Kollum: "Natoer"

11 nov 2015 - 08:52
  • De Toan fan Eelke Lok

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Oeral yn Fryslân stean winkels leech. Dat is soarchlik. Dat fine we al in tiid. De winkeliers sels ha der ek al ûndersyk nei dien. No, dêr waarden se en we net folle fleuriger fan. Sterker, Fryslan krijt noch mear lijen. We ha hjir aanst hielendal gjin grutwinkelbedriuwen mear. Foar in laptop of in bankstel moatte we nei Grins. Inkel yn Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean en Snits kin je noch skuon, sokken en in himd keapje. En der bliuwt mar ien supermerk oer yn middenplakken as Frjentsjer, Surhústerfean, De Gordyk en De Lemmer, mear net. De konklúzje wie: Fryslân moat him hjir as provinsje tsjin wapenje. Wapenje! Och heare, grut-deputearre Sander de Rouwe hie alle winkelwethâlders moandei fuortendaliks al op it provinsjehûs. En wêr kamen se mei. Presys, der komt in nij ûndersyk. Nei jo en myn keapgedrach yn de takomst. Keapje we ús tsjerkepipermuntsjes dan ek fia ynternet. Dat ûndersyk sil wêze earne yn 2016. No en doe joegen se elkoar de hân en gienen wer nei hûs.

Twa dagen letter, juster dus, wie yn it nijs dat dy âlde fertutearze skuorre by Laaksum, it lytste doarp fan Fryslân, feroare wurde sil yn in fiskwinkel. Notysje foar de ûndersikers yn 2016: ik keapje fisk no meast yn Snits. Mar as it der wat op liket, gean ik nei Laaksum. De Ljouwerter lju giene moandei wat oars nei hûs. In dei letter kamen se al mei in griene nota. Ja, se seinen dat it út soarch wie om't de boeren hieltyd minder natuerlik buorkje. No en dan soe Ljouwert yn de stêd mar soargje moatte dat dy natoer wer werom komt. Mar it wie fansels sa dat op de plakken dêr’t se in Albert Heijn tocht hienen, mar dy komt dus net, dan kin dêr moai grien komme. Ek noch wol aardich wat wyld grien, mar dat meie de lju dy’t der om hinne wenje sels bepale. We kinne ús no al de gearkomsten foarstelle. Ik wol der in bûkebeam, ik wol dêr flinterstrûken, ik wol toarnbeien. It wie sa moai rêstich yn Ljouwert oer asylsikers, mar no wurdt it noch likegoed oarloch.

De echte natoer komt werom yn Nijhoarne. In stik fan sa’n tolve bunder, dêr meie jo begroeven wurde. Gewoan in dobke dolle, jo mei it ek sels dwaan. En jou je dêr mar yn del, der komt wol ien om de grûn der wer op te smiten, oars wurdt de natoer sa’n sloarderige boel. Mar ik tink sels dat de lju dêr ek noch wol efkes yn de frieskiste wolle om dan mienskiplik bedobbe te wurden mei de Flaeijelfeesten. Want o wat lis je dêr rêstich. Noflik foar it neiteam. Gjin gegriem mei stiennen en wat dêrop moatte soe. Der stean net oates en toates allegear skriemende lju op jo fuotten. En hiel wichtich, der stiet net ien oan in grutte, te lûde klok te skuorren as der wer ien te hôf brocht wurdt. Jo lizze dêr fredich. Ek as der wer ien bedobbe wurde moat, by dy tolve bunder dan bin se ek sa mar in ein út de buert. Ach, der skyt ris in ree of in foks op jo grêf, mar dy meitsje lang sa folle libben dêrby net as in minsk. Bytsje ticht by in beam lizzen gean, dan ha je mar in bytsje lêst fan meanen. Miskien kin je in skries wol safier krije dat hy in aaike op jo leit. In skries komt eins alle jierren op it selde plakje wer werom, jo krije samar in freon.

Ik ha noch al efkes tocht, ik sjoch op tillefyzje oates en toates dat lju wer opgroeven wurde, fanwege dna of wit ik wat. Bin je noch wol wer te finen. Miskien moat jo bern efkes dat ljippeappke op de tillefoan ha, sadat presys útmetten wurdt yn gps wêr’t jo lizze. Dan is it dus saak om lizzen te bliuwen, oars fine se jo net.

Fantastysk. Begroeven wurde yn de natoer. Meitsje fan alle krematoaria mar bakkerijen, elkenien wol aanst yn de natoer dellein wurde. Der is mar ien swierrichheid. Nijhoarne. Ik ha hielendal neat mei Nijhoarne. Sterker, ik soe dea net iens yn Nijhoarne lizze wolle."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Eelke’s Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)