Kollum: "Laitsje en gûle"

20 apr 2016 - 08:50
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"De wike is noch amper begûn en dochs ha ’k al gûld en lake. Earst lake, watte, ik ha my in breuk lake. Der bin juster nammentlik mei in pear Fryske wethâlders nei Den Haach reizge. Ja, dat bart wol faker, mar meast wol se dêr gjin praat fan ha. Want it smyt eins nea wat op en dan stiet it sa suterich dat je der in hiele dei oan ferkloate ha. Wêrfan miskien fiif minuten mei de minister prate, mar meast inkel mei wat amtners. No, en dat smyt dus neat op. Dan dy lange reis wer nei hûs. Yn ´e trein noch wol. Want de kiezer rydt der sels mei de auto hinne, mar hy ferplichtet de politisy om mei de trein te gean.

Mar goed, wat wethâlders, en der wie sels ek in deputearre mei, juster allegear nei Den Haach. Under lieding fan Isabelle Diks. Ljouwert hat ommers altyd de lieding. En oars hie dat ek wol sa west, want as Isabelle Diks yn in groepke stiet, nimt se daliks de lieding. En de oare sokkeboljende wethâlders litte dat graach gewurde, se kinne net tsjin sa’n frommes op.

De wethâlders en de deputearre hiene in koker by harren. It wie noch in frij grutte koker. Ik tink dat Isabelle dy koker sels ûnder de earms hie, oars hie ien fan dy oare sliepkoppen him miskien wol lizze litten yn de trein nei Amsterdam. En sy moasten nei Den Haach. Mei in koker dus. O wat in wichtige koker. Yn dy koker siet nammentlik in manifest. Ja ik wit, normaal litte wethâlders harren amtners in nota skriuwe. Of se maile sels efkes, want se rinne allegear de hiele dei mei sa’n tabletsje yn ’e hannen. Mar dit wie dochs wat mear. Isabel hie it noch sein: dit is sa spesiaal jonges. Kop derby. Wy ha hjir no in manifest.
In manifest is in wichtich skriuwen. No ja it neamt himsels wichtich, want it kaam faak út de keunsthoeke. Dan ûnstie der wer in nije streaming, dan setten se de ferve net rjochts/links op it doek, mar oarsom, en dêr skriuwe se dan in manifest oer. As je dy ferjitte, dan bliuwe der eins mar twa echte manifesten oer. Ien, it kommunistyske, yn 1848 fan Engels en Marx. Dat hat de wrâld aardich yn ûnstjoer brocht, al kaam dat om't de measten it manifest nea goed lêzen ha. En fansels de 96 stellingen dy’t Luther op de tsjerkedoar yn Wittenberg spikere hat en wêrfan we no pas witte dat se bedoeld wiene om de Joaden te misledigjen. Mar jim begripe: in manifest hat ynhâld.

It Fryske manifest? Tsja. Dêr stiet yn dat der in fûns komme moat foar de skea oan gebouwen nei gaswinning. Tsja. Grins hat tsien jier fochten tsjin regear en NAM en krijt linkendewei in bytsje resultaat. En wy? Wy skriuwe in manifest. Ik laitsje noch. En yn Den Haach moasten se twa ministearjes in dei frij jaan, se koene net wurkje om't se sa laitsje moasten doe’t dat manifest dêr op de doar plakt waard.

Yn Wytmarsum gie de healstôk flagge wer omheech. Der komt gjin AZC yn it kleaster. Nettsjinsteande dat de Wytmarsumers rêstich seine dat soks ek net koe, woe de gemeente dat dochs trochsette. No blykt pas dat se dat diene om't se yn de skjirre sieten fan sakeman Tom Genee. Dy hie dus al lang in oerienkomst mei it COA, en dêr koe de gemeente blykber net ûnderút. Eins moat ik sizze it kolleezje, want de ried moast der noch oer te set. Mar soks waard wol hiel gau wer ôflast, doe’t Tom Genee murk dat hy der temin oan fertsjinje koe, om't hy gjin coa’s ûnderbinge mocht yn it âlde gemeentehûs. It kolleezje wie bliid, no kin se wer wiken studearje op in nije lokaasje. Wytmarsum ek bliid. Mar ik ha sitten te janken. It giet allegear om it ûnderbringen fan troch in jierrenlange oarloch ferdreaune flechtelingen. En dan hinget it dus allegear ôf fan de ynhâld fan de ponge fan in ynvestearder. Gemeentebestjoerders, COA-lju, ynwenners fan Wytmarsum, se moasten krûpe foar dy iene man. Dêr sil ik in manifest tsjin skriuwe. Mar dat giet dan net nei Den Haach. Dat giet nei jim. Want jim moat yn aksje komme tsjin ditsoarte net te leauwen, ûnfryske, wat fizige tastannen."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)