Kollum: "Net sa skiterich: ik gean op fakânsje!"

03 aug 2015 - 09:42
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"Noch ien kollum dizze wike en dan gean ik in pear wiken mei fakânsje. No lês ik trouwens oeral dat ik dit ab-so-lút net oan Jan en alleman ferkundigje moat. Net op Facebook, twitter en fêst al hielendal net op ‘e radio. Mei sa’n bekentenis soe ik de ynbrekkers as it ware útnoegje om by my lâns te kommen foar in kraakje. No wenje ik yn Aldegea, dêr’t dy ynbrekkers sawiesa de lêste tiid al faak lânskomme foar in klus. Hmm, no ha’k dus sein dat ik yn Aldegea wenje en op fakânsje gean. Mar it wurdt in thúsfakânsje, ynbrekkers, dus set mar gau wer in streekje troch jim plannen.

By ús yn it doarp wurdt de lêste tiid manmachtich ynbrutsen. It liket wol as kinne se dit rûke yn de befeiligingswrâld, want it duorre mar efkes of ik hie in freonlike dame fan in befeiligingsbedriuw oan de telefoan. Se frege my hoe’t myn kantoar der befeiligingstechnisch foar stie. En no belle se krekt nei tsien oere, dus ik stie by Arjen Overmaat yn de studio foar de kwis Dûbeldop. “Jo belje net sa gelegen”, sei ik. “Ik stean yn de studio.” Ik hearde har net-begripend mompeljen. “Mar wy sykje noch in kandidaat foar it spultsje, dus wolle jo miskien meidwaan?”, grapte ik. Se belle letter op ‘e dei wol wer werom, sei se, en hong rapido op.

Middeis fiif oere hie’k har wer oan de telefoan. Dit kear frege se earst oft se de direkteur fan Nynke TXT oan de telefoan krije koe. Ik gniisde oan de oare kant fan de lijn. “Ach, spitich no”, sei ik. “Dy is krekt nei hûs ta gong.” Mar se joech noch altyd gjin belies, en beloofde my om de moarn dêrnei wer te beljen. En ja hear, njoggen oere, telefoan. Oft de direkteur der wie. “Dat bin ik”, sei ik. Moai sa, begûn se har ferhaal. Want ik hie in eigen bedriuw dat fêst goede befeiliging brûke koe. “Ik soe werklik wier net witte wat se by my stelle moatte”, antwurde ik. Ferkearde antwurd, want se naam fuort in list op mei saken dy’t ik fêst ek hie en dêr’t ynbrekkers gek op binne.

Laptops, tablets, telefoans, printers, routers, scanners, en digitale kamera’s. Ik skodholle. “Ha’k eins allegearre net.” It wie efkes stil oan de oare kant. “Maar u hebt toch een communicatiebedrijf?”, frege se. “Ja”, sei ik, “mar ik bin mar yn myn uppie, dus safolle stiet hjir net.” Wat ik dan krekt die, woe se witte. “Ik bin tekstskriuwer.” “Tekstschrijver?” Ik hearde har neitinken. “Voor de Libelle?” Nee, net foar de Libelle lei ik út. Foar websites, ferkeapbrochures, personeelsbleden, magazines en kollums. “En liedjes, doet u dat ook?”, frege se. “Nee”, sei ik, “want dan bist songwriter. En ik bin mar gewoan tekstskriuwer.”

Nei’t ik har oertsjûge hie dat ik wier gjin kamera’s en elektryske slotten yn myn kantoarke hoegde, beëinige se it petear. “En gaat u hier nou ook over schrijven?” frege se twifelachtich. “Neuh”, sei ik. “Heus net.” Noflike fakânsje!"

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Jacob Stelwagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)