Kollum: "Middelfinger fan tekstyl"

05 apr 2016 - 08:25
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"De spanning hie him troch de waarberjochten al aardich opboud. In bytsje sa as foar Sinteklaas, dêr’tst as bern suver licht fan yn de holle reitsje koest. Tweintich graden en amper wyn, sei Pyt. En as Pyt it seit hâldt men dêr rekken mei. Likegoed stapte ik sneintemiddei sûnder euvelmoed de achtertún yn. De kat lei al te knypeagjen yn de sinne, in span dowen haffele yn in hânfol fretten om, en buorfrou fan tachtich siet pontifikaal yn de koarte rok en mei bleate skonken tusken de konifearen. Ik socht hâld by de drûchmûne, en sykhelle goed djip om it hart wer op gong te krijen. ‘Jo sitte der luftich foar, buorfrou,’ sei ik. ‘Waar om te wierjen, jong,’ sei se. Doe wist ik dat it miskien wol ris rokjesdei wurde koe.

Rokjesdei is en bliuwt in fenomeen. Sa’t Martin Bril it formulearre: Rokjesdag is die ene dag in het voorjaar dat alle vrouwen als bij toverslag ineens een rok dragen, met daaronder blote benen. Foaral dat toverslag is belangryk, dat is nammentlik de essinsje fan rokjesdei. It spontane, it ûnbewust reagearjen op de natuer. Sûnt it weireitsjen fan Martin Bril dogge guon froulju it op syn stjerdei, of besykje se gewoan in datum ôf te praten, as in soarte fan Nasjonale Rokjesdei. Mar op dy wize dogge se de neitins fan Bril syn observaasje tekoart, al hoe sympatyk fierders ek. Se wolle planne wat feitlik in mystyk barren is. Mear as krokussen en Milaan-San Remo betsjut rokjesdei it echte begjin fan de maitiid. Rokjesdei stiet foar ûnthjit, nije kânsen, fruchtberens en frijheid. It hat neat mei erotyk út te stean, op syn heechst mei sensualiteit, en dat is fûneminteel wat oars.

Sa’t it him oansjen lit is it in Westersk fenomeen. Amearika ken it ek, dêr hjit it Skirt Day. Dêr’t frijheid en gelikensens hearsket, fynt men rokjesdei. No wit ik wol dat gelyk net hielendal gelyk is, want leanen foar froulju lizze hjir noch altyd leger, en yn de top fan it bedriuwslibben binne minder froulju as manlju, dat der falt noch genôch te winnen. Mar doch meie wy as maatskippij op mear as ien wize bliid wêze mei sa’n feestdei.

Dat it sels bepale kinne wat je as frou oandogge deryn weaget, bliek lêsten. Doe krigen froulike amtners yn stedsdiel Nieuw-West fan Amsterdam te hearren dat se gjin koarte rokken en jurken mear oan mochten, likemin as knibbellearzen. Guon klanten fûnen dat ordinêr, en dus lei de teamlieder in ferbod op. Dy teamlieder wie in frou en blond, mar Rokjesgate wie in feit. Dat foarfal lit sjen hoe gefoelich soks leit. By einbeslút draait it om frijheid, de frijheid om te dwaan wat je wolle, om oan te dwaan wat je wolle. Sa besjoen is rokjesdei, behalve in mystyk barren, ek in middelfinger fan tekstyl nei ûngelikensens, nei ûnderdrukking, en ja, nei religieuze dwylsin. Rokjesdei is it fieren fan it libben yn syn meast spontane en meast fûleindige foarm.

O ja, doe’t ik buorfrou letter wer mei in broek oanseach, wist ik dat it noch gjin rokjesdei wurde soe. En stikem, hiel even, wie ik ferromme…"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)