Kollum: "In lul foar de klasse"

19 okt 2015 - 10:18
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"In skoftke lyn hie ik it oer de wittenskip en ferbaasde ik my oer de ûnderwerpen dy’t ûndersocht waarden troch de gelearden. Dy folle blazen, bizonfroutsjes sûnder GPS en linkshannige sabeare kreativelingen, ommers. Ik fûn it stik foar stik ûnsinnige ûndersiken. En oft se harren dizze krityk no oanlutsen hawwe of net, dizze wike wie de risping op wittenskiplik flak in stik better, moat ik sizze. Undersiken fan de Pabo stiene dizze wike sintraal. En dêr kamen hiel wat minder ‘lullige’ resultaten út.

As jo it wurd Pabo hearre, dan sille de measten fan ús oan dy oplieding tinke dêr’t masters en juffen makke wurde. Mar it kin ek in online erotykwinkel wêze. En beide stiene folop yn it nijs by de Omrop. Om te begjinnen mei dy earste juf en master Pabo. Ut ûndersyk docht bliken dat 13 prosint fan de ôfstudearre basisskoalledosinten man is. Dat is dus mar ien op de tsien, as ik dat goed berekenne ha. Ik ha ek in jier op de Pabo sitten en bin wûnder boppe wûnder slagge foar de rekkentoets, dus it moat goed wêze.

Ien op de tsien 'versgebakken' basisskoalledosinten is dus in man. En dat is in minne saak foar it ûnderwiis, konkludearret minister Jet Bussemaker. Dêrom kaam se mei de kampanje ‘Veel Meer Meester'. De start wie ôfrûne wike op it stasjon yn Ljouwert, wêrnei’t se mei de trein in reis makke troch hiel Nederlân om manlju waarm te meitsjen foar it fak fan skoalmaster. No snap ik de link tusken de trein en it ûnderwiis net. Miskien wie it in wurdgrapke, Bussemaker yn de trein ofsa. Mar klear. It boadskip is dúdlik: der moatte mear jonges foar de Pabo kieze.

No is it miskien myn dirty mind, mar ik seach allegear wurdassosjaasjes yn dit berjocht, dy’t linke nei dy oare erotyske Pabo. Allinnich de titel fan de kampanje al: Veel Meer Meester. It docht my fuortendaliks tinken oan dy swypkes en hânboeien út Vijftig Tinten Grijs. En ek it plan om manlju ‘waarm’ te meitsjen foar it fak, leveret by my hiele oare assosjaasjes op. Foar it fak skoalmaster moast hiel wat yn dyn ‘mars’ ha, hearde ik ien fan de manlike Pabo-studinten yn it sjoernaal sizzen. Yn dyn mars, inderdaad. Of dyn snicker, tis mar krekt wat foar smaaklike bynamme ast dyn jongehear jaan wolst. En sa belânje wy flekkeloos yn it twadde ûndersyk, dat ôfrûne wike de gemoederen op de redaksje hjir by de Omrop flink dwaande hold.

De erotyske Pabo hie nammentlik ûndersyk dien nei de maten fan kondooms dy't by harren besteld wurde. En wat docht bliken? Hjir yn Fryslân ha manlju de aldergrutste. Net sa gek mei Grutte ‘Pier’ as stamhâlder fan it Fryske folk. Grutte Pier hie destiids in grau swurd en noch altyd ha de Fryske manlju dus net te kleien oer harren ridskip. Dêr’t Hollanners in beskieden M-kondoomke útsykje, kieze de Fryske goden foar minstens in XL’tsje en it leafst ek noch mei ierdbeismaak. En sa stiet dus as in peal boppe wetter dat wy hjir de grutst geschapen manlju hawwe. Ek die de erotyske Pabo ûndersyk nei hokker froulju de grutsten hawwe. Memmen mei de grutste memmen blike yn Oerisel te wenjen. Sjoen nei myn eigen lyts boskje hout foar de doar, liket dat wol aardich te kloppen. Ik ha mei myn lytse kninen yn elk gefal persoanlik net echt bydrage kinnen om ek de titel grutste foargevel binnen te slepen, sil ik earlik tajaan.

Mar gelokkich ha’k in grut ferstân en dêrmei betocht ik it folgjende plan. Is it ek in tûk idee om beide Pabo’s te kombinearjen? Neffens Bussemaker moat der mear testosteron yn it dosinteteam, dat no benammen strak stiet fan stressige froulike feromonen fan al dy juffen. Dus as wy no ris letterlik ‘swier geskut’ ynsette. Net in lullich pikkie foar de klasse, mar in pear flinke jonges mei Friezen fan formaat, dy’t it fak skoalmaster wer wat body jouwe.

Ik bin der wis fan dat der fuortendaliks ek gjin tekoart mear is oan lûzememmen. Mei sa’n Tarzan foar de klasse ha Fryske basisskoallen binnen de koartste kearen in wachtlist foar foarlêsmemmen en froulju dy’t wol in beskútsje ite wolle mei de master as oerbliuwmem. Mei oare wurden: in win-win-situaasje.

Mar, boppe-al moatte dit fansels ek leave jonges wêze. Masters mei hert foar de saak. Want in lul foar de klasse, dêr ha wy fansels gjin sek oan."

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nlTiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)