Kollum: "Lit ús springe"

01 jan 2016 - 09:46
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums gean oer it deistige libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op Twitter.

"Lit ús springe

It is ier en betiid foar in nijjiersmoarn, dus wat goed dat jimme lústerje. Flink hear, soe ús beppe sizze. Binne jimme miskien noch in bytsje beskonken? En moat ik wat lûder prate fanwege al it karbidsjitten? Of sitte jimme krekt al warber yn bikiny of swimbroek te wachtsjen op in nijjiersdûk yn ien of oar stienkâlde Fryske mar? Eefkes de fette oaljebollen en appelflappen derôf swimme? Ik net!

Ik soe no nei Skeveningen fytse kinne dêr't aanst hûnderten minsken mei in Unoxmûtse op de see yn drave. Ikke net! Ik bin in watsje en bin dêr grutsk op. Jo krije my mei gjin stok yn it kâlde wetter. Dat komt omdat ik as bern swemles hân ha yn it stienkâlde bûtenbad fan Surhústerfean. Dêr sjoch ik my noch stean te klappertoskjen mei de fûsten bald ûnder it kin. Blaubekjend. Ik bleau krekt sa lang oan de râne stean, oant ik net oars koe as der mei goede moed yn springe.

Hawar. Wat Unoxmûtsen betsjut, dan tink ik mar oan ien ding: de Alvestêdetocht fansels. Unoxmûtsen op de Bonkefeart wolle wy sjen yn dit spiksplinternije jier! Kom op, klimaat. Do kinst it. It is no noch fierste waarm. Juster seach ik in plaatsje fan in bloeiende paksoi. En fan 'e wike hat in boer yn Nij Beets syn greide meand.

Mar ek al fleane der flinters yn de winter, stiet de magnoliabeam fan de buorfrou yn bloei en hear ik moarns fûgeltsjes, der kinne bêst in pear goede wiken froast oerhinne komme, ek al seit Pyt fan net. Wa wit. De natoer hellet no ek fratsen út, dus it soe net raar wêze as it aanst ynienen as in gek begjint te friezen.

Leave minsken, wat sil 2016 ús bringe? Miskien bringt it jo wol in nije leafde. In nije baan. In hearlike sinnige fakânsje. Of in nij hûs. In nij hûntsje. Of gewoan lyts gelok. Al wit ik dat it hjoed in gewoane nije dei is, ik haw dochs op nijjiersdei altyd it gefoel dat der in sulverskjin nij begjin foar my leit.

Hawwe jim dat ek? Dat der tal fan mooglikheden binne, omdat je noch net witte wat der allegear stiet te gebeuren. En dat betsjut dat der in protte moaie dingen gebeure kinne. It jout my itselde gefoel as in nije aginda keapje. De blanko fellen. Maagdlike wite papierkes dêr't allegearre nije ideekes yn komme te stean. In hearlik gefoel is dat.

En ik soe sizze. Wês foaral net bang dit jier. Foar de takomst en foar feroarings yn ús lân. Dat is it libben. Dat is altyd yn feroaring. Dat hâlde jo net tsjin. Dêr bang foar te wêzen hat gjin sin. Bang foar it ûngewisse makket jo ûngelokkich. En jo krije der in omleechhingjende mûle fan.

Dus, gewoan net dwaan. Ik bin ek wier wol ris bang, hear. Ik haw in lytse poppe. As ik op bêd lis, flitse der faak bylden troch myn slieperige holle fan mysels op de fyts mei de poppe foarop, dat der dan wat bart yn it drokke ferkear. Hat gjin sin. De folgjende dei stap ik dochs gewoan wer op de fyts en bin ik de eangstige tinzen wer fergetten.

Wy witte net wat 2016 ús bringe sil, mar krekt as dat lytse famke dat oan de râne fan it swimbad stie: lit ús derfoar gean. Lit ús fol goede moed springe!

Segen yn it nije jier!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)