Kollum: "Jack de Vries en de dongkrob"

09 jun 2015 - 09:55
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"It is tiisdei 9 juny, sa’n bytsje tweintich oer achten en pake Willem sil jim in ferhaaltsje fertelle. Dat ferhaaltsje giet oer de Scarabee, of, mear spesifyk, oer de Scarabeus sacer, de hillige pilledraaier. Dy Scarabeus is in dongkrob. Hy sammelet dong (stront) om dêr ballen fan te meitsjen dêr’t er aaien yn lizze kin. Yn de Egyptyske mytology is de dongkrob in hillich dier. Yn hiëroglyfen stiet de ôfbylding fan de dongkrob foar de bylûden XPR, wat safolle betsjut as ûntstean, skeppe of transformearje. De scarabee wie ferbûn mei Chepri, de god fan de opkommende sinne, mei troch de rûne foarm fan de baltsjes stront. De sinne waard ek assosjearre mei goud, en sa ûntstie it ferhaal dat in dongkrob goud út stront makket.

Ik moast oan dy dongkrob tinke doe’t ik lies dat Jack de Vries foarsitter fan de stifting ROOS is, de stifting dy’t de belangen fan de 13 regionale omroppen fan Nederlân behertiget. In spontane assosjaasje. Jim soene Jack (dy’t eins Jacob Gabe hjit, mar út it dong fan syn âlde nammen it goud fan Jack skepen hat) kenne kinne fan syn politike aventoeren. Begûn as foarljochter en kampanjelieder fan it CDA, waard Jack op in stuit de spindoctor fan Jan Peter Balkenende, dy syn persoanlik polityk adviseur. Hy is ek de man dy’t nei Amerikaansk foarbyld it swart meitsjen fan de tsjinstanners yntrodusearre. Sa rôle Jack syn almar grutter wurdende bal dong troch de jierren hinne, oant it goud fan syn gleone ambysje yn 2007 nei bûten ta barste: hy waard steatssekretaris fan Definsje, en soe dat oant yn 2010 ta bliuwe. Dêrnei barde der wat mei in minnares, in skoft yn in kazerne omheukerjen en in leafdesbaby. Want in affêre sûnder leafdesbaby is as patat sûnder mayonêze, as Syb sûnder krollen en as Marijke Helwegen sûnder botox.

Yn alle gefallen is dy Jacob Gabe de Vries ûnôfhinklik foarsitter fan stifting ROOS. Dat betsjut dat er Omrop Fryslân net foarlûke mei, ek al komt er fan Drachten en heart er fandatoangeande by in nasjonale minderheid. Mar tusken foarlûke en rekken hâlde mei de spesjale omstannichheden fan de Friezen as nasjonale minderheid, sit romte. Stifting Roos moat de belangen fan de regionale omroppen behertigje. Dat betsjut dat je dêr muoite foar dwaan moatte, witte moatte hoe’t it sit mei ferdraggen en ôfspraken, lykas it Ramtferdrach Nasjonale Minderheden en it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Mar blykber kin dat Jacob Gabe de Vries neat skele. Hy is, sa’t er sels seit, in polityk dier, ien dat it politike bedriuw alle dagen mist en stiet te springen om dêr yn werom te kommen. Dat ynstee fan him yn te spannen foar de spesjale posysje fan Omrop Fryslân en dêr rjocht oan te dwaan, lit er it ear slaafsk nei de dekreten út Den Haach hingje, as de opportunist dy’t syn kânsen net fersmite wol.

Fan dy kant is dus neat te ferwachtsjen. Rein Tolsma fan de Omrop seit dat it Ramtferdrach en it Hânfêst bûtersacht binne. Namste mear reden foar ús, it publyk, en de polityk, om bonkehurd te easkjen dat steatssekretaris Dekker de Mediawet oanpast en de selsstannigens fan Omrop Fryslân garandearret. Om dêrmei lang om let ôfspraken ris nei te kommen en ynfolling te jaan.
Allinne sa soe der noch echt goud út dong komme kinne."

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)