Kollum: "Lucky Ajax"

21 apr 2016 - 09:52
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Alles wurdt hjoed-de-dei registrearre. Je kinne hast nergens fatsoenlik mear ynbrekke of der stiet wol in kamera op je noas. Werklik wier, oeral wurde bylden fan makke, dy’t as bewiis opfrege wurde troch plysje en justysje. Ideaal foar it oplossen fan misdriuwen. De pakkâns wurdt mei de dei grutter en de moed sakket je fan te foaren al yn de skuon om it überhaupt noch te besykjen. Foardat je it witte steane je der op de sosjale media gekleurd op by jo ramkreak of oare net tastiene opstiging. De wrâld stiet wat dat oanbelanget dus net stil. Hoewol...

As jim it goed fine nim ik jim efkes mei werom nei it ôfrûne wykein. Yn Amsterdam wie in alderaardichst potsje fuotbal. It waard alderaardichst omdat FC Utrecht yn it hol fan de liuw mei 0-2 foar kaam mei noch mar in lyts skoftsje te spyljen. De titel, dy’t Ajax al hast yn de bûse hie, koe no ek samar nei Eindhoven gean. Leuke telefyzje en ik gun PSV it kampioenskip eins krekt wat mear as Ajax, mar dat geheel terzijde. It like noch even spannend te wurden doe’t Ajax de 1-2 makke, mar dêr soe it wol by bliuwe, want Utrecht wie minstens lykweardich oan de Amsterdammers.

Trainer Frank de Boer siet mei in swart gesicht op ien fan de nei Dútsk foarbyld delsetten stuollen. Njonken him twa krukken, want hy hat in blessuere oan de foet en moat dus mei krukken rinne. Ik seach him trouwens ek al in kear sûnder dy dingen nei de sydline rinnen, dat kaam troch de emoasje en dat makket sport no sa aardich. Mar doe’t ien fan de Ajax spilers in swalbe fan hjir oant Tokio makke en de skiedsrjochter, dy’t der ek noch flak by stie, dêr in penalty foar oer hie, wie foar my de aardichheid der ôf. Fuotbal mei dan ien fan de populêrste sporten op ierde wêze, earlik giet it der net om en ta. En daliks begûn it grutte bagatellisearjen al wer. ‘Ja, no hat Ajax in kear gelok, mar PSV hat yn dy en dy wedstriid fan in healjier lyn ek al ris in gelokje hân, dus is it no ien ien en Ajax mei him dus aanst de terjochte kampioen neame’, en mear fan dat soarte teksten. Ik ha de tv út dien. Wat in flauwekul.

Sil ik jim ris fertelle hoe’t dat ek kin? En dan earlik? As der by mondiale grutte sporten as bygelyks rugby in diskutabele aksje is, freegje de skiedsrjochters gewoan even de tv-bylden op en dan kinne se in beslút omdraaie. Dat is earlik. It romantisearre fuotbalgeneuzel dat in skiedsrjochter ek flaters meitsje mei is ûnsin. Fansels makket dy persoan flaters. Dat dogge wy allegearre. Mar der is hjoed-de-dei technyk dy’t soks beoardielje en ferbetterje kin.

Noch in trêd heger yn de ûntwikkeling op dat mêd is de National Hockey League yn Noard-Amearika. As de skiedsrjochters der dêr net útkomme kinne mei de beskikbere bylden, litte se it oan de sintrale yn Toronto oer. Dy hjit The Situation Room. Dat is in soarte fan NASA bestjoeringssintrum dêr’t alle bylden fan alle wedstriden binnen komme en sa nedich analysearre wurde. Dy sjogge alles dat in oar net sjocht of sjen kin. Oant yn detail. Om it op it fuotbal te projektearjen: As der in spiler fan Ajax in stjerrende swan spilet, freget de skiedsrjochter even de bylden op, mocht er dan noch net wis wêze, kin yn in pear tellen de Situation Room útslútsel jaan. Sa krije jo in earlike kompetysje dêr’t gjin sprake mear fan lucky Ajax is. Fuotbal en benammen de FIFA kin wat dat oanbelanget in puntsje sûgje oan it iishockey, dat dizze techniken al jierren en jierren gewoan brûkt. FC Utrecht hat snein twa punten te min krigen. En dat hie net nedich west as de wat dit punt oanbelanget ultra-konservative fuotballerij mei syn tiid mei gien wie."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)