Kollum: "It swiete neatdwaan"

10 jul 2015 - 10:51
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûnderet.

"Friezen bin net echt lui. Wy steane neffens my bekend as oanpakkers, en 'ombongeljen' stiet net echt yn ús wurdboek.

Ik wie in jier as sechtsjin en gong hielendal nei Noord-Hollân om te bollepellen. Dêr hiene se graach Friezen, want dy koene hurd wurkje.

It wie miskien in posityf foaroardiel. Want as ik dêr echt as in malloat oan it bollepellen wie, kin ik net sizze. Ik kin my foaral de geur fan rotsjende bollen yn de donkere skuorre herinnerje en it âldere frommes dy't as in waansinnige garnalen pelle koe. En dat se 'snackbar' en 'tram' sei yn stee fan 'snekbar' en 'trem'.

Ek yn Drinte woene se de Friese jeugd wol ha. In pear jier letter siet ik moarns om healwei sânen mei in stel oare Friezen - in oere - yn bus 16 nei it Drintske Smilde, om yn de droechblommen by boer Daling te wurkjen.

It is in deugd as je oanpakke kinne. We ferienselfigje ús sels faaks mei ús wurk. Let der mar ris op as je op in feestje binne. De earste fraach fan in frjemde is meastentiids: wat dochsto foar wurk?

Loaiens liket wol in ûndeugd. Ik ha it wurd lui eefkes opsocht yn it Frysk wurdboek fan myn pake: by it wurd lui stjit as sprekwurd: Hy is sa loai dat er stjonkt.

It hat dus in negative byklank.

It sil wol komme troch dy ferrekte âlde Griken. Want sy ha loaiens - luiheid - betitele as ien fan de sân haadsûnden.

Us protestantske kultuer hat der noch in skepke boppe-op dien, neffens my. Yn de bibel stjit ommers dat je je talinten net ferpingelje meie.

Mar it moat no mar ris út wêze. It is no tiid foar klontsjebuorren. Foar luilekkerlân. Foar luiwammesje, lanterfanterje, flierefluitsjen. Dat it is sa belangryk en we dogge it te min!

Yn Italië ha se der in moaie term foar: dolce far niente. Oftewol, it swiete neatdwaan. It is in keunst en je moatte eefkes oefenje.

Wy tsiiskoppen binne der noch net sa goed yn. It skynt dat mear as de helte fan de Nederlanners tusken de 25 en 49 jier geregeldwei in 'opgejaagd gefoel' hat. By in grut diel fan dizze groep is dat opgejage gefoel ek yn it wykein noch oanwêzich, as je dus eins yn it swiete neatdwaan hearre te sweven.

Begryp my net ferkeard, neat dwaan as je neat te dwaan ha is neat oan, mar neat dwaan as je hast altyd drok dwaande binne, ek yn je holle, is hast fan libbensbelang.

Ut undersyk blykt dat je nachts better sliepe kinne as je oerdei eefkes pauze nimme. Middeisliepkes meitsje net allinnich alerter, mar ek stikken kreativer. En deidreame kin in protte sin ha. Op it momint dat we in oan it deidreamen binne, begjinne ferskate stikjes yn ús brein han wurk te dwaan dy't aktyf binne by it oplossen fan problemen. Wa hat der net ris in oplossing of in idee betocht ûnder de dûs? Of as je lekker op de wc sitte?

Altyd mar trochjakkerje makket it libben net echt moaier. Der bin minsken dy't sels op fakânsje net luiwammesje kinne.

It is ek net maklik, neatdwaan. Hiel fluch, en dat merk ik ek oan mysels, gean je de tiid as je neat hoege, opfoljen. Mei surfen op ynternet, te folle sûpe, dom telefyzje sjen, winkeljen, of dat soart dingen. Mar dat jout net echt foldwaning. It makket de holle net leech. 'Verloren Tijd' wurdt dat ek wol neamd.

It swiete neatdwaan is mear wat ompiele, dinkjes dwaan dy't je holle net nóch mear opfolje, yndrukken dy't je opdien ha ferwurkje, en dêrnei wer fris wurde foar nije yndrukken. Foaral de tiid dat je eefkes allinnich binne, blykt de beste akku-oplader.

In bytsje deidreame, wat yn 'e tún strune, eefkes te kuierjen of te fytsen sûnder doel, wat yn 'e hûs omskarrelje, nei it plafond stare, yn in risotto riere, of gewoan eefkes yn it gers lizze.

Iderien kin it. Ik ek. Dus as jim my de kommende twa wiken sykje, dan bin ik drok dwaande mei it swiete neatdwaan."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)