Kollum: "It nijsoersjoch fan de Bûten Post"

25 jun 2015 - 08:56
  • De Toan fan Bart Kingma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"By de lanlike plysje-aksjes tidens de Tour de France sille Fryske plysjeminsken foaral kontrolearje op de fytsferljochting. Under oaren by de plande grutte ferkearskontrôle op de Erasmusbrêge yn Rotterdam sil dat gebeure. Hurdfytsers dy't har ferljochting net op oarder hawwe, kinne in flinke bekeuring krije of sels har fyts kwytreitsje. Dat hat de plysje fan 'e moarn bekendmakke. De lanlike aksjes wurde holden foar in bettere cao, en by it ferdielen fan de taken hat de Fryske plysje de soarch krigen foar de fytsferljochting.

Landal-park Esonstad oan de Lauwersmar hat juster einlik bekendmakke wa't de seis 'zomergasten' fan dit seizoen wurde. Kitty Jameson, Rachab Krottje, Isabel Dumouge, Frank Jacobs, Sven Horegard en Günther Schloss sille tusken heal july en ein augustus om bar te gast wêze yn Esonstad. It fakânsjepark tinkt hjirmei in goeie balâns fûn te hawwen yn syn gasten, mei wittenskip, keunst, polityk en media troch elkoar hinne. Neffens Landal wurde it sa seis wiken fol ferdjipping en avontuer yn Esonstêd.

De gemeenteried fan Harns hat besletten dat by grutte brannen tenei gjin asbest mear frijkomt. Ta dy útspraak kaam de ried juster tidens in ekstra fergadering. Neffens it gemeentebestjoer set Harns dêrmei in belangrike stap yn de rjochting fan in duorsume stêd mei in posityf imago.
As der gjin asbest frijkomt binne brannen milieufreonliker en lûke se boppedat mear publyk, sa tinkt de gemeenteried.

Lemmer is taret op de komst fan tûzenen minsken, as kommende sneon de simmer syn nasjonale yntocht hâlde sil yn it havenplak. Nettsjinsteande de fertragings ûnderweis, sil de pakjesboat mei de simmer om 11 oere hinne oanlizze by de slûs oan de Tramhaven. De boat hat wikenlang ûnderweis west fanút Spanje. De bemanning hie te krijen mei tsjinslach omdat de sinneblomoalje op wie en omdat der gedoch wie oer de tanningcrème fan de bemanning. Boargemaster Aalberts sil de simmer officieel wolkom hjitte út namme fan alle Nederlanners, en hopet dat it publyk de yntocht net fersteure sil troch aksje te fieren.

Stjerrekundigen fan it ynternasjonale Lofar-projekt lykje de earste klanken opfongen te hawwen fan de Fryske taal. De skeakel fan hûnderten radioteleskopen hat lûden heard fan miljarden jier âld, dy't in soad kenmerken fan it Frysk drage. Neffens in wurdfierder giet it om audiodata dy't in byld opleverje fan in protte ûndúdlikens, gerommel en gerûs, mei dêrtuskentroch wat ûnbestimde gjalpen. Ut analyze soe bliken dwaan dat ditsoart eigenskippen goed oerienkomme mei de oarsprong fan it Frysk, sa seit Lofar.

Sport, transfernijs: SC Cambuur hat oant no ta ferskillende oanbiedingen út it bûtenlân neist him dellein. Under oaren Stuttgart, Bilbao en Birmingham hienen ynteresse yn Cambuur, mar de klup fynt de oanbiedings noch net ynteressant of konkreet genôch, en sil foarearst gewoan yn Ljouwert fuotbaljen bliuwe. Nei alle gedachten sil de kontraktferlinging al op koarte termyn tekene wurde.

Mear nijs op www.debutenpost.nl, of folgje De Bûten Post op facebook en twitter."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)