mei fakânsje yn de la. Se tôgje al de hiele dei je liif. Yn it laad kinne se ûntspanne. En as je se yn inoar proppe, binne se kontinu gestresst. Aha.

By it opromjen begjinne je mei de simpele saken, skriuwt se, lykas boeken en klean, en einigje je mei dregere saken lykas persoanlike briefkes en sa.
Dus dêr siet ik, mei in pûdsje tieraps yn de hannen my ôf te freegjen oft it wol joy sparkte of net. Nee, net fansels. Je hert giet net echt sjongen fan de plastic staafkes. Foarút, yn de pûde.

Oantekeningen, mei steapels fleagen se it jiskefet yn. As soe ik dat oait noch wer weromlêze. Nee, echt net, ik bin al lang bliid dat it wurk klear is. Tiidskriften die't ik oait noch lêze soe: hup op in steapel. Deiboekjes mei allegearre puber-ellinde der yn, freeslok, it sparkte gjin joy. It gie hieltiid makliker, dat weismiten.

Mar ja. Kaam ik ynienem in persoanlik útprinte faks tsjin út 1999 dy't nei kamping De Kooi op Skylge fakst wie. Dêr stoe ik doe op de kamping. Hartstikke leuk. Ik dwaalde ôf nei Skylge. Sa foel ik fan de iene yn de oare herinnering. Does de faks spark joy? Ja. Eins wol ja. Foar no. Mar noch wer bewarje? Ik ha it meimakke, bin wêr fierder gien en haw wer nije briefkes krigen. Wêrom soe ik it eins bewarje?

"Nou", sei myn kollega, dy't ik der oer myn oprom-fase fertelde, "ik heb al mijn elpees nog. Maar ik heb niet eens een pick up. Ik heb ook al mijn oude agenda's nog. En zelfs giro-afschriften." "Giro-afschriften?", frege ik. "Waarom zou je die in hemelsnaam bewaren?"

"Ja, weet ik veel", sei hy. "De elpees en mijn oude agenda's zeggen iets over mij. Het is deel van mijn geschiedenis. Nou ja. En de giro-afschriften zijn voor mijn biograaf." Hy gniesde. Aha. Je wolle dus je skiednis fêsthâlde, út nostalgy. Of miskien wol om oan in oar sjen te litten: sjoch, hjir op myn giro-afskriften kinne je sjen dat ik doe en doe hielfolle jild ûtjoech oan elpees. Mar wêrom soene je eins.

Misskien wolle we dingen lykas elpees die't we noait mear beharkje wol bewarje omdat it libben fergonklik is. Ha we dochs noch wat taastbers fan wat oait west hat. Kinne je dat noch eefkes koesterje. Myn hûs is noch gjin Japanske zen-tún, mar ik moat sizze: wol mear as earst. Ik ha de gatsjepanne en de glêzen betanke foar de lekkere itentsjes en drankjes en úteinlik ha'k gjin seconde mear tocht oan al it guod yn de pûden dy't ik fuortdien ha. Mar oft ik de sokken sa'n Spa-behanneling jaan sil? No, dat liket my net. Ik bin se geregeld kwyt. Neffens my gean se al gereldwei mei fakânsje.”

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)