Kollum: "Lêze"

30 mrt 2016 - 08:49
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"De Peaske wie kloatewaar, sels de ljipaaien waaiden út de nêsten. Dus jo jouwe jo thús del, stofsûgje miskien in kear ekstra en sjogge twiveljend nochris nei bûten. Ach nee, de tún dochs mar efkes gewurde litte. Dan gean je langút op de bank lizzen. Jo lêze. Ik hie’t wol efkes hân mei dat drege boek fan Femke Halsema, dus ik skeakele oer nei in boekje fan Theunis Piersma. Nee, net fan dy nije wethâlder fan Dantumadiel, ik bedoel de natoerprofessor. Fan Gaast. “Waarom nonnetjes samen klaarkomen”. It is fan 2006, mar ik hie’t noch nea lêzen. Syn ûndersyk nei klearkommende skelpen. Moai.

Mar tsjintwurdich binne wy lui, twa boeken is tefolle. Dus jo pakke dan de appkes. Nijs. Oan de Poastwei yn De Sweach (eartiids wie dat de houliksmerk foar de jongerein út de fiere omjouwing) ha natuerlju allegearre lytse skermkes oplutsen. Dy skermkes twinge de podden om op ien plak oer te stekken. Want dy podden binne like idioat as einen en hazzen, as se wip yn de angel ha, dan moatte se oerstekke. Dy einen kinne wy noch om hinne, mar dy podden dogge it mei syn hûnderten tagelyk, dêr ha we wol oan. Se wurde no oerlitten, mar Opsterlân wie alle stopljochten kwyt, mar dy komme fansels no wer werom dêr oan de Poastwei. We leare dy podden gewoan op it knopke te drukken en ho. Dat je dêr dan de hiele nacht steane is ek wol dúdlik. Mar dan sykje je mar in oar skelpke en dogge der leuke dingen mei.

As je wol trochride, dan bin je favoryt fan kritikus Huub Mous. Dy wol nammentlik dat KH18 in 'killer' krijt. Lies ik ek op de telefoan. Ferwûnderlik. Huub Mous hat altyd hiel bot tsjin west op KH18 en dy wol no ynienen de oplossing biede om't KH18 minder jild krijt as se wol tocht hiene, sadat it wol trochgean kin. No moat dy 'killer' dus gjin podden dearide, mar jild sammelje. Ik prate in pear wike lyn mei Jan van Erve dy’t dat jild binnen helje moat en dy wie o sa tefreden. Hy is en hoegde gjin killer. Betizing, It folk fan Fryslân soe wol rjocht ha op in dúdlike útlis en diskusje oer ien en oar. Mar ja, al dyjingen dy’t dat sa moai objektyf organisearje kinne soenen, sitte mei hannen en fuotten yn KH18 om te griemen en wolle de boel net sear dwaan. Mar ik hear hjir en dêr dochs wol wat langstme nei de wize wêrop't Jannewietske de Vries it eartiids op preammen set hat.

Dus lies ik ek mar efkes wat Bertus Mulder, de âlde wize fan de Fryske PvdA, allegearre sein hie, mar dat gie net oer KH18. Dat gie oer dat yn de PvdA allegearre ferkearde lju en technokraten sitte, dat der inkeld yn de tiid fan Troelstra noch goed neitocht waard yn de PvdA en dat der oarloch kommendewei is oan de râne fan Europa. No, dêr koe ik it allegearre wol mei iens wêze en ik soe al tefreden nei it folgjende appke, doe't lies ik dat Mulder ek sein hie dat Henk Deinum in idioat is, want dy wol Fryslân ta ien gemeente meitsje. En Mulder fynt sels in gemeente as Súdwest-Fryslân al te grut, ûnfoldwaande omtinken foar it lytse. De wurden fan Mulder glieden as in fette iel yn de mûle fan de âlderlingen fan de SGP yn Dantumadiel. Ik wit dat se oerwoegen ha om Mulder nije wike de preek fersoargje te litten, mar se wiene dochs te benaud dat er it dan noch efkes oer Troelstra ha soe, en dy leit noch altyd net goed by de Westerener SGP'ers.

Ik sis mei opsetsin Westereners, alhoewol dêr ek gâns oare doarpslju yn sitte. Mar it is it Westerener gefoel, dat dy fúzje mei Dongeradiel en sa net trochgiet. De Westereen wie eartiids altyd in frij doarp, die syn eigen dingen. Ald-boargemaster Aalberts is der wol tsjin yngien, mar moast belies jaan. Mar no binne de Westereners benaud dat se wer sa´n gefjocht oangean moatte mei Waalkens en it gruttere Dokkum. Dêr ha se gjin sin oan. Dus wolle se no net fusearje. Dus rinne se fuort mei SGP. En mei Bertus Mulder. Hé, dy wennet dochs ek yn Dantumadiel?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)