Kollum: "In ko mei plankekoarts"

29 jun 2015 - 08:35
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"In ko mei plankekoarts"

Silst wol wat nuver opsjen Jacob, mar ik ha hjoed in foto fan in ko meinaam. Neffens plankekoarts-deskundige Ardy Proot is dat nammentlik in hiel goed helpmiddel tsjin myn senuwen. Sa asto wol wist, bin ik altyd skytsenuweftich foar dizze kollum, mar fan Ardy krige ik de tip om in foto fan in ko mei te nimmen. Ofrûne wike joech sy my by Geert yn de middei tips en trúks om myn senuwen de baas te wurden. Dus dêrom stiet hjir no dy kowefoto.

Hiel earlik, ik fiel my op dit stuit sels ek wol in bytsje in ko. In ko mei plankekoarts. Want hoe bot ik ek nei dy kowekop sjoch, it helpt noch net sa bot. De senuwen binne der noch altyd. En dat wylst ik dêr - doe’t ik lyts wie - dus hielendal gjin lêst fan hie. Sterker noch, ik wie altyd hoantsje de foarste, stie it leafste midden yn de belangstelling en hie it bekje nea ticht.

Doe’t ik fjouwer jier wie en foar it earst nei de kleuterklasse mocht, hie’k it al gau foarinoar dat net de juf mar IK foarlêsde út in boekje as wy moarns yn de kring sieten. Net dat ik lêze koe doe’t ik fjouwer wie – heechbegaafd bin ik spitich genôch dan wer net – nee, ik betocht myn eigen ferhaaltsjes. Sabeare lêsde ik foar út in lyts boekje, hiele ferhalen betocht ik. En boppedat skunnige ferhalen. Poep, pis, do wist it wol, alles wat in fjouwer jierrich famkes oan fieze wurden betinke kin. Dat al gau mocht ik net mear foarlêze fan juf. Skande, de hiele kleuterklasse wie oars ‘fan’ fan myn poep-en-pis-proaza.

Myn hiele skoaltiid op de legere skoalle stie ik mar wat graach yn it middelpunt fan de belangstelling. Dus doe’t wy in feestlike âlderjûn hiene mei in toanielstik oer it sirkus, rûn ik dan ek grutsk foarop mei de hynderkes-akt. Mei in groepke fan in stik of acht famkes wiene wy de amazônes fan it sirkus, allegearre op in sierlik stokpaardje. Fansels moast der ien de lieding ha, en lit my no dejinge wêze dy’t de knibbels it alderheechst krije koe by it draven. Dus ik mocht foarop.

Nei wiken fan oefenjen wie it dan einliks safier: de útfiering fan ús toanielstik. In jier as acht wie ik en yn opperste konsintraasje draafde ik oer it poadium. De knibbels kamen my hast oan de noas ta, sa fanatyk wie ik oan it fjouwerjen. Mar fan de weromstuit fergeat ik yn ús eareronde oan de ein fan de jûn om myn stokpaardje mei te nimmen. Dus sjocht it al foar dy tink: acht huppeljende famkes, wêrfan sân mei in houten hynderke tusken de fuotten, útsein dejinge foarop. Och wat koe it skele, ik skamme my nergens foar.

Fan dit stokpaardje werom nei myn ko. Dit wykein ha ik op oanrieden fan Ardy myn kollum oefene midden yn it lân foar in groep kealtsjes. Foarsichtich klom ik juster oer de hikke en begûn wat skruten foar te lêzen. It duorre mar efkes oft de hiele keppel stie nijsgjirrich om my hinne. Ien fan de keallen begûn healwei oan myn broek te slikjen en in twadden drukte syn grutte kop yn myn hokse doe’t ik klear wie. Krekt as woe er noch in ferhaaltsje hearre. Ja wier, hiel efkes fielde ik my wer dat famke fan fjouwer jier dat oan har kleuterklasse sûnder senuwen fieze wurden oan it foarlêzen wie. Dus wa wit helpt sa’n ko dan dochs…

Noflike moandei!

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)