Kollum: "Mingd dûse sûnder Guus"

15 jun 2015 - 10:25
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"Mingd dûse sûnder Guus"

Sieten jo freed ek plat foar de EK kwalifikaasjewedstriid fan it Nederlânsk alvetal tsjin Letlân? Ik al. Net omdat ik no sa’n Oranjefan bin, hielendal net eins. Mar dit kear woe en soe ik sjen hoe’t de mannen fan bûnscoach Guus Hiddink it dienen. Guus hie my nammentlik op skerp setten. Nei de dramatyske nederlaach yn de oefenynterlân tsjin Amearika sei er dat er it gefoel hie as siet er nei in kuorbalwedstriid te sjen. Sjoch, en dêr makket Guus gjin freonen mei. Want fan kuorbal moast ôfbliuwe.

It is in jierrenlange striid: de striid tusken kuorballers en fuotballers. Mar eins komt it mar fan ien kant. Freegje oan kuorballers wat sy fan fuotbal fine en elkenien hat wol in favorite klup. Sterker noch, de helte fan de kuorballers dy’t ik ken, hat sels in seizoenkaart by Hearrenfean of Cambuur. Mar freegje in rasechte fuotballer wat er fan kuorbal fynt en hy komt superlativen tekoart. Mietjesport, neat foar echte mannen. Want tsja, it is mingd hè: mei froulju der by. En mei froulju yn ‘e ploech kin it fansels neat wurde. No… dat wit ik sa krekt noch net.

Lit wy hiel earlik wêze: oant no ta spilet Oranje noch net echt de stjerren fan ’e himel. Fan Letlân waard dan wol mei 2-0 wûn, mar om no te sizzen dat dit in walk-over wie, noh neuh. En dat komt neffens my omdat ús manlju mear toaniel spylje as fuotbalje. De helte fan de tiid leit der wol ien fan ús fedetten op ‘e grûn te gûlen nei't der in hiele, hiele gemiene oertrêding makke is troch de tsjinstanner. Benammen Wesley Sneijder hat der in hantsje fan. Stomp tsjin syn noaske, earmtakke yn syn búkje en dêr leit er wer te kronkeljen op it fjild. It hiele spul moat stillein wurde oant in fersoarger mei wûnderwetter Wesley wer by sûp en sturt kriget. It is hast beskamsum om nei te sjen.

Ik bin der wis fan dat dit mei froulju yn de ploech hiel oars giet. Myn foarstel is dan ek om in pear froulju yn Oranje sette tusken al dy ferwende fuotbalmiljonêrs. En dan net fan dy sêfte betutteljende froulju, nee, echte oanpakkers. Power froulju dy’t koarte metten meitsje mei dy oanstellerige mantsjes. Nim bygelyks in Lutz Jacobi. Dy soe prachtich op it middenfjild kinne. Elke kear as Wesley wer teatraal ter ierde stoart, grypt Lutz ‘m fuortendaliks by kop en kont. ‘Lit ris sjen jong. Och hea, in sear earke. No sa, tút der op.’ Wesley wit net wat ‘m oerkomt fansels, mar foar't er it goed en wol yn ‘e gaten hat, stiet er al wer rjocht oerein en kriget er in skop ûnder de kont wylst Lutz ropt: ‘Hup, en no mar wer drave jonge’. Sjoch, Lutz is in âld-kuorbalster, dy wit wol hoe’t soks moat.

Yn de ferdigening sette wy powerfrou Petra Groenland, de coach fan de follybalfroulju fan Snits, de nije lânskampioen fan Nederlân. As der ien is dy’t net fan opskeppen hâldt, dan is it Petra wol. Dus as Bruno Martins Indy wer ris it shirt demonstratyf útdocht om syn sixpack oan de wrâld te toanen, dan is Petra der fuortendaliks by om him in korrizjearjend tikje te jaan. “Shirt oan, gjin geouwehoer”. En mocht keeper Jasper Cillessen wer wat lêst krije fan syn hamstring, dan kin Petra ek altyd noch op goal. Dy smashed ommers alle ballen mei grut gemak út it net.

Ek de foarhoede fan Oranje kin wol wat froulike ynspiraasje brûke. En wa is dêr no geskikter foar as powerfrou Doutzen Kroes. Yn no time kin Doutzen hooplik al ús spitsen wer wat yn foarm krije. Want der is gjin ien dy’t yn sa’n lyts skoftke tiid nei de berte fan har bern al wer yn superfoarm wie as Doutzen. In dei nei't it topmodel har soantsje Phyllon op ‘e wrâld sette, draafde se al wer yn bikiny oer it strân. Dus Doutzen har earste doel wurdt om oan de slach te gean mei Robin van Persie, want dy is syn foarm al jierren kwyt. Miskien moat er ek ris boarstfieding jaan, want dat is neffens Doutzen nammentlik har grutte geheim.

Hoe dan ek, ik wit seker dat wy mei in mingd Nederlânsk alvetal fersekere binne fan pleatsing foar alle kommende EK’s en WK’s. It sukses sit ‘m yn de wikselwurking tusken manlju en froulju. Dat bewize wy as kuorballers wol, mei fiif EK en mar leafst acht WK titels. En litte wy de grutte fantasy fan al dy fuotballers dan ek mar yn eare: nei ôfrin mingd dûse. Mar sûnder Guus. Dy komt der net mear yn."

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)