Kollum: ''Kreakers''

11 sep 2015 - 10:48
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, sjoernaliste en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn Fryslân, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer fan alles en noch wat: oer superfoods, har lytse poppe, har iPhone en in grut ferskaat oan oare ûnderwerpen.

"Kreakersbolwurk De Vloek yn Scheveningen is dizze wike skjinspuite. Der wienen tal fan plysjebuskes foar nedich, in hyskraan, in shovel en ek twa wetterkanonnen. Dat allegear om tsien kreakers fuort te krijen.

De Vloek wie in kreakersbolwurk dat yn 13 jier útgroeid is ta ien fan de grutste frijpleatsen fan Nederlân. Yn De Vloek wie romte foar alternative bedriuwkes en keunstners. Der wie in feganistysk kafee, in konsertseal en in oefenromte foar bands. Mar no moat der in sylsintrum komme. De wethâlder - dy’t sels yn de kreakersbeweging siet - is ek al oerstaach gong.

Wethâlder Joris Wijsmuller timmere sels noch mei oan de bar fan ytkafee Water & Brood dêr yn it bolwurk. Hy sei dat er noch altyd foar dit soart frijplakken is, en him dêr foar ynsette wol, mar ‘ôfspraak is ôfspraak’: de gemeente mocht de boel skjinfeie. Hoe’t de wethâlder him dan wol ynset foar alternative plakken, is my in riedsel, mar goed.

De Vloek ûnstie doe’t de haven ferlitten wie. Net ien ynteressearre him foar it rommelige gebiet. De kreakers sizze sels dat se it gebiet wer op de kaart setten hawwe. Der kaam wer reuring.

No, dêr wie net eltsenien it mei iens. In CDA’er mei de namme Cees Pluimgraaff neamde se profiteurs. “Nu de krakers vertrokken zijn, profiteert heel Scheveningen, in plaats van een handjevol egoïstische krakers, van het stukje grond.”

Sa’n soarte reaksje wie te ferwachtsjen. Kreakjen en alternatyf wêze is út. It ienige type mei in punkkapsel dat ik hjir wol ris fytsen sjoch, is Spike, fan de Haagse band Direct. Mar dat neam ik mear ‘gelikt-alternatief’.

Ik fyn it wol spitich dat alles sa glêd polyst wurde moat. Subkultueren lykas punkers en kreakers meitsje in stêd just nijsgjirrich. Eksperiminten en ûngrypbere projekten kinne wat yn gong sette wat wy sels earst noch net sjogge. Mar omdat it nut derfan net direkt mjitber is, sjogge we it belang der tink ik net fan yn.

In freon fan my, dy’t learaar is op in skoalle yn Fryslân, fertelde dat bern hieltyd mear op mekoar lykje. Spitich. Subkultueren soargje just foar prikkelings, foar wat op ‘e nij besjen. Dat je net fêstrustkje. Ik moat der dochs net oan tinke dat alles hjir yn Nederlân – ek kwa arsjitektuer, de winkelstrjitten, de stêden, mar ek wysels - hieltyd mear op elkoar lykje. As ien grutte Vinex.

Mar wat hawwe je no oan kreakers, freegje jo je miskien ôf. No, kreakers hawwe der bygelyks foar soarge dat poptimpel Paradiso yn Amsterdam der noch is. Ik haw der tal fan konserten besocht.
En it eardere Handelsblad-kompleks is der noch troch kreakers. Dat gebou stiet rjocht efter it paleis op de Dam yn Amsterdam. It seit jim miskien neat, mar let der mar ris op as je in kear yn Amsterdam binne en oer de Nieuwezijds Voorburgwal rinne of fytse, of yn tram fiif sitte. It hat in hiel karakteristike útstrieling.

Ik kin it witte, want ik haw der twa jier wenne. It is yn de jierren 70 kreake. It gebou, dêr’t de krante ‘het Algemeen Handelsblad’ siet, stie op de slooplist. Ek doe wie der in stream fan agressive en negative publisiteit. De kreakers wurde ‘ego-centrische asocialen’ neamd en sels ‘rotten út rioelen’ en guon seine sels ‘fergasse dy hap’. De kreakers moasten harren in wei frijmeitsje troch sintimetergrouwe lagen drukinkt en ferskimmele kranten en oare troep fan fjouwer jier leechstân. Earst wennen der punks, junks, dealers, studinten en sels toeristen yn it gebou. Nina Hagen joeg der sels priveekonserten.

Mar yn 1990 wie alles – mei help fan de gemeente, - netsjes ferboud en koenen der 87 minsken wenje en wurkje. Der kamen winkeltsjes as De Spruitjes en boekhannel Vrolyk en keunstners mei bedriuwkes as dr. Zielknijper, dr. Rat, en de Kids en rest van de bloody punks.
De minachting fan de kritisy slagge om yn jaloerskens. Ynienen wie it troch leechstân suterige gebou mei syn kâlde siichgatten in geweldich wurk- en wengebou wurden. En ek noch sosjale hier. Midden yn it sintrum! As de kreakers it net kreake hienen, hie it fermoarzele west troch de sloophammers.

Ik wol de kreakers by dizze efkes betankje. Ik haw der twa jier mei wille wenne. Ik seach fanút myn minuskule wenkeammerke út op it Paleis. Ik wie de buorfrou fan Hare Majesteit. Wa kin dat no sizze."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)