Kollum: "Kealtsjes"

16 mrt 2016 - 09:43
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"As je noch in slachje aaisykje wolle, toe dan mar. De boeren hawwe it op it heden toch fierstente drok. Se ha tefolle kij kocht ferline jier, en doe dy bisten safolle fuorre dat der no in geweldige hoop stront en molke út komt. De minister seit dat se dy stront kwyt reitsje moatte, mar wit net hoe of wêr. It molkfabryk seit dat se de molke wol yn de sleat donderje kinne, oars moatte se alles fergees nei it fabryk bringe. En dat mei dan ek wer net fan de minister. No ja, se ha in pear kear it bêste pak oanlutsen en harke nei al de lju dy’t har fertsjintwurdigje en no ha se in healjierke de romte krigen om de skeeflutsen saak wer lyk te lûken. Silst aanst sjen dat as se wer mindere ha, dat ynienen Ruslân dan wer leaf is en wer molke krije kin, en dat de fabriken dan daliks freegje om wat mear te melken, en dan jout it fabryk wol wer mear sinten om de fosfaten op te rêden. Ik sis mar wat.

De froulju fan de boer bin foar it oare ek net thús. Dy bin yn Den Haach. Dy biede steatssiktaris Van Dam in petysje oan, dy't in yn de Twadde Keamer oannommen moasje wer ûnderút skoffelje moat. Bestuurlijke ongehoorzaamheid. No dan is der wol hiel wat wichtichs oan de hân. Tink je. It giet inkeld oer dat de Twadde Keamer ynienen seit dat kealtsjes nei de berte by de ko bliuwe moatte. Presys, in moasje fan tante Thieme, dy’t werklik gjin aan hat fan it libben fan de bisten, dêr't se fan seit dat sy de hoedster is. Alle boeren ha allang útfûn dat men in keal net by de ko hâlde moat. De kij litte letter it kealtsje net los en stampe de boer, dy’t dat dwaan moat, fyn. Ek hat bliken dien dat de kealtsjes folle wylder binne yn de saneamde rêst dy’t mem-ko bringe soe. It is better foar ko, keal, boer en dus foar ús as molkedrinkers. Yn Nederlân bin 40 boeren dwaande om it keal by de ko te hâlden en al dy oare 18.000 boeren sizze dat dy 40 leaf mar wol hartstikkene idioat binne. Dat ha de boeren sels útfûn. Gjin ûnderysk foar nedich, inkel ûnderfining. Wêr bemoeit dy Twadde Keamer him eins mei.

Ja mar sei Thieme, bisten lykje in hiel soad op minsken, en we helje de poppen ek net daliks nei de berte by de mem wei. Mar frou Thieme, dat soe wol folle better wêze. De poppe hat twa mjêklûden en dan hup yn de ridende kûveuze nei it Mienskipshûs om se fierder op te fieden. Al de kwealike saken en ûnnoazelheden dy’t de âlden der no ynbringe, soenen fuort wêze. Je krigen in hiele kwak gelikese ienriedige bern dy’t mei elkoar opgroeie wêrtroch it wurd yndividualisme út it wurdboek skrast wurde kin. Ik wit net as je der ek noch gele earflappen yn slaan moatte, kealtsjes sjogge ek letter net nei memmes earflappen, se ha net yn 'e rekken dat mem dêr gers stiet te fretten.

De bern kinne dan moai egaal opfieden wurde. Se kinne al op beukerleeftiid seksuele foarljochting krije, wat neffens oare idioate gelearden it allerbêste wêze soe, lies ik fan 'e wike. Mar yn elk gefal geordend op wei nei de takomst. Wit jim wat dan benammen sa moai wêze soe. We bin ôf fan diskusje. Eeh… ja stel je foar Sikke Marinus fan Opsterlânsk Belang wie grutbrocht yn it mienskipshûs. En hie dêr mei troch de seksuele foarljochting syn frou troffen. En dêrmei in bedriuw oprjochte. Je moat om in mienskip te krijen nammentlik alle minsken wol yn aparte keammerkes opfiede. Der bin yn it mienskipshûs keammerkes foar politisy, proffuotballers, leadjitters, keamerleden , boeren en ûndernimmers. Mar oer ear en gewisse wienen Sikke Marinus, syn frou, Wietze Kooistra, Roel Vogelzang, Evert Wilstra en Ellen van Salm it wol iens west. En dan hienen we dêr no dat gesoademiter net hân. Mar ja, wy bin gjin kealtsjes, wy binne net by mem weihelle. Wy bin op eigen wize grutbrocht. Sikke Marinus hie eartiids in kollum yn de Woudklank. Underskreaun mei Sego. S-ego. S-ikke. Tsa, doe hienen we it al sjen moatten."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)