Kollum: "Jildfergriemen"

05 mrt 2016 - 10:02
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oare bekend troch it politike praatprogramma It Wapen fan Fryslân op de radio en Gewest Fryslân op telefyzje. Al jierren fersoarget Lok kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Alle dagen hearre we se foar de radio of sjogge we se foar de telefyzje. Lju dy’t der west hawwe. As der earne op de wrâld hjir of dêr in stekje opset wurdt en guon wolle dat wer omsmite, of as guon lju mei in boatsje nei in Gryksk eilantsje farre, of dat in campinkje opset wurdt yn Calais, of in nije sjittinte yn Syrië, dan reizgje daliks mear kameraploegen ôf as yn ’e winter foar de parsekonferinsje fan de Alvestêdetocht nei Ljouwert ta komme soene. Wat se sjen litte: ellinde. Doffe ellinde. We skrikke, mar dogge noch neat.

No ja, we gean der ek hinne, want we leauwe dy kameraploegen fansels net. Frijwilligers fan flechtlinge-organisaasjes houwe dêr inoar de harsens yn, roppende "Ik wol ek ris in boatsje rêde". Funksjonarissen gean der ek hinne, folge troch amtners en politisy. In ûnbidige rige fan politisy stiet te sjen nei flechtlingen dy’t de grins mei Masedoanië oer wolle. Dat is in noch walchliker gesicht as de flechtlingen dy’t dêr op it spoar sitte, sa’n rige lju dy’t dêr mei de hannen yn ’e bûse nei stiet te sjen. Dan roppe de omroppen, dy’t dêr dus allegearre al bylden fan sjen litten hawwe, al dy amtners en politisy nei de studio en dan moat dy wer fertelle wat wy al sjoen hawwe. En, och heden, wat skodholje dy politisy dan. Freeslike tastannen. Ja, mar noch altyd hat net ien wat dien. As jo al it jild dat yn it wetter kwakt wurdt, trochdat elkenien dêr sels sjen wol en dus in oar net leaut, as jo foar dat jild no in tal bussen, boaten of fleantugen dêrhinne stjoere en dy lju út dy need helpe, soe dat net better wêze.  

En as steatssiktaris Dekker dan dochs in mediawet meitsje wol, set dêr dan ek yn dat net al dy omroppen nei dat stek yn Masedoanië hoege. Of sjocht de EO-ferslachjouwer in kristliker stek as de NOS-man? Mar Sander Dekker hat him dêr net drok oer makke, want hy hie de behanneling fan dy mediawet yn de Earste Keamer. Sietske Poepjes, de Fryske deputearre wie der ek. Se hie de wike dêrfoar ek al yn Den Haach west, sei se, en doe hie se mei Dekker praat. Dat wol sizze, sy hie praat en hy sei inkeld: Nee, Omrop Fryslân bliuwt net selsstannich. Wat die se dêr dan yn de Earste Keamer? Harkje. Wat soenen de senatoaren dêr no mei dwaan? No, âld FNP-er Hendrik ten Hoeve kaam mei in tuskenoplossingmoasje. Der stiet yn dat Fryslân dan mar in eigen mediaried hawwe moat. Dêr sit dan alle selsstannigens yn. Mar Sietske prottele noch al wat. Dit is net wat wy woene, sei se tsjin Hendrik. Krekt as bepaalt sy wat FNP-ers yn de Earste Keamer dwaan moatte. Hie dan as provinsjaal bestjoer fan it begjin ôf sels op de barrikaden stien. En net inkeld tusken de behannelingen yn Twadde en Earste Keamer yn sizze fan "Ja, mar wy wolle as provinsje ek bêst wol wat dwaan". "Wat dan?". frege elk, ynklusyf Dekker, mar dêr kaam gjin andert op. En salang as de provinsje net konkreet wurdt, beweecht VVD-er Dekker him net.  

De VVD Fryslân beweecht wol. Se wolle net dat alle bûtendykske lânbougrûn yn it Waad ynienen natuer wurdt, lykas ôfpraat. Ik wie ynienen werom yn de steaten yn de jierren '70. Doe’t CDA-ers al yn ’e brân stiene as in PvdA-frou it hie oer dat we better op de Waadnatuer passe moatte. Yn de striid om plan A of D ferlear it CDA lykwols alles. En linkendewei is der troch de ynternasjonale mienskip in nij byld fan it Waad makke. Wy hâlde dêr no aloan rekken mei. Sterker, we gean miskien wol te fier. De boeren hawwe op 't heden terjochte de freze dat we tefolle sâlt en swiet wetter yn it lân ferminge wolle en we dêrtroch efter de seediken op it fêste lân wolris in hiele oare en earmere lânbou krije kinne soene. En dan wol de VVD it  ynienen hawwe oer dy lêste pear bunderkes op see. Da’s pas jildfergriemen."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)