Kollum: "Op 'e trekker nei Sander Dekker"

01 jun 2015 - 07:37
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Ofrûne wike woansdei wie it hjir deastil op ‘e redaksje. Wy hiene krekt it nijs krigen dat Omrop Fryslân fan 1 jannewaris 2017 ôf syn selsstannichheid ferliest en opgiet yn in kluster mei RTV Noord en RTV Drenthe. Dit nijs hong fansels al in skoftke as it swurd fan Damocles boppe ús holle, mar lang om let wie it swurd dan ek wier nei ûnderen kaam. Mei in bêste klap as gefolch.

No liket it miskien as lizze wy ús as Omrop del by dit beslút. Mar dat is net sa. It duorret allinnich wat langer foar't wy hjir yn it Noarden echt lilk binne. Nim as foarbyld Grinslân. Nei jierren fan ierdbevingen en stikkene huzen wie 2014 it jier dat al dy Grinslanners der écht hielendal klear mei wiene. De opkroppe lilkens fan al dy jierren kaam der yn ien kear út. Mei trekkers en heafoarken reizgen se nei minister Kamp om sjen te litten dat se skjin har nocht hiene. En dat holp, want Kamp draaide de gaskraan in hiel lyts bytsje ticht.

Sjoch en sa wurket dat by ús Friezen ek. Wy bliuwe kalm, litte ús de kop net gek meitsje. Oant de steatssekretaris dêr yn Den Haach krekt ien stapke te fier giet. En dat gong er. Gjin selsstannige Omrop mear is in hiele grutte stap te fier. Dus komt der aksje yn Fryslân. Let mar ris op, de bom sil hjir hjoed as moarn barste.

Sels ha ik ek ris neitocht oer in oplossing om yn de takomst selsstannich te bliuwen. Alderearst kinne wy as Omrop in stichting wurde. Dat betsjut dat wy leden nedich hawwe. Yn ‘e provinsje wenje hast 650.000 Friezen, dus dat moat kinne. Nim bygelyks de KRO mei 440.000 leden of de NCRV mei 350.000. No, dy rêde it ek skoan, dus dat moat wy as Omrop ek kinne toch?

Opfallend wie dat Omroep Max it it ôfrûne jier fierwei it bêste die kwa leden. Se groeiden fan 238.000 nei rom 345.000 leden. Dus ik stel foar dat ús direkteur Jan Koster lykas Jan Slagter moarns in eigen spultsjesprogramma kriget op telefyzje. De Omrop-Geheugentrainer. En Femke de Walle wurdt ús Fryske Olga Kommandeur, tegearre mei Jaring de Groot, dy’t Karl Noten syn plakje ynnimt. Fryslân yn Beweging. Dat moat goed komme.

In twadde opsje soe wêze om as kommersjele omrop troch te gean. Dan wurde wy dus in soarte fan RTL of SBS. Dat betsjut dat ús ynkomsten tenei folslein komme moatte út reklame. Jo sille dêr as harker of sjogger net sa’n soad fan fernimme, hear. By it live ferslach fan de PC rint Geert van Tuinen allinnich de hiele tiid om mei in blikje Coca Cola yn ‘e hân, dêr’t hiel tafallich it sierlike read wite logo op te sjen is. Dizze frisdrank-gigant moat ommers sykje nei nije sportwedstriden, no’t de FIFA harren imago troch it slyk helle hat. Ik ha heard dat se fia fia by it keatsen kaam binne. Ja wier, in boppeslach.

By it fierljeppen stiet tenei in grutte giele M boppe op de fierljepstok. Ek dizze eks-FIFA sponsor socht nei in nije sport. In doping-frije sport, dy’t boppedat goed opfoel boppe de beammen út. En sa belânen se by it fierljeppen. Alle ljeppers moatte harren sportnamme wat oanpasse, ha ik begrepen. Sa wurdt Bart Helmholt tenei oansprutsen mei Big Mac Bart. Ek sil ferslachjouwer Freark Wijma allinnich noch kauwjend op in hamburger yn byld brocht wurde, wylst er nei elke sprong mei folle mûle ropt: I’m lovin’it.

Boppesteande plannen moatte fansels noch fierder útwurke wurde, mar der sit in goeie kâns fan slagjen yn. Oant it safier is, wurket de Grinzer metoade miskien noch wol it alderbêste. Mei ús allen op de trekker nei Sander Dekker. Ik sil yntusken ris efkes sjen oft ik op Marktplaats noch in goeie heafoarke fine kin.

Tiisdei om 8:15 oere is der wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)