Kollum krijt griene long

21 apr 2004 - 00:00

De gemeente Kollumerlân stekt sa'n 500.000 euro yn in 'griene long' foar Kollum. Dy 'long' moat komme yn en by it Witwaterbos yn it doarp. De fiver wurdt hielendal opknapt en der wurdt in nij hertekamp oanlein.

De folgjende wurksumheden stean op priemmen: ferbetterjen fan leanen en singels, oanlis fan in fytspaad, in dam en in brêge. Fierder komt der nije oanplant en wurde stekken, buorden en fytserekken pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)