Kollum nimt maatregels

30 apr 2002 - 00:00

Kollum hat maatregels nommen om foar te kommen dat de Kaasdagen út 'e hân rinne. Twa jier ferlyn waarden de festiviteiten fersteurd troch dronken jongerein.

Op strjitte mocht gjin alkohol dronken wurde. Dat jilde ek foar de terrassen. Boppedat rûn der mear plysje om. Dy hat tiisdei tsien kretten bier yn beslach nommen. Der wiene tiisdei goed tsientûzen minsken op 'en paad yn Kollum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)