Kollum: "Moaiens"

20 nov 2015 - 08:50
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, sjoernaliste en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn Fryslân, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer fan alles en noch wat: oer superfoods, Halbe Zijlstra, de Fryske taal of wat har ek mar ferwûnderet.

"Dizze hiele wike bin ik oan it wurk mei in fotograaf. Hy is konsertfotograaf, en frijwol it hiele jier op 'en paad mei muzikanten en bands. Sa no en dan wurkje we tegearre en dan komt er meastentiids streekrjocht út Berlyn, Londen of Budapest út in toerbuske rôljen. 
“Ik ha dit jier ek wol tweintich kear yn Paris west”, fertelde er fan 'e wike. Hy kin in protte minsken yn dizze stêd. Hy krige sneontemoarn in protte berjochten op Facebook dat freonen en kollega’s út Parys ‘as feilich’ oanmerkt wiene. Gelokkich mar.

Hy hie it samar wêzen kinnen. Hoe faak hy wol net yn in konsertseal stien hat. Untelbere kearen. Tusken de minsken troch slalomjend om de bêste foto te meitsjen. Foar it poadium, op it poadium. Efter de kûlizen. De muzyk yn de earen.  
Hoe faak ik sels wol net yn in konsertseal stien ha. De geur fan frjemde minsken. Fan bier. Fan wille. De hannen dy't de loft yn gean. De hannen dy't opinoar gean. De muzyk dy't alles folt. It gelok as it moaiste ferske spile wurdt. 

Miskien kaam it dêrom wol sa hurd binnen, de berjochten en de bylden oer it teater yn Parys. It rekke my djip. Safolle ellinde op hillige grûn. Dat klinkt miskien wat patetysk, mar sa fielt it al in bytsje. Ik bin der eins noch hieltyd wat bedrukt fan. 

It yntinse gelok dat je fiele kinne as je nei live muzyk lústerje en dat se just dêr... 
Myn earste konsert wie... yn Parys. It wie fan U2. Ik ha as skoalbern in pear wiken lang yn de droechblommen yn it Drintske Smilde wurke om mei it jild dat ik fertsjinne it konsertkaartsje te beteljen. U2 soe foarige wike ek spylje. Yn Parys.
  
Live muzyk is betoverjend. Mei syn allen lústerje nei soks ûnbedoarn, wat rjocht foar je noas kreëard wurdt, bliuwt magysk. As publyk kin je je dan sa ferbûn fiele mei-inoar. Alle positive enerzjy komt tegearre. De seal wurdt soms optild.

Oft je no lústerje nei in popkonsert, in klassyk konsert, nei de blazers fan De Bazuin, of in koarke yn 'e tsjerke op snein, muzyk kin sa djip reitsje. En dat kin net ien kapot meitsje. Gjin Kalasjnikov kin dat berikke. Der sil altyd muzyk wêze. Der sil altyd moaiens wêze.

Dat ha we nedich. Hielendal no. Altyd. Moaiens ha we nedich. Muzyk dêr't je fan hâlde. Poëzy. Moaie stikken om te lêzen. Keunst. En in protte leafde. Foar elkoar. Want:

As de leafde net bestie
Soenen rivieren net mear streame
En de langstmen en de dreamen
As de leafde net bestie

As de leafde net bestie
Soe it strân de see ferlitte
Se kamen inoar net mear temjitte
As de leafde net bestie

As de leafde net bestie
Soe de moanne net langer skine
Soe gjin dichter wurden fine
As de leafde net bestie

Gjin blommen mear yn ’t fjild
En it grien rekke fertoarre
Oeral tichte doarren
En de klok foel yslik stil

As de leafde net bestie
Dan wie de hiele frijerij bedoarn
Hiel de wrâld wie samar útstoarn
As de leafde net bestie

As de leafde net bestie
Soe de sinne net mear strielje
De wyn de loft net mear besielje
As de leafde net bestie

Gjin apel dy’t noch ripe
Lykas ea yn ’t paradys
As wy inoar net mear begripe
Dan is de wrâld sa kâld as iis

Ik stoar hieltyd op ’e nij
En myn azem soe befrieze
Soe ik dyn leafde ferlieze
Der is gjin leafde sûnder dy

Gedicht: Toon Hermans
Oersetting: Nynke Laverman" 

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)