Kollum: "Je suis Rottefalle"

07 sep 2015 - 08:44
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"Ferline wike hie ik it ek al oer de grutte stream fan flechtlingen, dy’t massaal in feilich plak sykje yn Europa. En it liket wol as is it de ôfrûne wiken allinnich mar slimmer wurden. Minsken yn Hongarije dy’t dagenlang yn in smoarhite trein sieten, om’t se deabenaud wiene om yn in opfangkamp stoppe te wurden. Flechtlingen dy’t fearboaten bestoarmen yn it Frânske Calais om nei Ingelân brocht te wurden. En fansels wie der dy iene foto fan it Syryske jonkje Aylan, dy’t de hiele wrâld skokte. Oanspield op it strân fan Turkije, nei’t er ferdronken wie yn de Middellânske See op syn flecht nei in feilige takomst.

Benammen dizze lêste foto hat wat losmakke by in soad minsken yn Nederlân. Hieltyd mear Nederlanners wolle wat dwaan foar de flechtlingen en bringe mei har allen guod nei de asylsikerssintra. Stichting Vluchtelingenwerk hat noch nea safolle oanmeldingen hân foar nije frijwilligers. Mar de nijste ûntwikkeling is dat minsken harsels opjouwe as opfangadres. It rûn de ôfrûne dagen stoarm op de Facebookpagina 'Ik ben een gastgezin voor een vluchteling'. Mear as 2000 minsken melden har oan as gastgesin. En sa liket der stadichoan in trend te ûntstean fan Nederlanners dy’t flechtlingen in waarm wolkom jaan wolle.

Fansels binne der ek oare lûden, bygelyks yn Zeewolde, dêr’t in asylsikerssintrum komme moat foar 900 minsken. Op de ynsprekjûn ferline wike wie der in soad ferset ûnder de ynwenners fan it doarp. Opnaaid troch Geert Wilders rôpen de Flevolanners dat se grutte morele beswieren hiene tsjin de komst fan safolle flechtlingen nei harren doarp. Ien frou liet witte dat se benammen benaud wie foar de feiligens fan de Polderfroulju fanwegen de komst fan safolle Syryske manlju, dy’t dochs ek harren ‘behoeften’ hiene. En dy útspraak levere dan wer in soad lilke reaksjes op fia social media.

Mar litte wy hiel earlik wêze: sa frjemd is dat ferset fan Zeewolde no ek wer net. Njoggenhûndert minsken yn ien doarp, dat is in hiel soad. No telt Zeewolde sels 22.000 minsken, dus prosintueel sjoen giet it mar om 4 prosint fan de befolking, mar dochs bliuwt 900 minsken in grut oantal. It binne der tefolle om út te noegjen op de tee yn it doarpshûs. Tefolle om te freegjen oft se bygelyks helpe wolle yn de kantine fan de fuotbalferiening of frijwilliger wêze wolle by de bingojûn yn it bejaardehûs. Njoggenhûndert is simpelwei fierstente folle om goed opnaam te wurden yn it doarp.

Kollega-kollumniste Nynke Sietsma hie in skoft lyn in prachtige kollum oer de twa Syryske jonkjes dy’t goed tweintich jier lyn troch it doarpke De Rottefalle opnaam waarden. Flechte út Syrië krige it gesin mei heit en mem ûnderdak yn de tsjerke midden yn it doarp. Dat barde allegearre yn it geheim, dus stie der alle nachten in ynwenner fan it doarp op wacht om te warskôgjen as de plysje kaam. Dat waard mei leafde dien troch frijwilligers dy’t by toerbeurt yn waar en wyn foar de tsjerkedoar stiene. Mei in kollekte troch it doarp waard der jild ophelle foar iten en drinken. De beide jonkjes waarden lykas de famylje hielendal ynboargere yn it doarp en hiene sa in prachtplak.

Neffens my is dit de bêste wize om it flechtlingeprobleem oan te pakken. Gjin grutte AZC’s yn lytse doarpkes as Riis en Balk, mar ferdiel de minsken oer álle doarpen. Elk doarp ien gesin. De bern kinne by de sportklups, de heiten en memmen wurde frijwilliger yn de kantine of it doarpshûs en mei ús allen soargje wy der foar dat se de taal en tradysjes kennen leare. Neffens my is der gjin bettere wize om dizze minsken ynboargerje te litten.

Dus heech tiid om ús Fryske toverwurd wer fan souder te heljen: mienskip. Litte wy as Fryske doarpen allegearre in foarbyld nimme oan De Rottefalle en nim ien flechtlingegesin op. Mei ús allen meitsje wy sa in statement: Je suis Rottefalle."

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)