Kollum: "Myn blije doos"

15 feb 2016 - 08:44
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Ik sil it mar earlik opbychte: juster bin ik tritich wurden. […] No binne der minsken dy’t dêr in hiel o-heden fan meitsje, mar earlik sein ha ik der net sa folle mei. Mei jierdeis oer it algemien net en mei tritich wurden al hielendal net. Wol stie der justermoarn in prachtich boerd yn de tún, al hie’k noch sa sein: neuh, doch dat mar net. De tekst sil ik jimme besparje, mar it boadskip wie dúdlik: dizze beppe is tritich.

No ken ik minsken - froulju foaral - dy’t it ferskriklik fine om âlder te wurden. Mar neffens my hat it eins allinnich mar foardielen. Ik ha der ris efkes djipgravend ûndersyk nei dien en werklik wier: hoe âlder ast wurdst, hoe better oft it wurdt. Sa kaam ik op in webside mei 30 foardielen fan 30 wurden. No is dat wat te folle fan it goeie, dus ik ha de wichtichste foardielen der efkes útpikt.

Alderearst lêsde ik dat dyn lichem noch hieltyd sterker wurdt. Op dyn 35e skynst op dyn sterkst en fitst te wêzen. Boppedat freget dyn lichem hieltyd minder lytsskalich ûnderhâld. Dêrmei bedoel ik de deistige meanderij. Ast âlder wurdst groeit der simpelwei minder hier op plakken dêr'tst it net ha wolst, dus dat skeelt aanst hiel wat oerkes skearen en waxen. Ek wurde dyn tosken minder gefoelich, omdat der hieltyd mear tandbeen oangroeit. Dus in besite oan de toskedokter wurdt aanst in gesellich útstapke.

En der binne mear foardielen. Bist bygelyks minder faak ferkâlden, omdatst yn al dy jierren ymmún wurden bist foar de measte ferkâldheidsfirussen. Mar dan komt no it alderwichtichste en ik leau dat ik it fuort ek al fernim. Hoe âlder ast wurdst, hoe grutter ek dyn 'denkvermogen' wurdt. Us harsens hâlde nammentlik nea op mei groeien. Dêrmei groeie dus ek ús yntellektuele kapasiteiten. En ik moat sizze dat ik ien dei nei myn tritichste al fernim dat ik in stik tûker bin as op myn 29e. Doe wist ik bygelyks noch net wa’t Zet Zet Top wie, en dat wit ik no wol. Sjoch, it bewiis is der.  

Doe’t ik dit allegearre lêsde wie der in joechoestimming yn myn hiele lichem. Mar der wie ien lichemsûnderdiel dat wat minder entûsjast wie. Myn blije doos seach wat sipjes. Ik bin der nammentlik efterkaam datst fan dyn tritichste ôf alle fiif jier ferplicht in útstrykje ha moast. En lit dat no krekt nét ien fan myn hobby’s wêze.

It útstrykje. It heart as in gesellich onderonsje by de húsdokter mei in bakje tee en waarme stroopwafels. Mar neat is minder wier. Ferfang dy waarme stroopwafels mar troch in iiskâlde einebek en dy rêstjouwende tee troch blike panyk. It is in hél. Alteast, dat skynt it te wêzen.

Nei alle ferhalen dy’t ik heard ha, docht it wurd útstrykje myn mage, ynklusyf aaistokken en baarmoeder twa kear omdraaien. Dit foarútsjoch hâldt my al inkelde wiken ’s nachts út ‘e sliep. Ik sjit al folslein yn de stress as ik tink oan it momint dat dy útnoegingsbrief aanst by my op ‘e matte falt.

Mar gelokkich lêsde ik op dy webside mei 30 foardielen fan 30 wurden, ek noch it folgjende. Hoe âlder ast wurdst, hoe minder stress ast hast. Fan dyn 30e ôf sakje dyn negative emoasjes en pikerest minder. Mei oare wurden: wurdst sa relaxt as in Eskimo mei flierferwaarming.

Dêr hâld ik my dan mar oan fêst. Dit gegeven yn kombinaasje mei de wittenskip dat it hier dêr ûnder ek hieltyd minder rap groeit, makket fan sa’n útstrykje yn prinsipe in makje. Godzijdank. Ha ik dochs noch in bytsje in blije doos.  

Noflike moandei!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)