Kollum: "Ophâlde mei smoken"

17 aug 2015 - 08:34
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Yn de simmer ha wy in pear gast-kollumnisten. Ien fan harren is skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum. Hy publisearre oant no ta fjouwer romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012) en Bedoarne hannel (2014). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan SC Hearrenfean.

"Yn dizze tiid fan it jier, de hûnsdagen, mar ek wol komkommertiid neamd, kinne jo fan alles ferwachtsje, as it op it bringen fan nijs oankomt. Nijs tusken skrapkes. Meastal nimme wy der kennis fan en geane oer ta de oarder fan de dei. Sa kaam der in wike as wat lyn mei toeters en bellen yn de media dat 80% fan de stoere, flinke en och sa moderne Nederlanners fynt, dat de minsken dy't ophâlde wolle mei smoken, dat sels mar betelje moatte. Yn elts gefal foar in grut part. Want ja, se ha der sels foar keazen om te smoken en wêrom soe de mienskip, dêr wie er wer, wêrom soe dy mienskip der dan foar opdraaie moatte as se beslute der mei op te hâlden?

No wit ik net hoe de fraach steld is, want se ha him net oan my foarlein. Ik soe my yntinke kinne dat it sokssawat gien is: 'Wat fine jim, moatte minsken dy't der sels foar keazen ha om te smoken, it sels betelje as se der mei ophâlde wolle?' De kâns is dan grut dat yndie 80% yn de fal trapet en daliks ynstimmend knikt en it der hielendal mei iens is.

Ik fyn it jammer dat se my der net oer belle ha. Je kinne sa'n fraach nammentlik ek oars stelle. Bygelyks sa: 'Wat soenen jimme der fan fine as jim oer 15 jier minder soarchpreemje betelje koenen? Soenen jim dat wolle?' Hoefolle prosint fan de minsken soe dat wolle? Dat koe wolris heger wêze kinne as dy 80% populistyske meiroppers út dit ûndersyk. Undersyk tusken skrapkes. Dy minsken nim ik it trouwens hielendal net kwea-ôf, harren ynstimming begryp ik, mar bin it der net mei iens.

As stoef eks smoker sil ik hjir gjin preek ophingje oer dat it better wêze soe dat je dat net dogge. Eltse smoker wit dat. En ik wit hoe lekker it is, sa no en dan komt my de rook fan in baarnende peuk yn de noas en dat snúf ik djip en tink: "Hearlik rûkt dat dochs', dus soe ik net op myn plak wêze om de smokers te feroardieljen. Sels mar witte. Dermei kokettearje is trouwens in oar úterste en neffens my net mear fan dizze tiid, mar dat is in oare diskusje.

It giet my om it feit dat ik tink dat de mienskip no krekt wol mei folle oertsjûging meibetelje moat oan it ophâlden mei smoken. Dat kostet net folle, as je it fergelykje mei de bak mei jild dy't longekankerpasjinten kostje. Dus is it koartsichtich om ja te sizzen op in fraach dêr't net goed oer neitocht is. Longkanker de wrâld út troch in massale aksje fan it regear en de soarchfersekerders troch alle kosten foar it ophâlden mei smoken foar harren rekken te nimmen, soe in folle bettere oplossing wêze foar de lange termyn fan de hichte fan de soarchkosten. Iksels, ik stookte der trije pakjes trijekwart swiere sjek yn de wike trochhinne, bin mei fjouwer doaskes pillen fan it smoken ôf rekke. It wie makliker, folle makliker as dat ik ea tocht hie. De smokers dy't no noch smoke wolle der net ôf, of hâlde harren sels foar de gek dat se der net ôf komme kinne. Ien besite oan de hûsarts en klear is it. De tabaksyndustry sil it net aardich fine, mar sa maklik is it gewoan wol. Dat dêr gjin reklame foar makke wurdt is wat my oanbelanget ûnbegryplik en jout de macht fan de tabakslobby oan.

Je kinne net yn de takomst sjen, mar stel dat ik der op tiid by west ha en gjin longkanker krije sil troch it smoken. Dy fjouwer doaskes pillen, yn ferhâlding mei opname, gemo's en bestrieling yn it sikehûs lykje my in koopje foar de mienskip. Dus it flauwe ûndersykje nei de miening fan minsken oer it wol of net beteljen fan dy pear doaskes pillen is wat my oanbelanget fierstente koart troch de bocht. Stopje mei smoken is maklik, as in swier ferslave neuroat as ik it koe, soe sels de presintator fan dit moarnsprogramma it kinne moatte. Dat soe de ultime Fit mei Femke kollum opsmite kinne."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)